Springe nei ynhâld

Balthasar Gerards

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Balthasar Gerards

Balthasar Gerards, berne as Balthasar Gérard (Vuillafans, sa'n 1557 - Delft, 14 july 1584), wie de moardner fan prins Willem fan Oranje. Hy skeat twa kear mei in pear pistoalen en waard dêrnei berjochte, feroardiele en eksekutearre.

Gérard waard berne yn Franche-Comté (dat doe by it Hillige Roomske Ryk hearde en dêrnei oan Frankryk). Hy kaam út in roomsk-katolike hûshâlding mei 11 bern en wie in grut bewûnderer fan Filips II, kening fan Spanje en de Nederlannen. Hy studearre rjochten oan de universiteit fan Dole. Op 15 maart 1580 hie kening Filips in beleanning fan 25.000 kroanen, adelstân en in erflik fermogen útloofd oan elkenien dy't Willem de Swijer deadzje of finzen nimme soe, dy't er yn syn dekreet in "pleach foar it hiele kristendom en de fijân fan it minsklik geslacht" neamde.

  • P.P. de Baar [e.a.] (1984), Balthasar G., Syndikaat (Amsterdam) ISBN 9789067190022
  • N. Bosma (1983), Balthazar Gerards, Moordenaar en martelaar, Rodopi (Amsterdam) ISBN 9789062036356