Bel en de Draak
Bel en de Draak | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | באל ודרקון ("Bel u-Draqun") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ? | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Apokrife taheakken oan it A.T. | |
● foarich diel | Suzanne | |
● folgjend diel | gjint (is lêste taheakke) | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Bel en de Draak | |
publikaasje | 1978, Haarlim/Bokstel | |
útjouwer | NBG & KBS | |
oersetter | pater S. Galama ofm | |
ISBN oers. | 9 06 12 60 817 |
Bel en de Draak, yn it Hebriuwsk: באל ודרקון, Bel u-Draqun, is in apokrife Gryksktalige tafoeging oan Daniël, in boek fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach en yn it Alde Testamint fan 'e Bibel sa't dat yn gebrûk is ûnder de protestantske denominaasjes is allinnich de tekst fan Daniël werjûn neffens it Hebriuwsktalige orizjineel, dus sûnder Bel en de Draak of de oare Taheakken op it Boek Daniël (Azarja en Suzanne). De Anglikaanske Tsjerke lit Bel en de Draak ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, heart Bel en de Draak wol ta de kanon en foarmet it gewoan haadstik 14 fan it boek Daniël (nei Suzanne, dat dêr haadstik 13 is). En yn 'e eastersk-otterdokse tsjerken, dy't de gearstalling fan 'e Septuaginta, de iere Grykske bibeloersetting, oanhâlde, is dat krekt-en-gelyk. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, dêr't Daniël mar tolve haadstikken hat, wurdt Bel en de Draak mei de oare beide tafoegings oan Daniël fermeld by de apokrife boeken as in taheakke by it Alde Testamint.
Bel en de Draak is opboud út trije ûnderskate ferhalen, twa dêr't Daniël de ôfgoadetsjinst fan 'e Babyloaniërs bestriidt en in trêden wêryn't er yn 'e liuwekûle smiten wurdt, en rêden wurdt mei help fan 'e profeet Habakuk. De tekst is inkeld oerlevere yn it Gryksk, en wol yn twa ferzjes. De iene, dy't yn it lytste part fan 'e bewarre bleaune manuskripten fêstlein is, en dy't somtiden de "Aldgrykske" ferzje neamd wurdt, liket de fariant te wêzen dy't oarspronklik yn 'e Septuaginta stie. Dizze wie lykwols sa ûnbefredigjend, dat de iere tsjerke derfoar keas om yn it stee derfan de ferzje fan 'e hellenistyske joadske skriftlearde Téodotus († ±200) yn 'e lettere hanskriften fan 'e Septuaginta op te nimmen. Wannear't Bel en de Draak krekt ûntstien is en oft der oarspronklik in Hebriuwske of Arameeske ferzje fan bestien hat, is noch altiten ûndúdlik.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bel (fers 1-22)
Yn it ferhaal fan Bel wurdt de heidenske godstsjinst fan 'e Babyloaniërs mei de gek beslein. As Daniël wegeret te leauwen dat de god Bel alle offerjeften dy't eltse dei oan him brocht wurde, ek wier-wier opyt, wurdt kening Syrus (Syrus de Grutte) alhiel breinroer, en easket er dat de santich preesters fan Bel bewize dat de god docht wat se sizze dat er docht. Dat, de timpel mei de offerjeften deryn wurdt foar de nacht hermetysk ôfsletten; mar as hja allinnich binne, bestruit Daniël yn it bywêzen fan 'e kening de timpelflier mei jiske. De oare moarns binne de offerjeften fuort, mar yn 'e jiske binne dúdlik fuotprinten te sjen. As hja dêroer ûnderstien wurde, jouwe de preesters ta dat hja in geheime tagong ta de timpel hawwe, en dat sysels dy nachts alle offerjeften opiten hawwe. Dêrop wurde de santich preesters mei harren froulju en bern deamakke, wylst Daniël it byld fan Bel oan gruzeleminten slaan mei.
- De Draak (fers 23-27)
Yn it koarte teltsje fan 'e Draak is it net in god, mar in bist, dat fereare wurdt troch de Babyloaniërs. It is in grutte draak, dy't Daniël lykwols deadet troch him in giftich miel op te fuorjen dat er iepenbarst en stjert. (Der bestiet in Grykske leginde oer Aleksander de Grutte fan deselde strekking, allinnich dêr wurdt de rol fan Daniël ynnommen troch Aleksander. Beide ferhalen geane nei gedachten werom op in Mesopotamyske myte wêryn't de god Mardûk de goadinne Tiamat iepenbarste lit troch syn behearsking fan 'e wyn.)
- De Liuwekûle (fers 28-42)
De Babyloaniërs binne alhiel op ien ein oer Daniël syn hillichskeining, dat harren foaroanmannen twinge de kening en smyt Daniël yn 'e liuwekûle. Mar troch yngripen fan God dogge de sân liuwen Daniël neat en kriget er iten en drinken troch de wûnderlike transportaasje fan 'e profeet Habakuk út it fiere Judeä wei nei de liuwekûle. De sânde deis komt de kening by de kûle om Daniël te beskriemen, mar dan docht bliken dat er noch altiten libben en wol is, dat hy wurdt der út helle en de foaroanmannen fan 'e Babyloaniërs wurde yn syn stee deryn smiten en daliks opfretten fan 'e úthongere liuwen.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel útjûn waard, is Bel en de Draak yndield ûnder de apokrife of deuterokanonike boeken, by de Taheakken op it Boek Daniël, yn 'e mande mei Azarja en Suzanne. Dizze oersetting fan Bel en de Draak waard makke troch pater dr. S. Galama ofm, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|