Springe nei ynhâld

Ar-Riaad

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 nov 2009 om 21.03 troch MelancholieBot (oerlis | bydragen) (Bot - derby: yo:Riyadh)
Strjitte nei Mekka by Jebel Tuwaiq by Riad

Riyadh (Arabysk: الرياض‎ ar-Riyāḍ) is de haadstêd fan Saûdi-Araabje. It is in part fan de Ar Riyad Provinsje, dêr't it de haadstêd fan is, yn de Najd regio. It leit yn it sintrum fan de Arabyske skiereilân op in grut plato en hat likernôch 4.260.000 ynwenners, likernôch 20% fan de befolking fan it lân.

Toerisme

Der binne net safolle besitersplakken yn Riyadh, mar neikommende binne nijsgjirrich:

  • Masmak Kastiel, in fort yn Riyadh ferneamd troch Kening Abdulaziz Al Saud's moedige oanfal op it fort yn 1902.
  • King Fahd Kultureel Sintrum, lokalisearre bûten de stêd. It kultureel sintrum hat in planetarium, museum, bibleteek, en trije teaters.