Springe nei ynhâld

Boston Celtics

Ut Wikipedy
Boston Celtics
sportteam
bysûnderheden
sport basketbal
lân Feriene Steaten
plak Boston (Massachusetts)
oprjochte 1946
stadion TD Garden
kompetysje NBA
konferinsje Eastern
difyzje Atlantic
bannen mei Maine Red Claws
stastistiken
lânskampioen 17 (1957, 1959, 1960, 1961, 1962, 1963, 1964, 1965, 1966, 1968, 1969, 1974, 1976, 1981, 1984, 1986, 2008)
konferinsjekamp. 21 (1957, 1958, 1959, 1960, 1961, 1962, 1963, 1964, 1965, 1966, 1968, 1969, 1974, 1976, 1981, 1984, 1985, 1986, 1987, 2008, 2010)
difyzjekamp. 22 (1972, 1973, 1974, 1975, 1976, 1980, 1981, 1982, 1984, 1985, 1986, 1987, 1988, 1991, 1992, 2005, 2008, 2009, 2010, 2011, 2012, 2017)
rêchnûmers
   yn ûnbrûk
22 (00, 1, 2, 3, 6, 10, 14, 15, 16, 17, 18, 19, 21, 22, 23, 24, 25, 31, 32, 33, 34, 35)
tenu
kleuren grien      goud      swart      brún      wyt     
offisjele webside
www.nba.com/celtics

De Boston Celtics is in basketbalteam yn de National Basketball Association. De klup komt út Boston, Massachusetts. Se binne 17 kear kampioen wurden yn de NBA, in rekôr. De Celtics spylje har thúswedstriden yn de TD Garden.

De Boston Celtics waarden oprjochte yn 1946 en hearden by de earste acht teams yn de NBA. Nei in pear drege jierren yn it begjin, waard de yntusken legindaryske Red Auerbach de coach fan de Celtics.

Earste hegemony

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1957 en 1969 dominearren de Celtics fan Auerbach de NBA. Fan '59 oant '66 wûnen de Celtics acht titels op rige, wêrby't se ferskate kearen fan de grutte rivaal wûnen: de Los Angeles Lakers. Uteinlik pakten de Celtics alve titels tusken 1957 en 1969. Yn dy hiele perioade spile Bill Russell by de klup. Hy hat dus ek alve titels as spiler en dat is in rekôr. Oare wichtige spilers foar de Celtics wiene doe Bob Cousy, K.C. Jones en Sam Jones.

Nei it seizoen 1969/1970 hold Russell op en dêrmei einige ek de hegemony fan de Celtics.

Werom oan de top

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dochs duorre it net lang foar't de Celtics wer meidiene om de NBA-titel. Mei ûnder oare Dave Cowens en John Havlicek wie Boston gau werom yn de play-offs. Sa dominant as yn de jierren 60 wie de ploech in desennium letter net, mar Celtics waard wol twa kear kampioen. Havlicek waard de spiler dy't yn syn karriêre de measte punten punten makke hat foar de Celtics. Hy naam ôfskied yn 1978.

Dêrnei kamen de jierren 80 en dy stiene yn it ramt fan de rivaliteit tusken de Celtics en de Lakers. Fan 1980 oant en mei 1988 pakten de twa rivalen acht fan de njoggen titels, al stiene se 'mar' trije kear tsjinoerinoar yn de finale. By de Celtics wie Larry Bird de tige populêre topspiler dy't de klup werombrocht oan de top. Hy waard yn 1984, '85 en '86 útroppen ta bêste spiler yn de NBA. Mei oare superstjerren as Robert Parish en Kevin McHale wûnen de Celtics trije titels yn it desennium.

"Big Three" pakke 17e titel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrnei moasten de fans fan de Celtics lang wachtsje op in nij kampioenskip. Mar foar it seizoen 2007/2008 kamen Kevin Garnett en Ray Allen by de Celtics. Sy foarmen mei Paul Pierce, dy't der al siet, de "Big Three". Yn it earste seizoen waarden se direkt kampioen, 22 jier nei de lêste titel. Opnij dienen se dat troch yn de finalerige te winnen fan de Lakers: 4-2. It wie de 17e en oant no ta de lêste titel foar de Celtics. Twa jier letter hellen de Celtics noch wol in kear de finale. De titel gie doe lykwols nei de Lakers.

Yn 2012 wie it dien mei de 'grutte trije', want Ray Allen ferhuze nei Miami Heat, dat yn dy perioade mei stjerren as LeBron James en Dwyane Wade in grutte rivaal wie fan de Celtics.

In jier nei't Allen fuortgie, naam Boston ek ôfskied fan Pierce en Garnett. Doe begûn wer in minder suksefolle perioade, mar stadichoan bouden de Celtics wer oan in team dat meidwaan koe om de titel. Yn 2018 wiene de Celtics mei coach Brad Stevens tichteby de NBA-finale, mar yn de finale fan de Eastern Conference wiene de Cleveland Cavaliers, dêr't LeBron James yntusken spile, te sterk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It logo op 'e flier yn de TD Garden