Springe nei ynhâld

Luminara Unduli

Ut Wikipedy
Luminara Unduli
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje Mirialaanse
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mace Windu
Yoda
Aayla Secura
Shaak Ti
Plo Koon
geastlike heit George Lucas
ûntstean 2002

Luminara Unduli (útspr.: [lumiˈnaːɹɑ unˈduli], likernôch: "lû-mi-naa-ra ûn--ly") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Sy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Mirialanen. Luminara Unduli waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), wêryn't har rol spile waard troch Mary Oyaya. Yn it it ferfolch Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) waard de rol oernommen troch Fay David. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Clone Wars (2003-2005) waard de dialooch fan it personaazje ynsprutsen troch stimaktrise Cree Summer, en yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) troch Olivia d'Abo, dy't ek in stimcameo yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) foar har rekken naam.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Luminara Unduli wurdt berne as in Mirialaanse op 'e planeet Mirial, de thúswrâld fan 'e Mirialanen. Omreden fan har oanberne Krêftgefoeligens wurdt se al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't se oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Nei't se in Jedi-master wurden is, nimt se teminsten twa ûnderskate padawans oan, dy't se opliedt ta Jedi. Ien fan dy beiden is Bariss Offee, in oare Mirialaan. Dat is neffens de Mirialaanske tradysjes, mei't ûnder de ôfspraken tusken it regear fan Mirial en de Jedi Oarder inkeld oare Mirialanen in Mirialaanske padawan opliede meie.

Kloane-oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, wurde de Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala op 'e planeet Geonosis finzen nommen troch greve Dooku, de lieder fan 'e separatisten. Dyselde feroardielet harren ta de deastraf yn 'e Petranaki Arena yn it gefjocht mei ferskuorrende wylde bisten. Luminara Unduli is ien fan 212 Jedi dy't troch Mace Windu, de lieder fan 'e Hege Jedi Ried, meinommen wurde nei Geonosis om Kenobi en de oaren te befrijen. As ien mar in minmachtich groepke oerlibbet Unduli it gefjocht yn 'e arena en teffens de dêropfolgjende Earste Slach om Geonosis.

Dat treffen liedt ta it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen, en Unduli wurdt in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat. Hja kriget it befel oer it 9e Korps Stjittroepen en fjochtet op 'e planeet Ilum fjouwer moannen efterinoar tsjin 'e separatistyske oarlochsandroïden. By de jacht op it flaggeskip fan 'e separatistyske generaal Grievous komt Unduli foar dat fersterkings dyselde berikke kinne. Mei Ahsoka Tano, de padawan fan Anakin Skywalker, eskortearret Unduli de kriichsfinzen nommen ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, Nute Gunray, fan Rodia nei Coruscant, mar ear't dyselde oan 'e praat krigen wurde kin, wurdt er befrijd troch de tsjustere Jedi Asajj Ventress.

Dêrnei hat Unduli mei Jedi-masters Obi-Wan Kenobi en Ki-Adi-Mundi de lieding oer de kloansoldaten yn 'e Twadde Slach om Geonosis. Dêrby wurde de Geonosianen ferslein en de werboude oarlochsandroïdefabriken fan aartshartoch Poggle de Mindere ferneatige. As se Poggle sels efterfolget troch de ûndergrûnske katakomben fan syn folk, wurdt Unduli lykwols finzen nommen troch de ûndeade wurkers fan 'e mysterieuze Geonosiaanske keninginne Karina de Grutte. Se wurdt lykwols befrijd troch Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker, wêrnei't de Jedi Poggle finzen nimme en de grot ynstoarte litte op 'e keninginne.

As oan it ljocht komt dat har padawan Bariss Offee de Galaktyske Republyk ferret hat út lulkens oer de belutsenens fan 'e Jedi Oarder by de Kloane-oarloggen, is Unduli skokt. Se giet nei Kashyyyk, de thúswrâld fan 'e Wookiees, dêr't se helpt by de weropbou fan 'e stêd Kachirho en letter risselwearret foar in ynvaazje fan 'e planeet troch de separatisten. As dy ynvaazje lang om let komt, hat Unduli mei master Yoda it befel oer de kloansoldaten dy't, yn gearwurking mei de Wookiee-troepen ûnder lieding fan generaal Tarfful, de planeet ferdigenje.

Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen, yn 19 f.Sl.Y., fiert kânselier Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, in steatsgreep út wêrby't er de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en dêrfoar yn it plak it Galaktysk Keizerryk oprjochtet, mei himsels as autokratysk regearjend keizer. In ûnderdiel fan syn steatsgreep is it útfurdigjen fan Oarder 66, ta de útfiering wêrfan't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk foarprogrammearre binne. Dat befel hâldt de moard troch de kloanen op harren eigen Jedi-ofsieren yn, in foarfal dat letter bekend wurdt as de Grutte Suvering fan 'e Jedi.

Oars as de measten fan 'e Jedi wurdt Unduli net fermoarde, hoewol't tsjinstanners fan Palpatine jierrenlang miene dat se op Kashyyyk troch har eigen kloansoldaten ombrocht is. Yn it echt wurdt se lykwols finzen nommen en bringt se in koart mar ûnoangenaam skoft troch yn in tichthûs dat bekendstiet as de Toerspits, op 'e planeet Stygeon-Primus. Dêr wurdt se úteinlik yn har sel stânrjochtlik eksekutearre troch de grutynkwisiteur, de lieder fan in groep Krêftgefoeligen dy't troch Palpatine yndoktrinearre binne en ynset wurde as Jedi-jagers.

Nei har dea ferspriede de autoriteiten fan it Keizerryk it geroft dat Unduli de Grutte Suvering fan 'e Jedi oerlibbe hat en noch altyd finzen holden wurdt, mei as doel om har meistanners yn 'e fâle rinne te litten as se har befrije wolle. Dêrta bewarje se har stoflik omskot, om in holografyske werjefte fan Unduli oan te foljen mei in fia de Krêft gewaar te wurden gefoel fan identiteit. Ferskate oare Jedi wurde op dy wize lokke en deade, mar yn 4 f.Sl.Y. witte Jedi-master Kanan Jarrus, syn padawan Ezra Bridger en oare leden fan it Rebelleferbûn oan 'e fâle te ûntsnappen, wêrnei't se de geroften oer Unduli har oerlibjen ûntsenuwje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono