Enfys Nest
Enfys Nest personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minsklik | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | krimineel, rebel | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Han Solo Tobias Beckett Qi'ra | |
geastlike heit | Lawrence Kasdan Jonathan Kasdan | |
ûntstean | 2018 |
Enfys Nest (Ingelske útspr.: [ˈenfɪs ˈnest], likernôch: "en-fis nest") is in fiktyf minsklik personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hja waard yn 2018 yntrodusearre yn Solo: A Star Wars Story. De geastlike heiten fan it personaazje wiene de senarioskriuwers fan dy film, heit en soan Lawrence en Jonathan Kasdan. Enfys Nest is de liedster fan 'e Wolkeriders, in binde 'plonderders', dy't har tsjin it misdiesyndikaat Karmozinen Dage keard hawwe. De rol fan Enfys waard spile troch aktrise Erin Kellyman.
Yn Solo
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018) wurdt Enfys Nest yntrodusearre as de maskere lieder fan 'e Wolkeriders, in binde dy't omskreaun wurdt as in kliber "plonderders". De rivalisearjende binde fan Tobias Beckett, dêr't ek de jonge Han Solo en syn freon, de Wookiee Chewbacca, diel fan útmeitsje, besiket op 'e planeet Vandor in grutte lading coäxium te stellen. Dat is tige djoere brânstof foar romteskippen, dy't op Vandor oer it spoar ferfierd wurdt. Krekt as it derop liket dat de dieverij geunstich ferrinne sil, komme de Wolkeriders opdaagjen, dy't it op deselde lading foarsjoen hawwe. De resultearjende gaos liedt ta de ferneatiging fan it coäxium en de dea fan Beckett syn frou Val, syn piloat Rio en ferskate Wolkeriders.
Mei't Beckett wurket foar Dryden Vos, in heechpleaatst ûnderwrâldfiguer yn it misdiesyndikaat Karmozinen Dage, foar wa't falen ûnakseptabel is, moatte Beckett, Han en Chewbacca wat betinke om it goed te meitsjen. Dat sadwaande geane se der yn gearwurking mei Vos syn assistinte Qi'ra en de gokker Lando Calrissian op út om in lading rou coäxium te stellen út in myn op 'e planeet Kessel. Dat slagget, en nei gâns aventoeren bringe se it rouwe coäxium nei de planeet Savareen om it raffinearje te litten. Dêr komme Enfys en de Wolkeriders harren oer it mad, dy't harren spoar folge hawwe fan Vandor ôf. Efter it masker fan Enfys blykt lykwols in teenagefamke beskûl te gean, dat nei eigen sizzen it masker urven hat fan har mem, in eardere Enfys Nest. Hja bringt út dat de Wolkeriders allegearre ôfkomstich binne fan planeten dy't slim te lijen hân hawwe ûnder it skrikbewâld fan 'e Karmozinen Dage, en dat se eins rebellen binne dy't weromslaan wolle tsjin it misdiesyndikaat en it Galaktysk Keizerryk, dat de opkomst fan it misdiesyndikaat mooglik makke hat. Se hawwe ferlet fan it coäxium om harren opstân mei te finansieren.
Han, dy't sympaty hat foar Enfys-en-dy, beslút om te besykjen Dryden Vos te bedragen en it coäxium oan 'e Wolkeriders ta te spyljen. Beckett fynt dat te riskant, dat hy winsket Han-en-dy it bêste en set ôf. As Han, Qi'ra en Chewbacca letter yn it jacht fan Vos arrivearje, wit dy al ôf fan Han syn plan om it coäxium oan 'e Wolkeriders te jaan en Vos ôf te konfoaien mei in substânsje dy't inkeld op coäxium liket. It docht bliken dat Beckett streekrjocht nei Vos ta gien is om Han te ferrieden. Vos hat sadwaande hast al syn liifwachten stjoerd om Enfys en de Wolkeriders finzen te nimmen en, nei't se it coäxium feilichsteld hawwe, te fermoardzjen. De fetten dy't de Wolkeriders by har hawwe, blike lykwols leech te wêzen, en as it masker fan Enfys ôfgiet, blykt dêrefter in doarpeling fan Savareen beskûl te gean. Han hie nammentlik al rekkene op Beckett syn ferrie, dat hy hat it echte coäxium meinommen nei it jacht fan Vos om him te fluch ôf te wêzen.
De echte Wolkeriders komme de liifwachten fan Vos oer it mad komme en wurde har oermânsk. Nei't hy en Qi'ra mei Vos en Beckett ôfweefd hawwe, jout Han it coäxium oan Enfys, dy't him en Chewbacca freget om har by de rebûlje te jaan. Han betanket foar de ear. By wize fan tank jout Enfys him in lyts fleske coäxium, dat genôch wurdich is om in eigen romteskip te keapjen. Han brûkt dat letter as ynset foar in spultsje sabacc mei Lando, dêr't er it besit fan 'e Millennium Falcon mei wint. Yn 'e ferboeking fan Solo: A Star Wars Story (2018), troch Mur Lafferty, leveret Enfys letter it coäxium ôf, dat se op Savareen bemachtige hat, by de partisanen fan Saw Gerrera, wêrby't se Gerrera sels moetet en syn dan alvejierrige pleechdochter Jyn Erso. (Dy passaazje is lykwols net opnommen yn 'e film.)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |