Galen Erso
Galen Erso personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | wittenskipper | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Jyn Erso Orson Krennic Saw Gerrera | |
geastlike heit | John Knoll | |
ûntstean | 2016 |
Galen Erso (Ingelske útspr.: [ˈɡeːlən ˈɜɹsoʊ], likernôch: "gee-lun ur-soo") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2016 yntrodusearre yn 'e roman Catalyst, fan James Luceno, mar hy waard it bekendst út 'e film Rogue One: A Star Wars Story, dy't letter datselde jiers útkaam. De geastlike heit fan it personaazje wie special effects-technikus John Knoll, dy't al yn 2003 de plot fan Rogue One betocht. Galen Erso is in liedend wittenskipper fan it wapenprogramma fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. Hy wurdt twongen mei te wurkjen oan 'e ûntwikkeling fan 'e Deadsstjer, in massaferneatigingswapen sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin, mar ûnderminet it Keizerryk troch dêryn mei opsetsin in swak plak yn te bouwen. De rol fan Galen waard yn 'e film spile troch de Deenske akteur Mads Mikkelsen.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Galen Erso wurdt yntrodusearre yn 'e prequelroman Catalyst: A Rogue One Novel fan James Luceno, dy't yn novimber 2016 útkaam. Dêryn wurde Galen, syn frou Lyra en syn dochterke Jyn rêden troch syn âlde freon Orson Krennic, in luitenant 1e klasse yn 'e striidkrêften fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, as hja yn 'e gaos dy't mank giet mei de steatsgreep fan kânselier Palpatine fermoarde driigje te wurden. Neitiid freget en kriget Krennic de help fan Galen by de ûntjouwing fan technology om 'e enerzjy te brûken dy't opslein leit yn 'kyberkristallen'.
De resultaten fan it wurk fan 'e geniale Galen soene sabeare ynset wurde foar ûnbaatsuchtige doelen, mar eins hawwe Krennic-en-dy der ferlet fan foar de ûntwikkeling fan it superlaserkanon fan 'e Deadsstjer, it nije massaferneatigingswapen anneks romtestasjon fan 'e boasaardige keizer Palpatine, dat sa krêftich wurde moat dat hiele planeten mei ien skot ferdylge wurde kinne. Galen en Lyra krije der lang om let aan fan dat se bedragen wurde, en begjinne plannen te meitsjen om harren húshâlding te befrijen fan 'e ynfloed fan Krennic-en-dy troch út te piken en ûnder te dûken.
Yn Rogue One
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story, dy't yn desimber 2016 yn premiêre gie, waard de rol fan Galen Erso spile troch de Deenske akteur Mads Mikkelsen. It ferhaal begjint mei in prolooch op 'e planeet Lah'mu, dêr't Galen mei syn frou Lyra en harren no achtjierrige dochterke Jyn ûnderdûkt is. Orson Krennic is him lykwols op it spoar kommen, en by in konfrontaasje mei him en syn trewanten komt Lyra om, wylst Galen finzen nommen wurdt. Jyn ûntkomt en wurdt letter opfandele troch de ekstremistyske rebel Saw Gerrera, mei wa't har âldelju earder kontakt ûnderholden.
Fyftjin jier letter desertearret de Keizerlike frachtpiloat Bodhi Rook en reizget nei de woastynmoanne Jedha, dêr't er kontakt siket mei Gerrera. Hy seit dat er stjoerd is troch Galen Erso mei in holografysk boadskip fan dyselde. De paranoïde Gerrera leaut dêr neat fan en lit Bodhi finzen sette en ûnderwerpe oan neat te sêftsedige ûnderfregings. Underwilens heart kaptein Cassian Andor, in ynljochtinge-ofsier fan it Rebelleferbûn, fan in ynformant it nijs oer it oerrinnen fan Bodhi en it boadskip dat er by him hawwe soe. Jyn Erso, no 23 jier, wurdt dan troch it Rebelleferbûn befrijd út in Keizerlik wurkkamp, dêr't se ûnder in falske identiteit in finzenisstraf útsit foar ferskate kriminele aktiviteiten.
Jyn wurdt yn it haadkertier fan 'e rebellen op 'e moanne Yavin-IV troch senator Mon Mothma, de polityk liedster fan 'e rebellen, bepraat om it Rebelleferbûn yn kontakt te bringen mei Gerrera. Dêropta sil se belutsen wurde by in misje om har heit te befrijen. Cassian, mei wa't se derop útstjoerd wurdt, kriget lykwols temûk fan generaal Davits Draven befel om Galen ynstee te likwidearjen, mei't de rebellen him as in gefaarlike kollaborateur sjogge. Op Jedha meitsje Jyn en Cassian kontakt mei Gerrera, dy't foar Jyn it boadskip fan har heit ôfspilet.
