The Game Plan (film)
The Game Plan | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Alan Fickman | |
produsint | Mark Clardi Gordon Gray | |
senario | Nichole Millard Kathryn Price | |
kamerarezjy | Greg Gardiner | |
muzyk | Nathan Wang Stewart Copeland | |
filmstudio | Walt Disney Pictures Mayhem Pictures | |
distribúsje | Buena Vista Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Dwayne Johnson Madison Pettis | |
byrollen | Roselyn Sánchez Kyra Sedgwick Morris Chestnut Paige Turco | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 23 septimber 2007 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | sportkomeedzje-famyljefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 110 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $22 miljoen | |
opbringst | $146,6 miljoen |
The Game Plan is in Amerikaanske sportkomeedzje en famyljefilm út 2007 ûnder rezjy fan Andy Fickman, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson en de jonge Madison Pettis. De titel betsjut "De Spylstrategy". It ferhaal giet oer in profesjoneel Amerikaansk fuotbalspiler by wa't op in dei sûnder warskôging in achtjierrich famke op 'e stoepe stiet, dat beweart syn dochter te wêzen út in eardere relaasje. Fan 'e filmkritisy krige The Game Plan in kâlde ûntfangst, mar nettsjinsteande dat wie de film in súkses yn 'e bioskopen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Joe Kingman is in tige súksesfolle quarterback yn it (fiktive) Amerikaansk fuotbalteam fan 'e Boston Rebels út Boston. Hy wennet yn wielde en libbet foar syn sport, mar as er nei in feest te sines jûns let allinnich efterbliuwt, beseft er hoe iensum oft er eins is. Yn 'e dagen foar't Kingman syn team nei de oerwinning liede moat yn 'e achtste finale fan 'e kompetysje, wêrfoar't er hurd oan it trainen is, stiet der op in jûn ynienen in achtjierrich famke by syn appartemint foar de doar, dy't seit dat se Peyton Kelly hjit en syn dochter is. Har mem is Kingman syn eks-frou Sara, in ûntwikkelingswurkster dy't fanwegen in humanitêre krisis hommels nei Afrika ôfset is. Op oanstean fan Peyton, dy't botte graach mei har biologyske heit yn 'e kunde komme woe, hat Sara har nei him ta stjoerd ynstee dat se har earne oars ûnderbrocht hat.
It wol Kingman earst net oan dat it famke syn dochter is, en hy skillet syn aginte Stella Peck op om him mei dizze krisis te helpen. Stella is fan miening dat it foar de bûtenwacht mâl lykje sil as útkomt dat Kingman in dochter hat fan wa har bestean er hielendal neat ôfwist, en dat syn imago der skea troch oprinne sil. Se is ek bang dat dizze kwestje Kingman ôfliede sil fan wat echt wichtich is: it heljen fan 'e finale fan 'e Amerikaansk-fuotbalkompetysje en it binnenheljen fan in sponsoringkontrakt ter wearde fan $25 miljoen fan 'e fastfoodrestaurantkeatling Fanny's Burgers. Nettsjinsteande dat stelt se wol fêst dat it bertebewiis dat Peyton by har hat, echt is. As Stella Kingman deroer ûnderstiet oft it echt net mooglik is dat se syn dochter is, komt him yn 't sin dat er nei de skieding noch ienris seksuele omgong mei Sara hân hat doe't se har lêste besittings ophelle…
Kingman freget Peyton oft se gjin oare famylje hat by wa't se útfanhûzje kin; it stiet him by dat Sara in suster hie, dy't Karen hiet. Peyton fertelt him dat Karen dea is. Uteinlik komt Kingman ta de konklúzje dat er foarearst mei it famke oantangele sit. Foar allebeide is dat wennen. Peyton palmet Kingman syn bulldog Spike yn, monopolisearret syn bêd sadat er sels op 'e bank sliepe moat, en plakt oeral glitterspul op. Se besmoarget de hiele koken troch de blender oan te setten sûnder it lid derop te dwaan en brûkt safolle shampoo dat de hiele badkeamer fol mei skom komt te sitten. Ek sabotearret se syn ôfspraakje mei it kreaze model Tatianna. Joe nimt har mei nei syn training, dêr't it famke úteinset mei it om har finger winen fan 'e rest fan syn team, en ek beselskippet se him nei de iepening fan syn eigen restaurant, dêr't er har ferjit en allinnich op hûs oan giet. Pas healwei beseft er dat wat fergetten is; dan moat er werom en op 'e nij by de paparazzi lâns, sadat it hiele ferhaal de oare deis breed útmetten wurdt yn 'e rabbersparse.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Stella beslút dat Joe in nij, heitich imago krije moat, dat se ferfangt syn twasits sportauto troch in stationwagon en organisearret in parsekonferinsje om Joe rêde te litten wat der te rêden falt. Joe besiket it ferjitten fan syn dochter mei de gek te beslaan, mar syn grappen mislearje op miserabele wize en de sammele parse bliuwt izige stil. Peyton komt him te help en set har skattigens yn om ek de sjoernalisten om har finger te winen. Se leit út dat it heitwêzen foar Kingman in hiel nije ûnderfining is en dat er syn bêst docht, mar dat eltsenien dy't mei wat úteinset dat er noch nea dien hat, flaters begean sil. Dochs, sa seit se, fynt se him de bêste heit fan 'e hiele wrâld.
Nei de parsekonferinsje docht bliken dat Peyton Kingman net út 'e goedheid fan har hert rêden hat, mar dat se der wat foar weromhawwe wol. Se is sljocht nei ballet, dat se lit har troch him ynskriuwe oan 'e foaroansteande en djoere balletskoalle fan 'e tsjeppe Monique Vasquez. Kingman makket fan syn hert gjin moardkûle en seit dat er al dat gehuppel mar in dom gedoch fynt. Hoewol't de lessen foar dit jier al begûn binne, nimt Monique Peyton as learlinge oan op betingst dat har heit belutsenens toant by de lessen. Kingman stimt ta om fan it geseur ôf te wêzen. As er op in middei ferjit om Peyton út ballet op te heljen, nimt Monique it famke mei nei it Amerikaansk-fuotbalstadion dêr't Kingman noch op 'e massaazjetafel leit. Kingman beseft fuortendaliks syn flater, mar besiket him derút te praten. Dat lit Monique lykwols net oer har kant gean, en se twingt him om in rol yn 'e earstfolgjende balletfoarstelling fan har skoalle op him te nimmen, as manear om syn 'belutsenens' te toanen. Se nimt syn training eigenhandich op har, wêrby't se, as hy it net sjen kin, der blyk fan jout dat se har bot ta him oanlutsen fielt. Troch de training wurdt Kingman dúdlik dat ballet teminsten like swier is as Amerikaansk fuotbal. Syn teamgenoaten hawwe alhiel de gek mei him as se ûntdekke dat er op balletles sit, en se geane mei syn allen nei de útfiering ta om him út te laitsjen. Se wurde lykwols pakt troch it oangripende ferhaal fan 'e foarstelling en jouwe Monique, Kingman en de balletlearlingen oan 'e ein fan 'e foarstelling in steande ovaasje.
In pear dagen letter komme de spannings tusken Kingman en Peyton lykwols ta útbarsting as se har nocht hat fan syn egoïsme. Foar Kingman liedt dy konfrontaasje ta it besef dat der yndie wol wat op syn hâlden en dragen falt oan te merken. Hy makket it goed mei Peyton troch har en har nije balletfreondinnen mei út te nimmen nei it winkelsintrum, dêr't er al rillegau eltse behearsking oer de keppel fammen ferliest. Yn panyk skillet er Monique op om del te kommen en him te helpen. Fan dat stuit ôf groeit der in românse tusken him de kreaze balletleararesse. Underwilens ferslane de Boston Rebels ûnder lieding fan Kingman alle rivalen dy't se tsjinkomme en berikke sa de finale fan 'e Amerikaansk-fuotbalkompetysje, wêryn't se it opnimme moatte tsjin 'e (fiktive) New York Dukes út New York. Tagelyk hat Stella it kontrakt mei Samuel Blake jr., de eigner fan Fanny's Burgers, hast berêden; nei de oerwinning yn 'e finale moat Kingman inkeld noch yn 'e kamera's sjen en sizze dat er no earst om in hamburger nei Fanny's Burgers ta sil.
Koart foar de finale giet Kingman yn in restaurant út te iten mei Peyton en Monique. Dêr blaft Peyton der by fersin út dat har mem gjin idee hat dat se by Kingman is. Dan docht bliken dat se eins in moanne lang op balletkamp gean soe, mar troch harsels foar te dwaan as har mem hat se dat fia e-mail ôfsein en doe de bestimming fan 'e taksy, dy't har nei it balletkamp bringe soe, feroare yn it adres fan Kingman. Se besiket ûnder fierdere selsbelêstende ferklearrings út te kommen troch de mûle gau-gau fol te stopjen mei iten, en sa yt se by fersin wat guod dêr't nútsjes troch sitte, dêr't se allergysk foar is. Se kriget in allergyske reäksje wêrby't har kiel opset en se mar kwealk mear sykhelje kin. Dêrop bringt Kingman har halje-trawalje nei it sikehûs, dêr't de dokters lokkigernôch fêststelle dat it om in mylde reäksje giet en dat se mei gauwens wer de âlde wêze sil.
Op dat stuit komt Peyton har (troch Kingman) deawaande muoike Karen opdaagjen, dy't poerrazen is op Kingman. Se hâldt him ferantwurdlik foar it ûntlûken fan Peyton oan it âlderlik gesach, dat sy as fâd oer it famke hat. Dan komt de rest fan Peyton har bedroch út: it is net Karen dy't stoarn is, mar har mem Sara, dy't in healjier earder omkommen is by in ferkearsûngemak. Sûnt stiet se ûnder fâdij fan Karen, dy't as ûntwikkelingswurkster hommels in moanne nei Afrika moast. As dat allegearre dúdlik wurdt, moat Karen tajaan dat Kingman ek it slachtoffer is fan 'e bedragerij fan Peyton, hoewol't se him noch net ferjout dat er har yn it restaurant fergetten is (wat se lêzen hat yn in rabbersblêd op 'e lofthaven fuort nei't se yn 'e Feriene Steaten weromkeard wie), en likemin dat er net foarkommen hat dat Peyton in allergyske reäksje krige.
Wylst Kingman en Karen op 'e gong oan it redendielen binne, heart Peyton, dy't har sliepende hâldt, hoe't Stella yn har sikehûskeamer oan 'e tillefoan tsjin ien seit dat sy (Peyton) in ôflieding is dy't Kingman wol misse kin no't er foar de wichtichste wedstryd fan syn libben stiet. Dêrom hâldt se letter út dat se wer nei hûs wol mei muoike Karen. Kingman kin net oars as him dêrby dellizze, mar as er thús komt yn syn lúkse appartemint is dat leger as ea tefoaren. Hy fynt ûnder Peyton har bêd in tas mei wat foto's en in brief fan Sara deryn, dy't oan him rjochte mar blykber nea op 'e post dien is. Dêryn ûntskuldiget Sara har foar it feit dat se har swierwêzen en it bestean fan Peyton foar him ferburgen holden hat. Mar op dat stuit wie syn karriêre as sporter krekt begûn, en se woe him net fan syn dream ôfliede.
As de finale fan 'e kompetysje begjint, is Kingman der mei de kop net goed by. Hy hat syn motivaasje ferlern en is mar heal de spiler dy't er oars is. As er in blessuere oprint en troch de coach frege wurdt oft er noch trochspylje kin, antwurdet er dat it foar it team it bêste is om him mar te ferfangen. Peyton sjocht it live-ferslach fan 'e wedstryd op 'e tillefyzje en beseft dat se mis west hat. Se bepraat Karen om har nei it stadion te bringen, dêr't se yn 'e klaaikeamer har heit it mannewaar opseit en him sa syn motivaasje weromjout. Kingman giet it fjild wer op en liedt syn team nei de oerwinning. Neitiid seit Karen, dy't ûnderwilens alles beprakkesearre hat, dat Peyton oars mar by har heit wenje moat. Kingman en Peyton binne de wrâld te ryk. As him troch de sammele parse frege wurdt wat er no dwaan sil (foar him it juste momint om te sizzen dat er in hamburger by Fanny's Burgers helje sil), antwurdet er dat er no earst wat mear tiid mei syn dochter trochbringe wol.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Joe Kingman | Dwayne Johnson |
Peyton Kelly | Madison Pettis |
The Game Plan wie de lêste film wêryn't Johnson op 'e ôftiteling fermeld waard ûnder syn bynamme The Rock, wêrmei't er bekend wurden wie yn it showwrakseljen.
