Springe nei ynhâld

Japan: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
red
L Bewurkings fan "Mgta5" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Tulp8".
Lebel: Weromdraaiïng
 
(9 tuskenferzjes fan 6 meidoggers net werjûn)
Rigel 1: Rigel 1:
{{Lântabel|
{{Lântabel|
eigennamme = Nippon |
eigennamme = Nippon<br />Nippon-koku |
namme = Japan |
namme = Japan |
flagge = Flag of Japan.svg |
flagge = Flag of Japan.svg |
wapen = Imperial Seal of Japan.svg |
wapen = Imperial Seal of Japan.svg |
lokaasje = Japan-location-cia.gif |
lokaasje = Japan-location-cia.png |
motto = |
motto = |
folksliet = Kimi Ga Yo |
folksliet = Kimi Ga Yo |
Rigel 20: Rigel 20:
tillefoan = 81 |
tillefoan = 81 |
}}
}}
'''Japan''', sûnt [[1947]] offisjeel de '''Steat Japan''', is in lân yn [[Aazje|East-Aazje]]. De haadstêd is [[Tokio]] en de [[keizer]] fan de parlemintêre monargy is sûnt [[1990]] [[Akihito]]. It lân wurdt ek wolris "it lân fan 'e opkommende sinne" neamd en is ferneamd om û.o. syn [[auto]]'s en de [[Pokémon]][[raazje]].
'''Japan''', sûnt [[1947]] offisjeel de '''Steat Japan''', is in lân yn [[Aazje|East-Aazje]]. De haadstêd is [[Tokio]] en de [[keizer]] fan de parlemintêre monargy is sûnt [[2019]] [[Naruhito]]. It lân wurdt ek wolris "it lân fan 'e opkommende sinne" neamd en is ferneamd om û.o. syn [[auto]]'s en de [[Pokémon]][[raazje]].


== Geografy ==
== Geografy ==
Rigel 50: Rigel 50:


== Befolking ==
== Befolking ==
Yn 2008 wennen der 127.288.416 minsken yn Japan. De befolkingstichtens is 337 ynwenners/km² (CIA World Factbook- webside july 2005). Mindertallen binne de [[Ainû]], [[Koreanen]] (sa'n 650.000) en [[Sinesen]]. In groep remigranten út Brazylje wurdt ek as mindertal sjoen. Gastarbeiders komme fan de Filipinen, Yndia of oare Súdeast-Aziatyske lannen. Sa'n 80% fan de befolking is én [[Boedisme|boeddhist]] én [[Sjintoisme|sjintoïst]]. De trochsnee libbensferwachting is 82,5 jier, dat is nei [[Andorra]] de heechste libbensferwachting op de wrâld. 90% fan de befolking rekkenet him ta de middenstân.
Yn 2008 wennen der 127.288.416 minsken yn Japan. De befolkingstichtens is 337 ynwenners/km² (CIA World Factbook- webside july 2005). Mindertallen binne de [[Ainû (folk)|Ainû]], [[Koreanen]] (sa'n 650.000) en [[Sinesen]]. In groep remigranten út Brazylje wurdt ek as mindertal sjoen. Gastarbeiders komme fan de Filipinen, Yndia of oare Súdeast-Aziatyske lannen. Sa'n 80% fan de befolking is én [[Boedisme|boeddhist]] én [[Sjintoisme|sjintoïst]]. De trochsnee libbensferwachting is 82,5 jier, dat is nei [[Andorra]] de heechste libbensferwachting op de wrâld. 90% fan de befolking rekkenet him ta de middenstân.


