Springe nei ynhâld

Sekretaresse

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Siktaresse)
Rose Mary Woods, de sekretaresse fan 'e Amerikaanske presidint Richard Nixon (omtrint 1970).

In sekretaresse of siktaresse (fan it Latynske secretarum) is immen dy't foar har of syn berop administrative en ûnderstypjende wurksumheden ferrjochtet foar in funksjonaris of in ynstânsje. By sok wurk moat men tinke oan dingen dêr't bgl. dokters of direkteuren sels gjin tiid foar hawwe en dy't maklik oan in ûnderhearrige oerdroegen wurde kinne. 'Sekretaresse' is net de froulike foarm fan sekretaris, dat gjin ûnderstypjende administrative funksje is, mar in bestjoersfunksje. Sa'n 99% fan 'e Nederlânske sekretaresses is in frou; de seldsume manlike sekretaresses wurde yn 'e regel sekretarieel meiwurker of soms sekretariaatsmeiwurker neamd. It komt ek foar dat sekretaresses fan heechpleatste persoanen sels ek wer ûnderhearrige sekretaresses hawwe, dy't dan simpelwei administratyf meiwurkers neamd wurde.

It berop sekretaresse giet, sij it net ûnder dy namme, werom oant yn 'e Midsiuwen, doe't de (faak analfabete) eallju gauris in mûnts yn 'e tsjinst hiene oan wa't se harren brieven diktearren, dy't ynkommende post oan harren foarlies en dy't faak ek de boekhâlding byhold. Sokke funksjonarissen waarden wol oantsjut mei de Latynske term secretarum. As se yn 'e tsjinst fan in kening of oare machtige foarst stiene, koene se faak grutte macht fergarje.

Yn 'e santjinde iuw ûntstiene yn 'e Nederlannen troch de grutte ekonomyske bloei in soad hannelskantoaren, dêr't manlju, saneamde klerken, wurken dy't der in deitaak oan hiene om brieven en dokuminten op te stellen, ferstjoeren en argivearjen. Fan 'e njoggentjinde iuw ôf waarden op kantoaren út it eachpunt fan netheid en dissipline almar mear froulju oannommen om licht administratyf wurk te dwaan. Dêrby beholden manlju it ferantwurdlike wurk en hantlangen de froulju inkeld, foar in diel om't se net alhiel foar fol oansjoen waarden, mar ek om't der allinne jonge froulju sûnder in protte wurkûnderfining oan it wurk wiene, om't doedestiden troude froulju net wurkje mochten.

Fan 'e 1920-er jierren ôf waard it foar lju yn liedingjaande funksjes hieltyd gewoaner om in (froulike) sekretaresse yn 'e tsjinst te nimmen, dy't harren direkt ûnderstypje koe yn har deistich wurk. Pas nei de 1970-er jierren, lykwols, groeide it berop fan sekretaresse út fan poer ûnderstypjend ta (dêrnjonken) ek begeliedend en inisjearjend. Fan 'e 1980-er jierren ôf krigen sekretaresses almar mear wurdearring, mei't harren wurkjouwers begûnen te beseffen dat se in ûnmisber ûnderdiel fan it bedriuw wurden wiene. Dêr kaam yn 1989 de fiering fan sekretaressedei út fuort, dy't elts jier op 'e trêde tongersdei fan april falt, en wêrby't sekretaresses yn it sintsje set wurde.

Der binne gjin strikte diplomabetingsten foar it berop sekretaresse, hoewol't de measten in administrative MBO-oplieding folge hawwe. Dêrnjonken besteane der spesjalistyske opliedings dy't faak wól fereaske binne, foar juridysk sekretaresses, medysk sekretaresses en direksjesekretaresses.

It wurk fan sekretaresses bestiet benammen út administrative taken:

  • it ûnderstypjen, tarieden en organisearjen fan it wurk fan 'e baas of de ôfdieling
  • it beäntwurdzjen fan fragen fan 'e baas oer organisatoaryske punten
  • it byhâlden fan 'e aginda fan 'e baas of de ôfdieling
  • it byhâlden fan korrespondinsje of yn- en útgeande postmappen
  • it úttypen fan brieven, ferslaggen en/of offertes
  • it beäntwurdzjen fan tillefoan en e-mail (foarhinne ek de faks)
  • it argivearjen fan offisjele stikken
  • it kontakt opnimmen mei klanten of pasjinten
  • it notulearjen fan gearkomsten
  • it organisearjen fan byienkomsten, kongressen, ensfh.

Soarten sekretaresses

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane ferskate nivo's fan sekretaresses. Fan leech nei heech binne dat:

Dêrby moat oantekene wurde dat it nivo fan 'e funksje fan in sekretaresse ferbûn is mei de funksje fan har baas. Dus de sekretaresse fan in minister hat in hegere funksje as de sekretaresse fan 'e direkteur fan in middelgrut bedriuw.

Hoewol't it berop fan sekretaresse de lêste fearnsiuw in stik selsstanniger wurden is, kinne der swierrichheden ûntstean as in sekretaresse har té selsstannich begjint te hâlden en te dragen. Oare probleempunten kinne wêze as se har baas (al of net op syn fersyk) te sterk ôfskermet, as se har tefolle mei it priveelibben fan har baas ynlit, of as bliken docht dat se bekwamer is as har baas. Hiel bekend is fierders it folgjende probleemgebiet: as in sekretaresse in te nauwe relaasje kriget mei har baas. Dat is in tema dat in soad yn literatuer, films, op tillefyzje en ek yn pornografyske publikaasjes oanhelle wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.