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Monique Vasquez | Roselyn Sánchez |
Stella Peck | Kyra Sedgwick |
Travis Sanders | Morris Chestnut |
Karen Kelly | Paige Turco |
Kyle Cooper | Hayes MacArthur |
Jamal Webber | Brian J. White |
Clarence Monroe | Jamal Duff |
bernefamke Cindy | Lauren Storm |
coach Mark Maddox | Gordon Clapp |
Tatianna | Kate Nauta |
Samuel Blake jr. | Robert Torti |
himsels | sportferslachjouwer Marv Albert |
himsels | sportferslachjouwer Boomer Esiason |
himsels | presintator Steve Levy |
himsels | ferslachjouwer Stuart Scott |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Game Plan waard regissearre troch Alan Fickman nei in senario fan Nichole Millard en Kathryn Price, dat basearre wie op in idee fan Millard, Price en Audrey Wells. As produsinten wiene Mark Clardi en Gordon Gray by it projekt belutsen foar de filmstudio's Walt Disney Pictures en Mayhem Pictures. De kamerarezjy waard fersoarge troch Greg Gardiner, wylst Nathan Wang en Stewart Copeland ferantwurdlik wiene foar de filmmuzyk.
Foar The Game Plan wie in budget beskikber fan $22 miljoen. De opnamen foar de film fûnen foar it meastepart plak yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. De sênes mei Amerikaansk fuotbalwedstriden waarden opnommen yn trije sportstadions: it Gillette Stadium yn Foxborough (Massachusetts), Empower Field at Mile High yn Denver (Colorado) en it Sun Devil Stadium yn Tempe (Arizona).
It plotelemint wêrby't Amerikaansk fuotbalspiler Joe Kingman (Dwayne Johnson) op balletles giet, wie in yndirekte ferwizing nei de echte Amerikaansk fuotbalspiler Lynn Swann, fan wa't bekend is dat er ûnder syn NFL-karriêre as wide receiver foar de Pittsburgh Steelers balletlessen folge. Hy wurke letter as sportferslachjouwer foar ABC (eigendom fan Disney) en ESPN. Hy ferliet Disney foar in nije karriêre yn 'e polityk wylst The Game Plan noch yn 'e preproduksjefaze ferkearde.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Game Plan waard fersoarge troch Buena Vista Pictures, in dochterûndernimming fan Disney. It wie de lêste film dy't ûnder de namme Buena Vista distribuëarre waard, mei't Disney dy namme itselde jiers noch ôfskafte en it bedriuw omneamde ta Walt Disney Studios Motion Pictures. The Game Plan gie op 23 septimber 2007 yn Hollywood yn premiêre en iepene op 28 septimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. De film waard op 22 jannewaris 2008 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmkritisy moasten net folle hawwe fan The Game Plan. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in leech goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 102 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Nettsjinsteande it oerfloedige garisma fan The Rock is The Game Plan neat oars as in rûtinemjittige Disney-komeedzje. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 23 resinsjes. Amerikaanske bioskoopbesikers dy't nei it sjen fan 'e film oer harren ûnderfining befrege waarden, joegen The Game Plan lykwols in 91/2 op in skaal fan 1 oant 10.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Game Plan brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $90,648.202 op, en yn alle oare lannen en territoaria $55.942.785. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $146,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $22 miljoen betsjut dat in winst fan $124,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Oan 'e oare kant brocht dvd-ferkeap nochris $50,6 miljoen op. Dêrmei wie The Game Plan sûnder mis in grut kommersjeel súkses foar Disney.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan The Game Plan
- (in) Ynformaasje oer The Game Plan yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |