Springe nei ynhâld

Heveskes

Ut Wikipedy
Heveskes
Heveskes mei op de eftergrûn gemyfabriken
Heveskes mei op de eftergrûn gemyfabriken
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 20 (1971)
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 18' N 6° 57' E
Kaart
Heveskes (Grinslân)
Heveskes

Heveskes wie in doarp yn de provinsje Grinslân yn Nederlân.

It doarp is, in pear gebouwen útsein, yn de jierren 1970 ôfbrutsen om romte te meitsjen foar it yndustryterrein Oosterhorn. It iennichste dat fan it doarp oerbleaun is binne de midsiuwske tsjerke op de wier, in skuorre foar de tsjerke oer en twa pleatsen. It âldste part fan de tsjerke wurdt datearre op it jier 1200. De Stifting Alde Grinslânske Tsjerken is eigener. It oargel út 1888 is oerbrocht nei de tsjerke fan Uitwierde.

Doe't it yndustryterrein oanlein is, binne de fûneminten fan it eardere Heveskeskleaster ûndersocht. De fynst fan in hunebêd hat de archeologen doetiids tige fernuvere. It wie it meast noardlike hunebêd fan Nederlân. It hunebêd is opdold en is no útstalt yn it Aquariom yn Delfsyl.

Yn novimber 2007 kaam Groningen Seaports, de behearder fan ûnder oaren de haven fan Delfsyl, mei it plan it tsjerkje fan Heveskes te ferhúzjen nei Weiwerd. Dat soe technysk kinne om't de tsjerke net op peallen boud is, mar op in balstienliemplaat stiet. De Stifting Alde Grinslânske Tsjerken kearde it plan op om't it om beskerme lânskiplik gebiet giet.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
· · Berjocht bewurkje