Rey (Star Wars)
Rey personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Rey Skywalker | |
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | rommelsykster, Jedi-ridder | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Kylo Ren Luke Skywalker BB-8 Chewbacca Finn Poe Dameron Leia Organa Han Solo keizer Palpatine | |
geastlike heit | Lawrence Kasdan J.J. Abrams Michael Arndt | |
ûntstean | 2015 |
Rey is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja is de wichtichste protagoniste út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. Se waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Rey is in jonge, minsklike frou dy't op 'e planeet Jakku oerlibbet as rommelsykster foar't se troch omstannichheden behelle rekket yn 'e striid fan it Ferset tsjin 'e Earste Oarder. Geandewei docht bliken dat se tige sterk yn de Krêft is, wat oanlieding foar har is om yn 'e lear gean by Luke Skywalker, de lêste Jedi. It personaazje fan Rey waard yn alle trije films fertolke troch aktrise Daisy Ridley, foar wa't it in trochbraakrol wie.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn The Force Awakens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Rey yntrodusearre as in jonge frou dy't as rommelsykster in iensum en dreech bestean liedt op 'e woastynplaneet Jakku. Hja fertsjinnet de (krappe) kost troch brûkbere ûnderdielen te sykjen yn in ûnbidich tsjerkhôf fan delstoarte romteskippen, dat it restant is fan 'e Slach by Jakku, it lêste grutte treffen út 'e Galaktyske Boargeroarloch, mear as tritich jier earder. Dy sloopt se út 'e skippen en ferkeapet se yn 'e Foarpost Niima troch oan in pleatslik ûnderwrâldfiguer, Unkar Plutt.
Op in dei rêdt Rey de bolfoarmige robot BB-8 as dy troch Teedo, in oare rommelsiker, fongen is om foar ûnderdielen ferkocht te wurden. Wat se op dat stuit net wit is dat BB-8 ynformaasje befettet dy't fan fitaal belang is foar it Ferset, in organisaasje dy't striidt tsjin 'e oerhearsking fan it Stjerrestelsel troch de diktatoriale Earste Oarder. Letter moetet se troch tadwaan fan BB-8 in Finn, dy't in desertearre stoarmtroeper fan 'e Earste Oarder is. As de Foarpost Niima oanfallen wurdt troch TIE-jagers fan 'e Earste Oarder, dy't de oanwêzigens fan Finn dêr fêststeld hawwe, wurdt Rey troch har gedoente mei him ek in doelwyt. Trijeresom pike sy, Finn en BB-8 út yn in âld romteskip dat Unkar Plutt sines is. It docht bliken dat it de Millennium Falcon is, dy't nei stellen te wêzen troch ferskate hannen gien is foar't er by Plutt bedarre.
Koart nei't se Jakku ûntflechte binne, wurdt de Millennium Falcon útskeakele en opslokt wurdt troch in grutter romteskip. Rey en Finn freezje dat it de Earste Oarder is, mar it blike Han Solo en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, te wêzen, de rjochtmjittige eigners fan 'e Millennium Falcon. Solo is fan doel om Rey, Finn en BB-8 yn in rêdingskapsule fan board te setten, mar dat komt der net fan as syn frachtskip binnenkrongen wurdt troch twa ûnderskate groepen kriminelen dy't er jild skuldich is. Nei in konfrontaasje naaie Solo, Chewbacca, Rey, Finn en BB-8 út yn 'e Millennium Falcon. Under de yndruk fan Rey har kwaliteiten as piloat biedt Solo har in baan oan, mar hja slacht it oanbod ôf, mei't se werom wol nei Jakku. Dêr wachtet se nammentlik al jierren op 'e weromkear fan har âldelju, dy't har as lyts famke efterlitten hawwe.
Solo bringt it hiele selskip nei de kroech fan Maz Kanata op 'e planeet Takodana. Maz hat konneksjes mei it Ferset en kin derfoar soargje dat BB-8 dêrhinne weromkeart. Koart nei harren oankomst wurdt de Earste Oarder lykwols troch in spion op 'e hichte steld fan harren oanwêzigens op Takodana. Rey wurdt troch de Krêft nei de kelder fan it gebou lutsen, dêr't se yn in berging de ljochtsabel fynt dy't foarhinne fan Jedi-master Luke Skywalker wie, en noch earder fan Luke syn heit, Anakin Skywalker. Se ûndergiet ûntrêstgjende fizioenen út it ferline en de takomst, dy't har yn ûnstjoer bringe. As Maz har neitiid fynt, praat dy har moed yn en seit se dat se net werom hoecht nei Jakku, om't se djip fan binnen sels ek wol wit dat har âlden net mear weromkomme sille. Rey liket dat de akseptearjen, mar as Maz har de ljochtsabel kado dwaan wol, rekket se yn panyk en flechtet se it omlizzende wâld yn. Maz jout it wapen dan ynstee oan Finn, om it troch te jaan oan Rey as hja der klear foar is.
Stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder, ûnder oanfiering fan 'e Sith-ridder Kylo Ren, arrivearje op Takodana en falle de ruïne oan fan it kastiel dêr't de kroech fan Maz yn fêstige is. Kylo sels folget Rey it wâld yn, oermasteret har en ûntfiert har yn syn romtefear. Yn 'e ûndergrûnske fasiliteit fan 'e Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder besiket Kylo letter troch telepaty de ynformaasje fan 'e stjerrekaart, dy't BB-8 har sjen litten hat, út har ûnthâld te heljen. Rey wjerstiet him lykwols; sterker noch, se begjint sýn tinzen te lêzen, wat him bot ûntrêstget en boppedat ta it besef bringt dat Rey tige sterk yn 'e Krêft is. Kylo rapportearret syn befinings oan opperste lieder Snoke, de oprjochter fan 'e Earste Oarder, dy't him opdracht jout it fanke by him te bringen. Underwilens hat Rey krektlyk ûntdutsen dat se de Krêft brûke kin. Se ûntsnapt út har sel troch in ferstânstrúk yn te setten tsjin in stoarmtroeper dy't op wacht stiet.
Tsjin 'e tiid dat se deunby by it oerflak fan 'e planeet oanbelâne is, moetet Rey Finn, Solo en Chewbacca, dy't kommen binne om har te befrijen en it enerzjyskyld fan 'e Stjerredeaderbasis te sabotearjen, sadat it massaferneatigingswapen troch it Ferset oanfallen en ferdylge wurde kin. Nei't it slagge is om it enerzjyskyld út te setten, kinne Poe Dameron en de oare piloaten fan it Ferset úteinsette mei de ferneatiging fan 'e Stjerredeaderbasis. Yn 'e basis is Rey tsjûge fan 'e moard troch Kylo Ren op Han Solo, dy't syn eigen heit is. As in breinroere Chewbacca nei de dea fan syn freon de Stjerredeaderbasis begjint op te blazen mei oanbrochte eksplosiven, ûntkomme Rey en Finn mar nauwerneed nei it planeetoerflak ta.
Dêr stjitte se op Kylo, dy't harren it paad nei de Millennium Falcon tichtset. Hy slacht Finn bewusteleas, wêrnei't er de Krêft brûkt om 'e ljochtsabel fan Luke ta him te roppen; ynstee fljocht it wapen him foarby, nei de wachtsjende hân fan Rey. Der ûntjout him in nij duël, wêrby't Rey op ûnbeholpen wize de Krêft brûkt om Kylo te ferslaan. Foar't se him deadwaan kin, wurde se lykwols faninoar skaat troch in tawiidzjende kleau yn it oerflak fan 'e planeet dy't himsels útinoar skuort troch de ferneatiging fan 'e Stjerredeaderbasis. Rey en de noch altyd bewusteleaze Finn wurde rêden troch Chewbacca, en mei-inoar ûntsnappe se yn 'e Millennium Falcon. Nei in ferbliuw op 'e fersetsbasis op 'e planeet D'Qar set Rey mei Chewbacca en de robot R2-D2 yn 'e Millennium Falcon ôf nei de planeet Ahch-To, dêr't, sa hat bliken dien, Luke Skywalker him weromlutsen hat yn selsopleine ballingskip. Ahch-To is in oseaanplaneet, en Rey fynt Luke dêr op 'e top fan in ôfhandich rotseilantsje. As er him nei har ta draait, biedt se him stilswijend syn eigen ljochtsabel oan.
Yn The Last Jedi
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) nimt Luke de ljochtsabel oan, mar smyt er him daliks fuort. Rey wol dat Luke mei har weromgiet om it Ferset nije hoop te jaan, mar Luke hat dêr gjin boadskip oan. Der is in reden dat er op it ûnfynberste plak yn it Stjerrestelsel yn ballingskip gien is, sa hâldt er har foar, en dy reden is dat er wol dat men him gewurde lit. Rey jout gjin belies, mar sels tuskenkomst fan Chewbacca is net genôch om Luke fan miening feroarje te litten. Hy is wisberet om him nearne mear mei te bemuoien en fertelt Rey dat it tiid is foar de Jedi om út te stjerren. As er op in nacht yn in nostalgyske bui de Millennium Falcon binnenglûpt om it tastel wer fan binnen te sjen, treft er dêr lykwols syn âlde robot R2-D2 oan. Luke jout him itselde beskie dat er oan Rey en Chewbacca jûn hat, mar R2-D2 spilet falsk troch foar him nochris it boadskip ôf te spyljen dat syn twillingsuster Leia hast 35 jier lyn oan Obi-Wan Kenobi stjoerde, wêryn't se him om help smeekte om't er de iennichste hope fan it Rebelleferbûn wêze soe. Dat set Luke oan om Rey trije lessen oer de wurking fan de Krêft te jaan.
Underwilens blykt der in bân tusken Rey en Kylo Ren te bestean, dy't harren fia de Krêft mei-inoar ferbynt. Se brekke har der allebeide de holle oer hoe't dat kin, mar it slagget harren net om der in ferklearring foar te betinken. Nei't Rey earst in tige ôfhâldige opstelling foar Kylo oer hat, begjint se njonkelytsen mei him te kommunisearjen. It ferhaal dat Rey oer it ferfal fan Kylo Ren ta de tsjustere kant fan 'e Krêft heard hat, is dat er ien fan 'e learlingen wie dy't syn omke Luke Skywalker oplate ta nije Jedi. Kylo liet him ferliede troch opperste lieder Snoke, slachte by nacht syn mei-learlingen ôf, stiek de nije Jedi Timpel yn 'e brân en naaide út. By ien fan harren kontakten fertelt Kylo lykwols oan Rey dat Luke syn macht eange en him besocht te fermoardzjen, en dat dàt de reden wie dat er weromsloech en útpykte. Rey konfrontearret Luke dêrmei, dy't tajout dat er op in nacht benaud waard foar it tsjuster yn 'e dreamen fan syn omkesizzer. In momint lang stied er yn bestân om 'e bedriging dy't de jonge foarme, op 'e alderienfâldichste manear op te lossen troch him dea te dwaan, mar dat stuit gie hiel gau foarby. Mar Kylo waard krekt doe wekker en seach Luke mei syn ljochtsabel boppe him stean en ferdigene himsels. Dêrom jout Luke himsels de skuld fan alles dat dêrnei bard is en hat er de Krêft ôfsward.
Rey is derfan oertsjûge dat Kylo ferlost wurde kin fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft, en ferlit Ahch-To mei Chewbacca en R2-D2, nei't se de âldste geskriften fan 'e Jedi stellen hat út 'e oerâlde holle beam op it eilantsje dêr't se bewarre wurde (en dy't Luke letter platbaarnt). Se lit har troch Chewbacca yn in rêdingskapsule by de float fan 'e Earste Oarder ôfsette. Dêr wurdt se troch Kylo Ren finzen nommen en foar opperste lieder Snoke brocht, dy't selsfoldien útleit dat se moai yn syn fâle rûn is. Hy is nammentlik dejinge dy't har geast mei dy fan Kylo ferbûn hat en de twifel yn Kylo oanfitere hat. De ûnwissichheid yn him dy't Rey waarnommen hat, is sadwaande neat oars as wat Snoke har fiele litte woe. Fierders befreget Snoke Rey oer de lokaasje fan Luke, en hoewol't se him neat fertelle wol, wurdt er troch it gebrûk fan 'e Krêft de wierheid út har tinzen gewaar.
Snoke jout Kylo opdracht om Rey te fermoardzjen, mar Kylo fermoardet ynstee Snoke. Dêrnei ferslane Kylo en Rey tegearre de leden fan Snoke syn liifgarde. Rey mient dat Kylo de tsjustere kant fan 'e Krêft efter him litten hat, mar dat blykt net sa te wêzen. Kylo nimt ynstee it plak fan Snoke yn as opperste lieder fan 'e Earste Oarder. Hy wegeret Snoke syn befel ta de útrûging fan it Ferset yn te lûken en freget Rey om tegearre mei him it Stjerrestelsel te regearjen. Sy wegeret en se wrakselje om it besit fan 'e ljochtsabel fan Luke, wêrby't it wapen úteinlik midstwa rekket. Op dat stuit wurdt de float fan 'e Earste Oarder fierhinne ferneatige en it reuseftige romteskip fan Snoke midstwa brutsen troch de oanfal fan fise-admiraal Holdo fan it Ferset. Rey ûntkomt oan 'e ferwoastging en wurdt oppikt troch Chewbacca en R2-D2 yn 'e Millennium Falcon.
Se folgje de oare leden fan it Ferset, dy't op 'e planeet Crait beskûl sykje yn in âlde rebellebasis yn it binnenste fan in berch. Dy datearret noch út 'e tiid fan 'e striid fan it Rebelleferbûn tsjin it Galaktysk Keizerryk, mear as tritich jier earder. As Poe Dameron, Finn en Rose Tico lieding jouwe oan in ferdigeningsaksje mei stokâlde lângliders, lokje Rey en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon de TIE-jagers fan 'e Earste Oarder by de oare fersetslju wei. It Ferset komt lykwols ynsletten te sitten yn 'e basis, dy't mar oer ien útgong beskikt, mei't de oare tichtset is troch in ynstoarting. Rey brûkt de Krêft om 'e rotsblokken fansiden sweve te litten, sadat alle oerlibjende fersetslju ûntsnappe kinne út 'e basis om oan board fan 'e Millennium Falcon te ûntkommen.
Yn The Rise of Skywalker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) ûntdekt Kylo Ren op 'e ferburgen Sith-planeet Exegol dat keizer Palpatine, dy't mear as tritich jier lyn yn 'e Slach by Endor omkommen is, wer opstien is út 'e dea. Fan him kriget Kylo opdracht om Rey op te spoaren en te deadzjen. It Ferset kriget lucht fan it bestean fan Exegol en de weropstanning fan Palpatine, en Rey set mei Finn, Poe Dameron, Chewbacca en de robots BB-8 en C-3PO yn 'e Millennium Falcon ôf nei de woastynplaneet Pasaana, op 'e siik nei ien fan 'e twa saneamde 'weifiners', apparaten dy't de wei wize nei Exegol.
Op Pasaana oankommen, wurdt de groep al rillegau efterfolge troch stoarmtroepers fan 'e Earst Oarder. Se wurde finzen nommen, mar daliks wer befrijd troch in mysterieuze frjemdling mei in gesichtsbedekkende helm op, dy't Lando Calrissian blykt te wêzen, in held út 'e Galaktyske Boargeroarloch. Dyselde fertelt Rey-en-dy dat hy en Luke yn it ferline op Pasaana tegearre omdôch socht hawwe nei in artefakt dat harren de lokaasje fan 'e twadde weifiner ferklappe soe. Se bedarren op Pasaana om't se in agint fan 'e Sith folgen, in Ochi fan Bestoon. Dy syn spoar rekken se lykwols op Pasaana bjuster; it is ûnbekend wat der fan him wurden is, mei't syn romteskip noch altyd yn 'e woastyn stiet. Rey-en-dy beslute dat se it skip fan Ochi trochsykje moatte. Ear't se it berikke kinne, komme se lykwols allegearre fêst yn driuwsân. Se kinne harsels net befrije en geane ien foar ien kopke-ûnder.
