Springe nei ynhâld

Wingene

Ut Wikipedy
Wingene
Sint-Amandustsjerke
Sint-Amandustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 14.852 (2022)[1]
Oerflak 68,54 km²
Befolkingsticht. 217 ynw./km²
Oar
Postkoade 8750
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 3' N 3° 16' E
Lokaasje Wingene yn it arrondissemint Tielt yn 'e provinsje West-Flaanderen
Lokaasje Wingene yn it arrondissemint Tielt yn 'e provinsje West-Flaanderen
Offisjele webside
wingene.be

Wingene is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat mear as 14.000 ynwenners, dy't 'Winenaars' neamd wurde. It dialekt dat praat wurdt is in fariant fan it West-Flaamsk en wurdt 'Wingens' neamd. Wingene stiet njonken oare agraryske aktiviteiten bekend om it grutte tal bargefokkerijen. Yn 1990 kaam Wingene yn it wrâldnijs troch in útbraak fan bargepest.

De gemeente hat in agraryske ynslach en greide, boerelân, beamkwekerijen en túnbou nimme it measte gebiet yn beslach. Bargen, kij en plomfee wurde yn Wingene in soad holden.

Yn it jier 847 waard it plak al as 'Wenghinas' neamd, doe't Karel de Keale in skinking fan de Wenghinasvilla oan de Sint-Amandsabdij (Saint-Amand-les-Eaux) ûndertekene.

De belangrykste slachten dy't as hearen fan Wingene fungearren wiene ûnder oaren it skaai Grammez en Van Haveskercke. Oare belangrike hearlikheden wiene Poelvoorde, yn it besit fan de famyljes Bladelin en Adornes, en Wildenburg, dat mear as twa ieuwen yn it besit fan de famylje Wyts holden waard.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De 18e-iuwske Sint-Amandustsjerke fan Wingene waard healwei de 19e iuw mei 18 meter langer makke. De toer waard yn 1918 troch weromlûkende Dútsers fernield. De preekstoel datearret út 1738 en de kommunybank is it wurk fan Pieter van Walleghem (1731) en dom Dalcy (1768). Van Walleghem makke ek de koarbanken en Dom Dalcy de rokoko-bychtstuollen.
  • Wingene besit in pear kastielen yn de grutte bosken fan de gemeente. Tusken Beerne en Wingene lizze de likernôch 350 hektare grutte Wildenburgske bosken mei it kastiel Blauwhuis. Om it kastiel Munkegoed lizze de Munkebosken. Oare kastielen binne Lakenbossen, Raepenburg en Zorgvliet.
  • De Sint-Joristsjerke fan Wildenburg wie earder in troch de famylje van der Bruggen boud kapel en is sûnt 1897 in parochytsjerke.
  • Yn Zwevezele stiet de Sint-Aldegondistsjerke mei in goatyske krusingstoer út de 15e iuw. De fiifskippige tsjerke waard yn 1964 ôfbrutsen en ferfongen troch in moderne tsjerke.

Yndieling gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Wingene bestiet njonken de dielgemeente Wingene ek út de dielgemeente Zwevezele. Op it plattelân om Wingene hinne lizze noch de twa lytse doarpen Sint-Jan en Wildenburg, dy't alletwa ek selstannige parochy's foarmje. In bytsje noardwestlik fan it sintrum fan Wingene leit it buorskip Sint-Elooi, dat in kapel hat en ûnderdiel is fan de Sint-Amandusparochy fan Wingene. Krekt eastlik fan Zwevezele leit it buorskip Hille, dat yntusken oan it plak Zwevezele fêstgroeid is.

Nû. Namme Oerflak
(km²)
Ynwennertal (2021) Kaart
I
 
(III)
(IV)
Wingene
-Wingene
-Sint-Jan
-Wildenburg
 
 
 
 
8.602
 
 
 
II
 
(V)
Zwevezele
-Zwevezele
-Hille
 
 
6.092
 
 

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Wingene


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje