Springe nei ynhâld

Protestantisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Protestant)

It Protestantisme is in streaming yn it kristendom, en spesifiker binnen it westersk kristendom, dy't bestiet út in ferskaat oan tsjerkegenoatskippen. Utsein de Roomsk-Katolike Tsjerke en de Easterske Ortodoksy is it Protestantisme de wichtichste streaming binnen it Kristemdom. It Protestantisme is ûntstien út de Reformaasje, yn de 16e iuw, neidat in tal teologen wêrûnder Maarten Luther, Huldrych Zwingli, Jehannes Kalvyn en de Fryske Menno Simons yn konflikt komd wienen mei de Roomsk-katolike tsjerke oer de kristlike lear en de tsjerklike praktyk.

Protestantske spotprint fan de paus út de 16e iuw

Yn de lette Midsiuwen is it begjin fan it protestantisme al te sjen yn de iere ideeën fan guon geastliken. De Ingelsman John Wyclif, dy't yn de 14e iuw oan de earste Ingelske oersetting fan de Bibel meiwurke, wie ien fan de earsten fan dizze streaming dy't him fersette tsjin de macht en rykdom fan de Roomsk-katolike tsjerke. Ek de Tsjechyske heechlearaar Jan Hus wiisde oan it begjin fan de 15e iuw op de organisaasje fan de tsjerke en it gesach fan de paus. Beiden woenen de tsjerke suvere hawwe fan net-Bibelske ynfloeden en werombringe nei har oarsprong.

In wichtige omkear barde yn 1517 mei de publikaasje fan de 95 stellingen fan Luter. Dêryn fersette hy him benammen tsjin de hannel yn ôflaten dêr't de Roomsk-katolike tsjerke ûnder oaren de bou fan de Sint Piter yn Rome mei bekostigje woe. Om deselde tiid hinne brocht Zwingli yn Switserlân in lyksoartige beweging op gong. Harren ideeën ferspraten har gau troch Jeropa, mei help fan de yn de 15e iuw útfûne boekdrukkeunst, en hâlde in wichtige oanset yn foar de Reformaasje.

Op de Ryksdei fan Speyer yn 1526, dêr't de lieders fan it Hillige Roomske Ryk byinoar kamen, waard besletten dat alle foarstendommen dy't de Reformaasje trochfierd hienen, rjochtsekerheid krije soenen en dat sy ek in frije leauwenskar hienen. Doe't dit beslút letter op de Ryksdei fan 1529 werom setten waard, protestearren de Luterske dielnimmers. Oan dizze protestaasje ûntlient it Protestantisme syn namme. De 'protestanten' beroppe har op de yndividuele frijheid fan leauwen.

Inkele iuwen lang soenen Protestanten it slachtoffer wêze fan politike en religieuske ferfolging. In rige fan oarloggen folge, dêr't de striid om it Protestantisme in wichtige rol spile, te witten: de Hugenoateoarloggen yn Frankryk en de Tritichjierrige Oarloch, dy't Dútslân en in grut part fan de rest fan Europa yn de knipe hâlde. Ek yn de Tachtichjierrige Oarloch, spile de Protestantske Reformaasje in grutte rol.

By de godstjinstfrede fan Augsburg yn 1555 en by de Frede fan Westfalen yn 1648 kaam it ta in territoriale ôfbeakening, dêr't Dútske foarsten har eigen Luterske, Kalvinistyske of Katolike leauwen oan harren ûnderdienen foarskriuwe koenen.

Yn Frankryk joech Hindrik IV yn 1598 mei it Edikt fan Nantes beheinde godstsjinstfrijheid oan de Hugenoaten; dat edikt waard yn 1685 werroppen troch Loadewyk XIV. Pas yn de 19e iuw soe yndividuele godstsjinstfrijheid de regel wurde yn West-Jeropa.

De lear fan it ortodokse Protestantisme, yn it bysûnder wat de ferskillen mei it roomsk-katolisime oangiet, kin gearfetten wurde mei fiif Latynske útspraken:

Solus Christus: Allinnich Jezus Kristus

Jezus Kristus, de Soan fan God en tagelyk God sels, is de ienige grûnslach foar de ferlossing fan de minske en is de ienige dy't in minsk oanbidde mei.

Sola scriptura: Allinnich it Hillige Skrift

Allinnich de Bibel jildt as it Wurd fan God en de ienige boarne fan it leauwen. De Roomsk-Katoliken erkenne dêrnjonken de Tradysje.

Sola fide: Allinnich troch it leauwen

De minske kin allinnich troch it leauwen yn Jezus Kristus fan syn sûnden rêden wurde.

Sola gratia: Allinnich troch genede

Ferlossing is in jefte fan God dy't nimmen fertsjinje kin, mar dy't allinnich fia Jezus Kristus krigen wurde kin troch it leauwen.

Soli Deo gloria: Allinnich eare oan God

God fertsjinnet alle eare, dus gjin hilligenferearing, lykas fan Maria, de mem fan Jezus.

Wat de ynfolling fan de lear oanbelanget bestiet der ûnderling in soad ferskil fan miening. Ek de ynfolling fan de tsjerketsjinst is hiel ferskaat.

It Protestantisme bestiet út in grut ferskaat oan streamingen. Yn tsjinstelling mei de roomsk-katolike tsjerke is der gjin sintraal gesach dat de lear fan protestantske tsjerken bepaalt. Yn it ferline hat dat soarge foar in grut tal ôfskiedings. Guons fan de Protestantske streamingen binne ynternasjonaal útwreide, hoewol't it meastepart organisearre is yn lanlike tsjerkegenoatskippen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]