Adolf Hitler
Adolf Hitler (Braunau am Inn, 20 april 1889 – Berlyn, 30 april 1945) wie de lieder fan de Nasjonaalsosjalistyske Dútske Arbeiderspartij (NSDAP, nazi-partij). Hy waard keazen as kânselier fan Dútslân yn 1933, en waard Führer ('lieder') yn 1934, hy bleau Führer oant syn dea yn 1945.
Bernetiid
Adolf Hitler waard berne yn Eastenryk, as fjirde bern fan de seis. Syn heit, Alois Hitler, (1837-1903), wurke by de dûane. Syn mem, Klara Pölzl, (1860-1907), wie de tredde frou fan Alois. Hja wie ek syn nicht, dat der moast goedkar komme foar it houlik. Fan Alois en Klara harren seis bern, waarden inkeld Adolf en syn suster Paula folwoeksen. De heit fan Hitler hie ek in soan, hy hiet ek Alois, en de dochter, Angela, by syn twadde frou. Syn heit Alois waard ûnwettich berne. Hy hie de earste 39 jier fan syn libben de efternamme fan syn mem, Schicklgruber. Yn 1876 krige er de efternamme fan syn styfheit, Johann Georg Hiedler. De namme waard stavere as Hiedler, Huetler, Huettler en Hitler, de beämte hat de namme wierskynlik feroare nei "Hitler".
Hitler sei dat er as lyts jonkje gisele waard troch syn heit. Jierren letter fertelde er syn siktaresse, "Ik soe nea wer gûle as ús heit my slaan soe. In stikmannich dagen letter hie ik de kâns om dy wil te testen. Us mem wie tige benaud doe’t se by de doar stie en ik súntsjes de klappen mei de stôk tsjin de efterholle telde."[1]
Hitler syn pake wie nei alle gedachten ien fan de bruorren Johann Georg Hiedler of Johann Nepomuk Hiedler. Der waard ek rabbe dat Hitler foar in fearns part Joadsk wie mei't syn beppe, Maria Schicklgruber, swier wurden wie doe ’t se tsjinstboade wie yn in Joadske húshâlding.
De famylje fan Hitler ferhuze faak, fan am Inn nei Passau, Lambach, Leonding, en Linz. De jonge Hitler die it bêst op ‘e basisskoalle. Mar de sechste klasse, it earste jier fan de 'Realschule' yn Linz moast op 'en nij dwaan. Syn dosinten seine dat er net leare woe. Ien fan Hitler syn freontjes wie Ludwig Wittgenstein, in ferneamd filosoof yn de tweintichste iuw. Yn in boek fan Kimberly Cornish wurdt skreaun oer rûzje tusken Hitler en Joadske bern, ek Wittgenstein, dêr’t er faaks wol de anty-semityske hâlding fan krigen hat. [2]
Hitler sei dat er net studearje woe om syn heit, dy woe dat er letter ek by de dûane wurkje soe, mar Hitler woe keunstner wurde. Mar doe’t syn heit stoar yn 1903, die Hitler it net better op skoalle. Doe ’t er 16 jier wie, gie Hitler fan skoalle ôf sûnder diploma.
Wenen en München
Fan 1905 ôf libbe Hitler yn Wenen mei in weesbernpinsjoen en help fan syn mem. Hy hat it twarres besocht, mar hy waard net talitten op de keunstakademy fan Wenen (1907-1908), dêr ’t er tynge fan krige dat er net geskikt wêze soe as keunstner. Se joegen him goerie en besochten it ris mei arsjitektuer. [3] Syn tinkskrift jout in oare nijsgjirrigens wer:
“ | It doel fan de reis wie it bestudearjen fan de fotosamling yn it Rjocht Museum, mar yn myn tinzen lei it museum my sljocht. Fan moarnsier oant jûns let, rûn ik fan it iene nijsgjirrige objekt nei it oare, mar it wiene de bouwurken dêr’t ik ynteresse foar hie. "[4] | ” |
Nei de rekommandaasje fan de skoallerektor, wied er oertsjûge fan wêr’t syn paad hinne liede soe, jit hied er net de krekte akademyske foaroplieding foar de arsjitektuerskoalle:
“ | Nei in stikmannich dagen wist ik dat ik ea arsjitekt wurde soe. Ik wist dat it dreech wurde soe; it koe net sûnder stúdzje en fersleaukje de middelskoalle. It wie net mooglik om op de Akademy foar arsjitektuer talitten te wurden sûnder in technyske foaroplieding, op gymnasium nivo. Ik hie net ien fan dy opliedingen dien. De útfiering fan myn artistike dream like suver ûnmooglik.[5] | ” |
Op 21 desimber, 1907, stoar Hitler syn mem yn de âldens fan 47 jier oan boarstkanker. Lykas it oardiel fan de rjochtbank wie, joech Hitler in part fan syn weesjild oan syn suster Paula. Doe’t er 21 wie, krige er it neilittenskip fan syn muoike. It libben as keunstner yn Wenen foel him ôf, hy tekene postkaarten en ferkocht de skilderings oan hannelers en toeristen.
Nei de twadde ôfwizing by de Keunstakademy, hie Hitler gjin jild mear. Yn 1909 moast er nei in swalkersûnderkommen. Hy sette him yn 1910 ta wenjen yn in hûs foar earme arbeiders.
Hitler sei dat er earst anty-Semitysk wurden wie yn Wenen, dêr’t in grut Joadske mienskip wie, mei ortodokse Joaden út Ruslân wei flechte. Wylst syn âlde skoalfreon, August Kubizek sei, dat Hitler al oertsjûge wie fan it anty-Semitisme doe’t er weigong út Linz. Wenen wie al lang in stêd mei foaroardielen oer it leauwen en 19e iuwsk rasisme. Hitler skreau yn Mein Kampf dat er nei it sjen fan in ortodokse Joad de Joaden fanwege etnisiteit begûn te haatsjen, dêrfoar die er dat inkeld om de religy. Mar Hitler wie doe neffens de berjochten net sa bot dwaande mei anty-Semityske saken. Faak kaam er te jûnsiten by Joaden thús, en Joadske hannelers besochten syn keunstwurken te ferkeapjen. [6]
Hitler kin ek beynfloede wêze troch Maarten Luther syn Oer Joaden en har leagens. Kristallnacht wie op 10 novimber, Luther syn jierdei.
“ | Der wiene in stikmannich Joaden yn Linz. Yn de rin fan de iuwen binne de Joaden dêr Europeesk wurden, se seagen der lyksa út en libben krektas minsken, dat ik beskôge har as Dútsers. Wêrom’t ik sokke nuvere tinzen normaal fûn, is omdat ik tocht dat it iennige wat har oars makke, it leauwen wie. Meidat se troch harren leauwe ferfolge waarden, krige ik it mier oan dat folk. Ik hie nea tocht dat der soks wêze kinne soe as anty-Semitisme.
Doe’t ik ris troch de binnenstêd rûn, seach ik in man yn in grut kaftan mei swart krolle hierlokjes. Myn earste tinzen wienen: Is dat in Joad? Se seagen der yn alle gefallen net sa út yn Linz. Doe’t ik stadichoan nei de man dikere en syn skaaimerken seach, hie ik yn ‘e harsens de fraach: Is dat in Dútser?[7] |
” |
Hitler sei dat de Joaden de fijân wiene fan it Aryske ras. Hy hold harren ferantwurdlik foar de krisis yn Eastenryk. Ek sosjalisten, bolsjewisten, kommunisten en marksisten wiene de fijân fan it Dútske ryk neffens Hitler.
Hitler hie yn de maitiid fan 1913 it lêste guod fan syn heit urven en ferfear nei München. Hy skreau yn Mein Kampf dat hy altyd al de langst hie om him yn in echte Dútske stêd nei wenjen te setten. Yn München hied er niget oan boukeunst krigen. Ferhúzje nei München holp him ek om net yn Eastenryk syn militêre tsjinst te dwaan, mar letter waard er arrestearre troch de plysje. Nei in lichaamlike test (feit is dat er doe 173sm grut wie) en in twadde test, kaam it Eastenrykse regear ta it beslút dat Hitler net gaadlik wie foar de militêre tsjinst en gie hy werom nei München. Mar doe’t Dútslân yn de Earste Wrâldkriich behelle waard, skreau er in brief nei Kening Ludwig III fan Beieren dat er graach yn it Beierske rezjiment woe. Dy oanfraach waard goedkard, en Hitler kaam yn it Beierske hear.[8]
Earste Wrâldkriich
Dútslân wie wakker bliid mei it begjinnen fan de Earste Wrâldkriich, ek Hitler wie optein. Yn de Earste Wrâldkriich waard Hitler net as in held sjoen, mear as in frjemden-ien. Hy waard ordonnâns, dêr’t er yn nuodlike tastannen post bringe moast nei it westlike rinfuorgefront. De earste kear dat er echt mei de kriich te krijen hie, wie by de Earst Slach om Ieper. It die bliken dat er gjin bangeskiter wie, dat hy krige ûnderskiedings dêrfoar. Foar syn dapperens krige er al yn desimber 1914 it Izeren Krús twadde klasse. Yn de maitiid fan 1918 krige er in Rezjimintsdiploma fanwege syn dapperens yn de striid tsjin de fijân, en yn desimber 1918 krige er it Izeren Krús earste klasse, dat mar in lyts tal soldaten krigen hat. Yn 1918 waard Hitler rekke by in gasoanfal. Hy wie trije moannen lang ferbline troch it gifgas. Ek waard er by Mesen ferwûne oan ‘e foarholle troch in skampskot. Om dy groede te ferbergjen hied er it hier der oerhinne mei in skeane blês. De oan fan it westlike front troch Amerikaanske yntervinsje en it ôfmêdzjen fan Dútske reserves, hat Hitler, dy’t yn it sikehûs fan Pasewalk lei, net meimakke; hy tocht dat it front de fijân wol keare koe. Hitler miende dat it ferlies fan de kriich de skuld wie fan de sosjalisten, Joaden, kommunisten en republikeinen (ek wol Novemberverbrecher). Alhoewol’t er it poerbêst dien hat as korporaal waard Hitler nea befoardere. Se wiene fan betinken dat er net in groep liede koe.
1918 – 1933
Hitler sluet him yn 1919 oan by in lytse politike partij, de Dútske Arbeiders Partij. Al rillegau krige er stipe fan de oare partijleden. Twa jierren letter waard er de lieder fan de partij. Hy feroare de namme fan de partij nei Nasjonaal Sosjalistyske Dútske Arbeiders Partij. Letter bekend as de Nazy partij.
Meidat Hitler sa gau safolle stipe krige, woe der yn 1923 de macht yn Beieren oernimme en letter dy fan de Republyk fan Weimar. Winliken wist Hitler wol dat it net safolle opsmite soe, mar hy hie de eangst dat de partijleden faaks nei oare radikalere partijen gean soe, dy’t wol ree wiene foar geweld. De Bierkellerputsch (ek wol; Hitler Putsch of Müncher Putsch) begûn yn in bierhal. Hitler stelde it nije regear foar oan ‘e harkers yn ‘e seal, wylst keppels manlju mei wapens strategyske gebouwen en ynstellings besochten te feroverjen. Ernst Röhm die ek mei oan dy Putsch, mar it plan mislearre en fjirtjin leden fan de partij en fjouwer polysjemannen stoaren. Hitler waard feroardiele en moast foar fiif jier de finzenis yn, dy fan Landsberch. Nei ien jier, op 20 desimber 1924, mocht er der wer út. Yn ‘e finzenis hied er Mein Kampf (Myn striid) skreaun. Yn dat autobiografyske boek skreau er oer syn bernetiid, en syn tiid yn Linz, Wenen en München, hy joech syn ideëen en tinzen stal, en skreau oer syn plannen foar de takomst.
Tredde Ryk
Op 30 jannewaris 1933 waard Hitler as rykskânselier beneamd fan de Republyk fan Weimar, troch rykspresidint Paul von Hindenburg. Paul von Hindenburg woe leaver net mei Hitler gearwurkje, mar nei drege petearen mei machtige lju moast er wol. Yn dy tiid kocht Hitler 'Haus Wachenfeld', wat letter de Berghof neamd wurde soe. Paul von Hindeburg stoar op 2 augustus 1934. Hitler oppenearre him as baas fan it Dútske Ryk en mei it goedkarren fan in nije wet waard Hitler diktator fan Dútslân as Führer und Reichskanzler.
Twadde Wrâldkriich
Hitler sette yn 1939 útein mei de Twadde Wrâldkriich en begûn mei de ynvaazje fan Poalen. It Dútske leger ferovere sawat hiel Eeropa. Yn de kriich stoaren 6 miljoen Joaden yn Dútske konsintraasjekampen.
Yn 1944 wie in groep offisieren it net iens mei it bewâld fan Hitler en syn kranksinnige belied. Dy groep mei Claus von Stauffenberg as lieder besocht op 20 july 1944 om Hitler te fermoardzjen, mar dy oanslach mislearre.
Oan de ein fan de kriich wiene hieltyd mear offisieren tsjin Hitler, de measte Führerbefehlen waarden net mear útfierd. Op 20 april 1945 hie Hitler syn 56e jierdei, dat soe ek syn lêste jierdei wurde. Doe siet er al yn in bunker yn Berlyn, dêr’t er oant syn dea ta bliuwe soe. Tsien dagen letter die Hitler himsels tekoart. Nei alle tinzen die er dat mei gif en skeat him en syn frou Eva Braun troch de holle. Acht dagen letter, op 8 maaie 1945, joech Dútslân belies.
Hitler yn fiksje
Film:
- Charlie Chaplin : The Great Dictator, 1940
- Oliver Hirschbiegel: Der Untergang, 2004
Roman:
- George Orwell: Animal Farm, 1945. Mr. Frederick stelt Hilter foar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Hitler-famylje
- Eastenryksk soldaat
- Eastenryksk polityk skriuwer
- Eastenryksk politikus
- Eastenryksk revolúsjonêr
- Eastenryksk faksist
- Eastenryksk keunstskilder
- Eastenryksk krimineel
- Dútsk soldaat
- Dútsk militêr yn de Earste Wrâldkriich
- Dútsk polityk skriuwer
- Dútsk politikus
- Lid fan de NSDAP
- Politikus yn de Twadde Wrâldkriich
- Dútsk parlemintslid
- Rykskânselier fan Dútslân
- Presidint fan Dútslân
- Diktator
- Dútsk revolúsjonêr
- Dútsk faksist
- Dútsk keunstskilder
- Dútsk krimineel
- Persoan feroardiele foar lânferrie
- Dútsk misdieslachtoffer
- Persoan dy't in moardoanslach oerlibbe hat
- Persoan yn de Spaanske Boargeroarloch
- Selsmoarddogger
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Dielnimmer oan de Porajmos
- Dútsk persoan fan Eastenryksk komôf
- Nazy-Dútslân
- Antysemitisme
- Persoan berne yn 1889
- Persoan stoarn yn 1945