[[Kategory:Japan| ]]
[[Kategory:Japan| ]]
Rigel 57: Rigel 57:
[[Kategory:Keizerryk]]
[[Kategory:Keizerryk]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 710]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 710]]
[[Kategory:Beskaving]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 11 sep 2024 om 18.33

Nippon
Nippon-koku
Flagge fan Japan Wapen fan Japan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Japan
Offisjele taal Japansk
Haadstêd Tokio
Steatsfoarm Keizerryk
Gebiet
% wetter
377.835 km²
0,8­%
Ynwenners (2010) 128.056.026 (337,1/km2)
Munt Yen (JPY)
Tiidsône UTC +9
Nasjonale feestdei -
Lânkoade JPN
Ynternet .jp
Tillefoan 81

Japan, sûnt 1947 offisjeel de Steat Japan, is in lân yn East-Aazje. De haadstêd is Tokio en de keizer fan de parlemintêre monargy is sûnt 2019 Naruhito. It lân wurdt ek wolris "it lân fan 'e opkommende sinne" neamd en is ferneamd om û.o. syn auto's en de Pokémonraazje.

Japan hat fjouwer grutte eilannen (Honsjû, Hokkaido, Kjûsjû en Sjikokû) en likernôch fiifhûndert lytsere.

De grutte en lytse eilannen haw in bercheftich fulkanysk lânskip, wêrfan't 67 persint mei bosk begroeit is. It noarden hat in matich klimaat, yn it suden is it subtropysk. Yn 'e moessontiid falt yn it súdeasten mear rein. Neist tyfoanen binne grûnskoddings en fulkaanútbarstings in bedriging foar it lân. Yn 'e stêdekloft fan Tokio wenje likernôch 35 miljoen minsken.

Japan wurdt begrinzge troch:

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Japan.

Al yn de 6e iuw f.Kr. hie Japan neffens de leginden in keizer. Keizer Ojin, dy't om 400 libbe hat, is de earste keizer dêr't gegevens oer bekend binne. It hie de keizer fan ferskillende lytsere lantsjes west. Nei in steatsgreep yn 645 folgje de Taika-herfoarmings, wêrtroch Japan in steatsbestel neffens Sineesk foarbyld krijt. It Boedisme is dan al it belangryskte leauwen yn Japan. Nei de delgong fan de keizermacht yn de 12e iuw krijt de Adel de macht. De Shogun wurdt yn 1192 de machtichste man fan it lân. Yn de sechtjinde iuw kamen de earste Europeanen yn Japan. De Europeanen brochten it Kristendom mei har mei. De kerstening fan de Japanners wie foar de misjonarissen in boppeslach. Neffens dy misjonarissen moasten der yn 1587 al 300.000 Japanners bekeard wêze ta it Kristendom. De misjonarissen waarden troch de Japanske hearskers as in bedriging sjoen. Yn 1642 slút Japan him hielendal fan de bûtenwrâld ôf. Japanners mochten harren lân net ferlitte, en mar in pear Aziatyske en Nederlânske keaplju mochten hannelje mei Sina. De Amerikaanske float twong de Japanners yn 1854, 200 neidat Japan him fan de bûtenwrâld ôfsletten hie, om it lân te modernisearjen. Dat late yn Japan ta erchtinken oer de westerske lannen. Yn it lân sels wie der grutte ûnrêst en yn 1867 griep in revolusjonêre groep de macht. De Shogun waard yn in lytse boargerkriich ferslein en de keizer krige syn macht werom. De nije oarde woe soe hurd mooglik modernisearje, om wjerstân te bieden tsjin westerske lannen. It keizerlik hôf kaam yn Tokio. Der kamen al gau ekonomyske en sosjale herfoarmings. Yn 1893 krige Japan de Gregoariaanske kalinder. Yn 1899 waard neffens Dútsk foarbyld in grûnwet skreaun.