Ynstee dat se deageane, sakje Rey-en-dy lykwols dwers troch it plafon by in ûndergrûnsk gongestelstel nei binnen. Dêre fine se it bonkerak fan Ochi werom, dy't lang ferlyn blykber itselde oerkommen is, en dy't dúdlik nea wer in útgong fine kinnen hat. Yn syn besit treffe se it artefakt oan dat se sykje: in dagge mei op it limmet in ynskripsje yn 'e taal fan 'e Sith. C-3PO is de iennichste dy't it lêze kin, en hy bewissiget de oaren derfan dat er persiis wit wat der stiet, mar syn programmatuer ferbiedt him lykwols om dingen út 'e Sith-taal oer te setten, sadat er harren net fertelle kin wat de ynskripsje ynhâldt. Wannear't it selskip úteinset mei in syktocht nei in útgong út it gongestelsel, komt it bist dat de tunnels groeven hat, in reuseftige achteagige slange, harren oer it mad. Rey giet lykwols ûnferfeard op it bist ôf, en as se sjocht dat it in iepen wûne hat, genêst se dy troch de Krêft te brûken om wat fan har eigen libbensenerzjy nei it bist oer te heveljen. De slange lit har en har freonen dêrnei gewurde, en ûnder it fuortgean slacht er mei syn sturt in gat yn in tunnel nei de iepen loft ta.
Om't se net werom kinne om 'e Millennium Falcon op te heljen, mei't it dêr no sûnder mis optilt fan 'e stoarmtroepers, beslút de groep om 'e planeet mei it romteskip fan Ochi te ferlitten. Sadree't se it skip fan deunby sjocht, ken Rey it wer as it skip dêr't har âldelju yn ôfset binne doe't se har as lyts famke yn 'e steek lieten. Wylst de oaren it âlde skip ree meitsje foar de ôfreis, wurdt Rey de oanwêzigens fan Kylo Ren op Pasaana gewaar. Se giet in ein by de oaren wei om in konfrontaasje mei him oan te gean en lit syn TIE-jager delstoarte yn 'e woastyn. As de oaren it romteskip fleanklear hawwe, giet Chewbacca efter har oan, mar de trewanten fan Kylo komme him oer it mad. Finn sjocht hoe't er as finzene yn in romtefear laden wurdt. Hy skrept nei Rey ta, en as der in romtefear opstiget, ropt er har ta dat Chewbacca dêryn sit. Rey brûkt de Krêft om it romtefear werom nei de planeet te lûken, mar Kylo, dy't syn delstoarten fierhinne ûnskansearre oerlibbe hat, brûkt de Krêft om har tsjin te kearen. Dy ynspanning is tefolle foar Rey, en se ferliest de behearking oer de Krêft. In ûntlading fan Krêftwjerljocht, heech yn loft, soarget derfoar dat it romtefear ûntploft. Rey is raar gesteld, mei't se mient dat se Chewbacca ombrocht hat.
De dagge mei de ynskripsje hie Chewbacca by him, dat dy is ek ferlern gien. Aldergeloks hat C-3PO de tekst noch yn syn ûnthâld, mar nimmen dy't dêrby kin, of it moat wêze dat syn ûnthâld fierders hielendal wiske wurde soe. Nei't se fêststeld hawwe dat R2-D2, dy't op 'e fersetsbasis by generaal Leia Organa efterbleaun is, geregeldwei in back-up makket fan it ûnthâld fan C-3PO, beslute Rey, Dameron en Finn dat yn dit gefal it doel de middels hilliget. Mei de oaren reizget Rey yn it romteskip fan Ochi nei de planeet Kijimi, dêr't Poe Dameron in ekspêr yn roboatika ken dy't in ûnthâldswisking útfiere kin. De ynskripsje blykt te bestean út 'e koördinaten fan 'e lokaasje fan 'e twadde weifiner. Rey fernimt op Kijimi wer de oanwêzigens fan Kylo Ren, waans stjerreslachskip krekt yn in baan om planeet arrivearre is. Mar se wurdt ek de oanwêzigens fan Chewbacca gewaar, dy't oan board fan dat stjerreslachskip is. Sy en de oaren riddenearje dan út dat der op Pasaana twa romtefearen west hawwe moatte: ien dêr't Finn Chewbacca yn gean seach, en in oarenien dy't Rey by fersin ferneatige hat. De groep beslút om in rêdingsmisje te ûndernimmen.
Nei't se it stjerreslachskip ynfiltrearre hawwe, fynt Rey dêr de Sith-dagge werom. As se it ding beetkriget, hat se in fizioen wêryn't Ochi fan Bestoon har âldelju fermoardet. Kylo foarmet op 'e nij in bân troch de Krêft mei Rey om har lokaasje te witten te kommen. Sy wegeret mei te wurkjen, mar hy praat op har yn en besiket har belangstelling te wekjen troch oer har âlden út te wreidzjen. Hy hie har earder ferteld dat har âldelju minsken fan nul en gjinderlei betsjutting wiene, mar no bringt er út dat se dat út in bewuste kar wiene, om Rey te beskermjen. Se lieten har op Jakku yn 'e steek om har te ferbergjen. Ochi wie in trewant fan keizer Palpatine, dy't opdracht hie om harren te fermoardzjen, mei't Rey har heit de soan fan Palpatine wie. Rey wit oan Kylo te ûntkommen en mei Finn en Dameron en de befrijde Chewbacca pykt se út yn 'e Millennium Falcon, dy't se yn in hangaar fan it stjerreslachskip weromfine.
Se bejouwe har nei de koördinaten út 'e ynskripsje op 'e Sith-dagge, dy't in plak oantsjutte op 'e moanne Kef Bir, yn it planetestelsel Endor. Dat is it plak dêr't mear as tritich jier lyn de wrakstikken fan 'e twadde Deadsstjer delkommen binne, nei't dat romtestasjon en massaferneatigingswapen troch it Rebelleferbûn ferneatige wie yn 'e Slach by Endor. De weifiner blykt yn ien fan 'e reuseftige wrakstikken te sitten. Kef Bir is in wrâld dy't foar it meastepart oerdutsen wurdt troch oseänen. It wrakstik dêr't it om giet, leit flak foar de kust fan ien fan 'e seldsume kontininten, mar is frijwol ûnberikber troch de reuseftige weagen. Mei't de Millennium Falcon op Kef Bir in needlâning meitsje moatten hat en stikken rekke is, set Rey út tiidneed yn in lyts boatsje nei it wrak ta, dat se troch har behearsking fan 'e Krêft wit te berikken.
Yn it wrak fan 'e Deadsstjer wit Rey mei muoite de weifiner op te spoaren, mar Kylo lânet mei syn TIE-jager boppe-op it wrak en fernielt har weifiner. Neitiid begjinne se in duël mei de ljochtsabel. Underwilens brûkt yn 'e fersetsbasis prinsesse Leia, Kylo syn mem, al har krêften om fia de Krêft kontakt te lizzen mei har soan Ben Solo, sa't Kylo eins hjit. Mei't er ôflaat wurdt as er syn mem gewaarwurdt, slagget it Rey om him mei har ljochtsabel troch it boppeliif te stekken. Leia, dy't alles jûn hat dêr't se oer beskikt, beswykt it folgjende stuit fan útputting. As Rey it ferstjerren fan Leia troch de Krêft fernimt, wurde skuldgefoelens har oermânsk. Se brûkt de Krêft om Kylo in diel fan har eigen libbensenerzjy te jaan en him sa te genêzen. Earder hat er har derop ferge dat se nei de dea fan Snoke wifke om syn hân (en oanbod om tegearre oer it Stjerrestelsel te regearjen) oan te nimmen. No leit se him einlings út dat se graach de hân fan Ben Solo oannommen hie, mar net dy fan Kylo Ren. Dêrnei stelt se syn TIE-jager en set dêrmei ôf.
Rey flechtet nei Ahch-To, dêr't se foargoed yn selsopleine ballingskip bliuwe wol. Nei't se der arrivearre is, stekt se de TIE-jager fan Kylo yn 'e brân. Luke, dy't no in geast yn 'e Krêft is, sprekt har lykwols oan en leit har út dat it fout fan har is om har út it hielal werom te lûken, krekt sa't it fout fan himsels wie. Hy praat har moed yn en wiist har it plak dêr't er de ljochtsabel fan syn twillingsuster Leia ferburgen hat. Mei de Krêft tilt er syn âlde X-wjukjager út 'e see. Rey hellet de ûnskansearre weifiner út it wrak fan 'e TIE-jager en set koers nei Exegol. Se ferstjoert de koördinaten fan har rûte nei R2-D2. It Ferset, no oanfierd troch Dameron en Finn, komt fanwegen mei alle skippen dêr't it oer beskikt en folget har nei Exegol.
Nei't Rey op Exegol oankommen is, siket se Palpatine op om mei him ôf te weven. Hy fiteret har lykwols oan om him te deadzjen, mei't syn geast dan besit fan har nimme sil, sadat er wer in sûn lichem ta syn beskikking hat. Dat stelt Rey al foar in raar dilemma, want dêr sit se fansels net op te wachtsjen, mar se kin Palpatine ek net libje litte. Se wiist yn elts gefal syn foarstel om frijwillich de lapen mei him gear te smiten rislút fan 'e hân en falt de leden fan syn liifgarde oan. Kylo Ren, dy't ûnderwilens ta ynkear kommen en wer Ben Solo wurden is, arrivearret op Exegol en helpt Rey om 'e trewanten fan Palpatine te ferslaan. Palpatine brûkt lykwols de tsjustere kant fan 'e Krêft om 'e libbensenerzjy út Rey en Ben te sûgen en sels op te nimmen. Om't se allebeide sa sterk yn 'e Krêft binne, slagget it him op dy wize om syn eigen kadaver fan in lichem te ferjongjen en wer hielendal wurkje te litten, sadat er gjin masines mear nedich is om yn libben te bliuwen.
Ben komt as earste wer by sûpe en stút en besiket Palpatine oan te fallen, mar dyselde blaast him withoefier fuort. Dêrnei brûkt er Krêftwjerljocht om yn 'e loft boppe him de romteskippen fan it Ferset oan te fallen. Rey is sa ferswakke dat se dêr neat tsjin dwaan kin, mar as se om help freget, wurdt se antwurde troch de stimmen fan Luke en dy syn heit Anakin Skywalker, Obi-Wan Kenobi, Yoda, Qui-Gon Jinn, Mace Windu, Ahsoka Tano, Kanan Jarrus, Luminara Unduli, Aayla Secura, Adi Gallia en alle Jedi-masters út it ferline, dy't har nije krêften skinke. Rey brûkt de Krêft om 'e delfallen ljochtsabels fan Luke en Leia ta har te roppen. Palpatine falt har oan mei Krêftwjerljocht, mar Rey wjerkeatst dy troch de beide ljochtsabels krúslings foar har te hâlden. Mei't syn oanfal op himsels weromslacht, begjint Palpatine syn ferjonge lichem útinoar te skuorren. Nei in lange striid komt er einlings (wer) te stjerren. Rey hâldt langernôch fol om der wis fan te wêzen dat der neat fan Palpatine syn lichem oer is, foar't se sels ynstoart en fan útputting stjert. In slimferwûne Ben klaut himsels in paad tebek nei Rey har side en brûkt de Krêft om al syn restearjende libbenenerzjy oan Rey te jaan. Hja komt wer ta libben en se tútsje ienris, foar't Ben dea yninoar sakket.
Rey reizeget neitiid nei de planeet Tatooine, dêr't se de ferlitten pleats fan it Lars-Skywalker-laach besiket. Dêr bedobbet se de ljochtsabels fan Luke en Leia. In foarbygongster freget wa't se is, en fernimt, as se inkeld mei "Rey" antwurdet, nei har folsleine namme. Rey wurdt de geasten fan Luke en Leia gewaar, dy't mei goedkarring op har delsjogge, en antwurdet: "Rey Skywalker".
Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jierren | film | akteur |
---|---|---|
1977 | Star Wars: Episode IV – A New Hope | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
1980 | Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back | |
1983 | Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi | |
1999 | Star Wars: Episode I – The Phantom Menace | |
2002 | Star Wars: Episode II – Attack of the Clones | |
2005 | Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith | |
2008 | Star Wars: The Clone Wars | |
2015 | Star Wars: Episode VII – The Force Awakens | Daisy Ridley |
2016 | Rogue One: A Star Wars Story | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2017 | Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi | Daisy Ridley |
2018 | Solo: A Star Wars Story | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) |
2019 | Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker | Daisy Ridley |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|