Springe nei ynhâld

Madagascar: A Little Wild

Ut Wikipedy
Madagascar: A Little Wild
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Tom McGrath
Eric Darnell
ûntwikkele troch Dana Starfield
produsint Dana Starfield
útfierend
   produsint
Johanna Stein
tillefyzjestudio Mainframe Studios
DreamWorks Animation TV
spilers
haadrollen Tucker Chandler
Amir O'Neil
Luke Lowe
Shaylin Becton
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre fantasybernesearje
seizoenen 3
jierren 2020 – no
tal ôfl. 19
spyltiid (ôfl.) 23 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
webside www.dreamworks.com/shows/madagascar:-a-little-wild
besibbe searjes The Penguins of
    Madagascar

All Hail King Julien

Madagascar: A Little Wild is in Amerikaanske kompjûteranimearre bernesearje mei fantasy-eleminten (pratende bisten). De titel betsjut: "Madagaskar: In Bytsje Wyld". It is de trêde tillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Madagascar-franchise. Madagascar: A Little Wild is in prequel fan 'e earste film Madagascar, en folget de fjouwer haadpersoanen Alex, Marty, Melman en Gloria by harren aventoeren as jonge bisten yn en bûten de Central Park Zoo yn New York. De searje is mear as de rest fan 'e franchise rjochte op jongere bern. It earste seizoen fan Madagascar: A Little Wild kaam yn septimber 2020 út fia de streamingtsjinsten Hulu en Peacock.

Madagascar: A Little Wild waard op 17 jannewaris 2020 oankundige. It is de trêde tillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Madagascar-franchise, nei The Penguins of Madagascar en All Hail King Julien. De searje waard ûntwikkele troch Dana Starfield, dy't as tillefyzjeprodusint ek de deistige lieding oer de produksje hie. Johanna Stein hie it algemien tafersjoch as útfierend produsint.

Madagascar: A Little Wild wurdt produsearre troch Mainframe Studios y.g.m. DreamWorks Animation Television op basis fan personaazjes dy't betocht binne troch Tom McGrath en Eric Darnell. It earste seizoen kaam yn septimber 2020 beskikber fia de streamingtsjinsten Hulu en Peacock. Mids 2021 binne der trije seizoenen fan 'e searje makke, besteande út yn totaal 19 ôfleverings mei in spyldoer fan 23 minuten, mei dêropta in langere lossteande tillefyzjespecial yn it ramt fan Halloween.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alex de liuw, Marty de sebra, Melman de sjiraffe en Gloria it nylhoars groeie op as freonen yn 'e dieretún Central Park Zoo yn New York. Se belibje alderhanne aventoeren yn en bûten de dieretún, en leare dêrby eltse kear in wichtige libbensles.

personaazje akteur/aktrise
Alex de liuw Tucker Chandler
Marty de sebra Amir O'Neil
Melman de sjiraffe Luke Lowe
Gloria it nylhoars Shaylin Becton
seizoen tal ôfl. beskikber kommen streamingtsjinst
1 6 7 septimber 2020 Hulu en Peacock
tillefyzjespecial 21 oktober 2020
2 6 11 desimber 2020
3 7 27 maaie 2021

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Madagascar
 
filmsearje
lange films Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014)
koarte films The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017)
 
tillefyzjesearjes
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??)