Galen rjochtet him dêryn streekrjocht tsjin sawol Gerrera as Jyn. Hy fertelt dat er ynstee fan fierdere utering te jaan oan syn opstannigens, de lêste fyftjin jier war dien hat om sa hearrich mooglik te lykjen, om't er besefte dat de Deadsstjer sûnder syn help ek wol makke wurde soe. Ynstee hat er syn posysje no brûkt om it Keizerryk te ûndermynjen troch mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer yn te bouwen. Hy jout Jyn opdracht om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer út it Keizerlik argyfkompeks op 'e planeet Scarif te heljen en dy troch te spyljen oan it Rebelleferbûn. Galen seit ek dat er syn dochter nea fergetten is en noch eltse dei oan har tinkt. Jyn, dy't folslein desyllúzjonearre rekke wie mei it ferset tsjin it Keizerryk, wurdt troch de wurden fan har heit ta de triennen ta roerd en fettet nije moed.
Mei Cassian, de robot K-2SO, de bline monastyske kriger Chirrut Îmwe, de hierling Blaze Malbus en de piloat Bodhi Rook bejout Jyn har neitiid nei de planeet Eadu, dêr't Galen him befynt om't dêr it Enerzjyomsettingslaboratoarium fan it Keizerlik wapenprogramma fêstige is. Om't it holografysk boadskip fan Galen ferlern gien is yn 'e ferwoastging fan Jedha by de test fan 'e Deadsstjer dy't troch grut-moff Tarkin befelle waard, is it neffens Cassian no nammenste wichtiger om Jyn har heit te befrijen, sadat er sels de rebellelieders tasprekke kinne sil. Temûk is er lykwols noch altyd fan doel om Galen te fermoardzjen by de earste gelegenheid dy't him foardocht.
Om't se ûnder de radar op Eadu binnenkomme wolle, fleane se te leech. Se reitsje in útstykjende rotspjuts en moatte by nacht en min waar in needlâning meitsje, dy't se aldergeloks allegear ûnskansearre oerlibje. Se ferlieze dêrtroch lykwols harren kommunikaasje mei de rebellebasis op Yavin-IV, mei as gefolch dat generaal Draven derfan útgiet dat se omkommen binne. Hy stjoert dêrop in squadron X-wjukjagers om 'e fasiliteit op Eadu te bombardearjen. Wylst K-2SO de kommunikaasje-apparatuer reparearret, giet Cassian 'op ferkenning' út. Fan in hichte ôf sjocht er hoe't Galen Erso en de oare wittenskippers Krennic op in lâningsplatfoarm opwachtsje en ûnthelje.
Krennic hat nammentlik einlings begrepen dat de desersje fan Bodhi net op himsels stie, al moast Tarkin him dat foarkôgje. Hy is wisberet om it lek yn syn organisaasje te tichtsjen en driget alle wittenskippers fan it Enerzjyomsettingslaboratoarium troch syn liifwachten ôfslachtsje te litten as de ferrieder him net oppenearret. Uteinlik jout Galen ta dat hy dejinge is dy't ynformaasje oan Bodhi trochspile hat. Dêrop lit Krennic lykwols dochs noch de oare wittenskippers delmeane, foar't er risselwearret om mei Galen ôf te weven.
Underwilens figelearret Jyn út wat Cassian fan doel is. Se ferlit de oare leden fan har selskip en bejout har, om har heit te warskôgjen, troch in djippe kleau by in hege ljedder op nei it lâningsplatfoarm. Cassian kriget ûnderwilens Galen yn it fizier, mar op it lêste momint beslút er syn befel yn 'e wyn te slaan en de man net om te bringen. Hy keart werom nei de oaren en ûntdekt dat Jyn der op eigen manneboet op úttein is. K-2SO hat de kommunikaasje mei Yavin-IV reparearre en Cassian warskôget generaal Draven om 'e oanfal ôf te brekken om't der noch eigen personiel by it doelwyt oanwêzich is, mar de oanfal is al ynset en Draven kin it squadron net mear tsjinkeare. Jyn berikt har heit mominten foar't it bombardemint begjint. Dat makket dat Krennic Galen gewurde lit en útnaait om it eigen libben derôf te rêden. Hoewol't Jyn it bombardemint ûnskansearre oerlibbet, rekket Galen libbensgefaarlik ferwûne, wêrnei't er yn har earms ferstjert.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |