Springe nei ynhâld

Bûdapest

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boedapest)
Bûdapest
Bestjoer
Lân Hongarije
Provinsje Haadstêd Bûdapest
Sifers
Ynwennertal 1,721,556 (2010)
Oerflak 525,16 km²
Befolkingsticht. 3.241,5 / km²
Stêdekloft 3.271.110
Hichte m
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Koördinaten
Offisjele webside
(in) (dú) Webstee Bûdapest

Bûdapest of Boedapest (Hongaarsk: Budapest) is de haadstêd fan Hongarije. Yn de stêd wennet likernôch in fiifde part fan alle ynwenners fan it lân. De stêd leit op beide iggen fan de rivier de Donau, en is in gearfoeging, út 1873, fan Bûda en Ald Bûda op de rjochter igge, en Pest op de lofterigge.

De stêd spilet in dominante rol yn it lân op ûngefear alle mêden (bestjoer, hannel, yndustry, ferkear, kultuer). Bûtendat is de stêd it wichtichste ferkearsknooppunt en (hieltiten mear) it kulturele hert fan Sintraal-Jeropa.

De iggen fan de Donau waarden eartiids al troch de Kelten bewenne. De Romeinen bouden op it plak fan it hjoeddeiske stêdsdiel Óbuda in legerkamp Aquincum dêr't letter in boargerlike delsetting ûntstie. Op it hichtepunt fan de Romeinske tiid herberge de stêd 30.000 ynwenners en wie haadplak fan de Romeinske provinsje Pannoonje. Under de Grutte Folkeferfarren yn de 5e iuw rekke de stêd yn ferfal en lutsen de oarspronklike bewenners fuort. Neikommers kamen, Slavyske stammen en út dy tiid stammet nei alle gedachten de namme Bûda ('lyts hûs','hut') foar it diel oan de rjochter igge en Pest ('hol') foar de oare igge, miskien troch de protte hollen, dy't har dêr doe yn de heuvels befûn. Iuwen letter yn de 10e iuw ferskynde in oar folk, de Hongaren, dy't by Bûda op in strategyske heuvel yn 1247 in kastiel bouden dat yn 1361 haadstêd fan it keninkryk Hongarije waard.

Yn 1526 makkke de Turken in ein oan it Hongaarske ryk en ferovere de stêd. Fan 1686 ôf wie Bûdapest yn Eastenrykske hannen en kaam ûnder Habsburgsk bewâld, dat oant 1918 oan de macht bliuwe soe. Yn dy tiid makket benammen Pest in mânske groei troch, en op de ein fan de 19e iuw bedroech de befolking om-ende-by 730.000 ynwenners.

Yn de 20e iuw waard de stêd fierder útwreide mei de nije stêdsdielen (Újpest, Kispest, Angyalföld). De Twadde Wrâldkriich wie dramatysk mei de deportaasje en ferneatiging fan de grutte joadske mienskip troch de nazis dy't de stêd yn 1944 besetten. De befrijing troch de Sowjet-Uny wie feitlik in nije besetting mei as djiptepunt it delslaan fan de Hongaarske opstân yn 1956 troch deselde Sowjet-Uny. Dizze foarfallen hawwe alle har spoaren neilitten yn it stêdsbyld. Begjin 80-jierren berikte de befolking fan de stêd har omfang.

Sûnt yn 1989 de nije Republyk Hongarije útroppen waard, is de stêd it toaniel west fan grutte herfoarmingen. De weromkomst fan de frije merkekonomy hat it stêdsbyld tige ferlibjend. De befolkingsgrutte is lykwols fierder ôfnommen.

Demografyske ûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1800 1830 1850 1880 1890 1900 1925 1980 1990 2005
Befolkingsoantal 54.200 102.700 178.000 370.800 491.900 733.400 957.800 2.059.300 2.016.700 1.750.000

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûda leit op de heuveleftige rjochterigge fan de Donau (links op de kaart). Twa fan dy heuvels dominearre: de Burchtheuvel (Várhegy) en de Gellértberch.


Op de Burchtheuvel stean de wichtichste monuminten fan Bûda:

De heuvel is mei in muorre omwâle: de 18de-iuwske Burchtwyk yn de omwâling is goed bewarre bleaun (allinne it súdlike part hat swiere kriichskea late). It útsjocht oer de Donau mei har brêgen en Pest is yn in protte lieten besjongen. Lykwols binne de measte attraksjes en grutte toeristelûkers fan Bûdapest minder âld as se derút sjogge: sawol de Mattiastsjerke yn syn hjoeddeiske foarm as it Fisserskbastion binne boud yn de 19e iuw.

Millenniummonumint yn Bûdapest

Oare wichtige nijsgjirrichheden yn Bûda:


Nijsgjirrichheden yn Pest:


Der binne njoggen brêgen oer de Donau yn Bûdapest:

Fotogalerij gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]