Ferdrach fan Ribemont
It Ferdrach fan Ribemont fan 880 wie it lêste ferdrach oangeande it ferpartsjen fan it Frankyske Ryk. It wie tekene troch de Eastfrankyske of Dútske kening Loadewyk de Jongere en de Westfrankyske keningen Loadewyk III en Karloman fan Frankryk.
Nei it ferstjerren fan de Westfrankyske kening Karel de Keale hie Loadewyk de Jongere de freonskip mei Karel syn opfolger Loadewyk de Stammerder befêstige mei it Ferdrach fan Foeren yn novimber 878. De twa neven seine inoar ta dat hja de opfolging troch harren soannen respektearje soene. Dat ferdrach kaam ûnder bedriging doe't yn april 879 Loadewyk de Stammerder ferstoar. In ôffurdiging ûnder lieding fan biskop Joaselyn fan Parys, dy't letter ek de beskermer fan de stêd tsjin ynfallen fan de Wytsingen wie, nûge Loadewyk de Jongere út en nim it bestjoer oer West-Frânsje oer. Om't syn frou Luitgard dat idee ek stipe, foel Loadewyk West-Frânsje yn. Hy berikte Ferdun, mar luts werom doe't de soannen fan Loadewyk de Stammerder: Loadewyk III fan Frankryk en Karloman fan Frankryk harren diel fan Midden-Frânsje oan him opjoegen.
Njonkelytsen rôp Bosso fan de Provâns, in ealman besibbe oan de Karolingen, himsels út ta kening fan de Provâns. Ek de Wytsingen setten fannijs út ein mei harren ynfallen. Om dit driigjen boppe te stean, besleaten de Karolingyske keningen harren skeel fansiden te setten en meiïnoar op te arbeidzjen. Hja moeten yn Ribemont, yn it hjoeddeiske departemint Aisne yn it noarden fan Frankryk. Yn ruil foar de neutraliteit fan Loadewyk de Jongere, befêstigen de keningen fan Frankryk dat it part fan Loataringen en Fryslân dat hja sûnt it Ferdrach fan Meerssen yn besit hiene, no fan Loadewyk de Jongere wie en sa koene hja frij optsjen tsjin Bosso.
De grins tusken Frankryk en it Hillige Roomske Ryk is oant yn de Lette Midsiuwen hast nea feroare west.
Eardere Frankyske ferdielings wiene:
- Ferdrach fan Ferdun (843)
- Ferdrach fan Prüm (855)
- Ferdrach fan Meerssen (870)