Oranjestein
Oranjestein yn It Oranjewâld is in partikuliere bûtenpleats fan sa'n 28 ha yn de bosken by It Hearrenfean.
Oranjestein is de eardere rintmasterswente fan it lângoed It Oranjewâld fan de Fryske Nassaus. De lêste rintmaster, Evert Semler, ferhuze yn 1812 nei It Hearrenfean Yn 1820 waard de wente kocht troch de keapman Pieter Cats ( 1763 - 1832). Dizze rike keapman út Ljouwert liet it hûs yn 1821-1822 yngripend ferbouwe. Al rillegau waard by it hûs in lânskipspark oanlein troch de túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851). Roodbaard yntrodusearre yn Nederlân in nije styl fan parkoanlis. Hy bruts mei de tradysje fan de oanlis fan rjochtlinige, matematysk konstruearre tunen. De tunen en parken fan Roodbaard wurde skaaimerke troch it brûken fan slingerpaden en nierfoarmige fivers yn in aksidintearre terrein. De skoansoan fan Pieter Cats, Johannes Bieruma Oosting, dy syn soan Jan en pakesizzer Johan wreiden it park fierder út. Ek de wente waard in pear kear yngripend ferboud. De famylje Cats, dy't ek eigener wie fan it Steedhâlderlik Hof yn Ljouwert brûkte Oranjestein oant 1854 as simmerferbliuw.
Dêrnei wie der wer in grutte ferbouwing en de famylje Oosting kaam op Oranjestein te wenjen. Ien fan harren, Johannes Bieruma Oosting moat net in nofliken-ien west hawwe. Yn 1881 ûntstie der spul mei koetsier Rients Agema. Neidat Agema troch Oosting mishannele wie frege de koetsier om ûntslach en syn jild. Der ûntstie spul oer dy't einige yn sjitterij. De saak kaam foar it gerjocht (sjoch ek: Agema-saak), mar sa't wol faker barde yn dy tiid waard de saak net goed ûndersocht en de ûndergeskikte waard ta in heal jier sel feroardiele. Dy útspraak joech in soad lilkens en der waard jild ynsamle foar in heger berop. Abbekaat Samuel Katz krige doe frijspraak klear. As dank krige dy doe in sulveren skaal mei ynskripsje: gedichten fan Oebele Stellingwerf en Waling Dykstra. Dizze skaal is te sjen yn it Frysk Museum. De lêste Bieruma Oosting dy't Oranjestein bewenne wie Gerrit en Agatha, dy't yn it eartoan ek wolris prins Hindrik op besite krigen.
Ek yn 2007 is der wer in grutte renovaasje fan de wente. De hjoeddeiske eigener de familie De Beaufort-Van Sminia bewennet it lângoed yn de simmermoannen. Se stelle de tún simmerdeis faak in perioade iepen foar publyk.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rita L.P. Mulder-Radetzky en Barteld H. de Vries - Geschiedenis van Oranjewoud, (Alphen aan den Rijn, 1999)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |