Blokken
Blokkomponinten. Gjin koade. Gewoan klikke en ynhâld ynfoegje.
Bou sûnder grinzen
De technology dy’t in grut part fan it web oandriuwt, wie noch nea sa maklik om te learen. Blokken litte dy fisueel ynteraksje mei elk stikje ynhâld, mei of sûnder koade—en meitsje rike layouts, ynteraktive onboarding en einleaze útwreidberens mooglik. Like krêftich foar ûntwerp as foar ûntwikkeling, mar dochs yntuïtyf genôch foar begjinners.
Alinea
Kop
Media
Ofbylding
Fideo
Audio
Kolommen
Bestân
De geheime krêft fan WordPress
Blokken binne de fisuele basis fan WordPress, en kinne brûkt wurde om elk ûnderdiel fan dyn side te meitsjen en te behearen. Se binne ek makliker as do tinkst. Lear hoe’tst in blok bewurkje kinst en do learst hoe’tst hiel WordPress brûke kinst—sûnder datst koade skriuwe hoechst. Foar ynspiraasje, sjoch ris wat oaren mei WordPress dien hawwe yn de Showcase.
Folsleine kreative kontrôle
De WordPress-bewurker is de standertwize om dyn blokken yn te foegjen, te transformearjen, te styljen en oer in fisueel doek te ferpleatsen, mei tank oan in ienfâldige slepe-en-delsette-ynterface.
registerBlockType( 'your-first-block/hello-world', {
edit: function () {
return <p>Hello world (from the editor)</p>;
},
save: function () {
return <p>Hello world (from the frontend)</p>;
},
} );
Hallo wrâld (fanút de bewurker)
Meitsje dyn eigen
As jo gjin blok fine kinne dat by jo behoeften past, meitsje dan jo eigen. In blok meitsje is like ienfâldich as it bouwen fan in React-komponint. Brûk it @wordpress/create-block pakket om fluch fan start te gean mei it meitsjen.
Sjoch wat der nij is mei blokken
De lêste grutte WordPress-ferzje befettet fernijings dy’t de blokken dy’tst brûkst ferbetterje kinne en dyn algemiene ûnderfining by it bouwen fan sites ferbetterje. Krij mear details oer hokker funksjes beskikber binne yn de aktuele release.
Allinnich it begjin
Hoewol’t blokken op harsels al krêftich binne, binne se ek ûnderdiel fan wat grutters en kinne se op ferskate wizen kombinearre of ynset wurde. As in ienheidlike en iepen syntaksis wurde se maklik begrepen troch bewurkers, browsers en sels AI. Sa sil wa’t ek bewurket it maklik fine om libbene, persoanalisearre ûntwerpen en ûnderfiningen fluch ta stân te bringen.