Springe nei ynhâld

Fraachpetear

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Interview)

In fraachpetear of ynterview (fan it Ingelske interview) is in petear wêrby't fragen steld en antwurden jûn wurde. Yn 'e regel wurdt dêrmei ferwiisd nei in petear tusken twa persoanen of groepen fan persoanen, wêrby't de iene partij de fragesteller (of ynterviewer) is en de oare partij (de ynterviewde) antwurdet op dy fragen. Troch in fraachpetear wurdt sadwaande ynformaasje oerdroegen fan 'e iene oan 'e oare partij, wat it primêre doel is fan dit soarte fan petear, hoewol't it ek mooglik is dat troch beide partijen ynformaasje oerdroegen wurdt. Dêrby hoecht net ôfwykt te wurde fan it fêste stramyn fan in fraachpetear, mei't de ynterviewer syn eigen ynformaasje-oerdracht oan 'e ynterviewde faak al yn syn fraachstelling ferpakt. In fraachpetear stekt hjirtroch ôf tsjin foarmen fan ienrjochtingskommunikaasje, lykas taspraken.

Yn 'e measte gefallen giet it by fraachpetearen om moetings fan persoan ta persoan, hoewol't der tsjintwurdich troch moderne kommunikaasjetechnologyen ek mooglikheden besteane ta it hâlden fan fraachpetearen fia de tillefoan en, wat almar mear foarkomt, fia it ynternet (Skype, videoconferencingprogramma's, ensfh.). Frijwol altyd giet it by fraachpetearen om mûnlinge kommunikaasje, mar ek dat is tsjintwurdich net altyd mear sa, mei't men no fia it ynternet ek fragen en antwurden hinne en wer type kin. De ynterviewer hat frijwol altyd in manear om 'e antwurden fêst te lizzen, itsij pin en papier, itsij in foarm fan fideo- of audio-opname. Faak giet it by fraachpetearen om foarmen fan sjoernalistyk.

Fierders binne fraachpetearen op te dielen nei struktuer. Guon wurde holden sûnder ienige tarieding foarôf; dêrby witte noch de ynterviewer, noch de ynterviewde wêr't se mei harren petear útkomme sille. Faak hat de ynterviewer lykwols yn 't foar in listke mei fragen opsteld dêr't er antwurd op hawwe wol. Ek komt it foar dat sa'n listke foarôf trochjûn wurdt (of wurde moat) oan 'e ynterviewde, sadat dy by it eigentlike fraachpetear de antwurden al klear hat. Dit lêste komt fral foar by tige machtige politisy of grutte stjerren út 'e filmwrâld of de muzykyndustry, dy't men sa graach ynterviewe wol dat se dêroan betingsten ferbine kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.