Mei help fan Ingelsen, Frânsen en Dútsers waard in modern leger opboud. Japan wûn de kriich tsjin Sina (1894-1895) en Ruslân (1904-1905). Dêrby waarden Korea en Taiwan ferovere. Yn de tweintiger en tritiger jierren fan de tweintichste iuw gong it net sa goed mei de ekonomy. Nasjonalisten kamen oan it bewâld en hienen grûnstoffen nedich dy't se yn Japan net hienen. Yn 1931 feroveret Japan de Sineenske regio Mantsjoerije. It waard in fazalsteat fan Japan en krige de namme Mantsjoekwo. Yn 1937 falt Japan Sina oan en feroveret Peking noch yn datselde jier. Dat is it begjin fan de Twadde Sineesk-Japanske Kriich (1937-1945). Yn 1938 foel Japan in gebiet binnen dat al troch de Sowjetuny kleemd wie, de Sowjets stjoerden in leger en de Japanners waarden ferslein. In jier dêrnei wie der wer in militêr konflikt tusken beide lannen. Diskear teach in Mongoalske kavalery ienheid troch in gebiet dat troch de Sowjetuny en Japan kleemd waard. Der Mongoalske kavalery woe syn hynders yn it gebiet weidzje litte. De Japanske leger reage de Mongoalske kavalary fuort. In dei letter kaam it Mongoalske folksleger manmachtich werom, en luts diskear net werom. Yn dizze fûle slach besleat Josef Stalin om it Mongoalske folksleger te helpen. Yn it westen wie de driging fan in Dútske ynfaazje yn Poalen, en Stalin woe foar syn oerlis mei Hitler in foarbyld jaan. It Japanske leger waard troch de Russen ferslein en tekene de neutraliteits-oerienkomst mei de Sowjetuny.

It Japanske Keizerryk yn de Twadde Wrâldkriich op syn grutst.

Yn septimber 1940 tekenen Japan, Nazi-Dútslân en Itaalje in ferdrach om inoar te helpen by in mooglik oanfal. Vichy-Frankryk waard troch Japan en Nazi-Dútslân twongen om Yndo-Sina ôf te stean. Op 7 desimber 1941 falt Japan de Amerikaanske marinehaven Pear Harbor oan. Doe begûn de Twadde Wrâldkriich foar de Feriene Steaten. Mei fûle faasje feroverje de Japanners grutte dielen fan Súdeast-Azië. Birma, de Filipinen, Yndoneezje, Singapore, Hongkong, Maleizje en in stikmannich eilannen yn de Pasifyske Oseaan waarden troch Japan ferovere. Yn 1944 waard de Feriene Steaten sterker yn it Pasifyske gebiet. Dochs wie der fûl ferset fan de Japanners. Yn 1945 foel de Sowjetuny Japan oan. Mei de atoombommen op Hiroshima en Nagasaky, respektivelik 6 en 9 augustus, joech Japan him sûnder betingst oer. Yn it tiidrek 1945-1951 waard Japan troch de alliearden (Amerikaanske troepen) beset. Yn 1947 krige Japan in nije grûnwet. Mei it Fredesferdrach fan San Francisco fan 1951 besloech it nije Japanske grûngebiet fjouwer grutte eilannen Honsjû, Hokkaido, Kjûsjû en Sjikokû. Yn 1951/52 kaam der in ein oan de besettingsmacht yn Japan. De alliearden woenen Japan as kapitalistyske bûnsmaat hâlde tsjin de kommunistyske Sina, Noard-Korea en de Sowjetuny. Lykwols bleau Japan nei de Twadde Wrâldkriich by elts konflikt passyf.

BYP per persoan is $33.500 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1,4% lânbou, 26,5% yndustry en 72% tsjinsten.

Yn 2008 wennen der 127.288.416 minsken yn Japan. De befolkingstichtens is 337 ynwenners/km² (CIA World Factbook- webside july 2005). Mindertallen binne de Ainû, Koreanen (sa'n 650.000) en Sinesen. In groep remigranten út Brazylje wurdt ek as mindertal sjoen. Gastarbeiders komme fan de Filipinen, Yndia of oare Súdeast-Aziatyske lannen. Sa'n 80% fan de befolking is én boeddhist én sjintoïst. De trochsnee libbensferwachting is 82,5 jier, dat is nei Andorra de heechste libbensferwachting op de wrâld. 90% fan de befolking rekkenet him ta de middenstân.