Springe nei ynhâld

Ainû (folk)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 des 2012 om 00.23 troch MastiBot (oerlis | bydragen) (r2.7.3) (Bot - derby: jv:Suku Ainu)
Kloft Ainû in 1904
Oarspronklik wengebiet fan de Ainû

De Ainû (Japansk: アイヌ) binne de oarspronklike bewenners fan Japan. Op it heden wenje se benammen op it eilân Hokkaido, it noardlikste eilân fan Japan. Der libje net folle mear dy't folslein Ainû binne. De skattingen rinne útien tusken de 10.000 en 150.000. Yn dizze lêste skatting binne ek Ainû fan mingd bloed opnomd (heal Japansk en Ainû). De eigen taal (Ainû (taal)|Ainû) wurdt noch mar troch inkele hûnderten Ainû folslein behearske.

Der wurdt fan útgien dat de Ainû ôfstamje fan iere bewenners dy't net fan Aziatyske komôf wienen, mar mear besibbe mei it Jeropeeske (Kaukasyske) ras, en dy't nei alle gedachten al 18.000 of sels 30.000 jier lyn nei de Japanske eilannen migrearren yn in iistiid, doe't it seenivo leech stie sadat it mooglik wie te foet fan it fêstelân fan Aazje út nei de fjouwer haadeilannen fan Japan te kommen. Troch skiedkundigen wurde de Ainû identifisearre mei it Jomon-folk. It folk dat wy yn distiid beskôgje as de etnyske Japanners stammet mooglik ôf fan in yntocht om-ende-by 900-300 f. Kr. fan in kloft minsken fanút Korea, dy't de Yayoi neamd wurdt.

De Yayoikultuer, skaaimerke troch weven, metaalbewurking en de ferbou fan rys, ferkrong dy fan de Jomon al gau. Dizze hypotezen binne yn Japan lykwols noch hieltyd ûnderwerp fan diskusje. Op it stuit is der wol konsensus oer de genetyske beminging fan Jomon en Yayoi dy't plak fûn hat, fral yn it uterste noarden en it uterste suden. Mar dat de Ainû relatyf suvere neisieten fan de Jomon binne en de 'Japanners', fral yn Midden-Japan, benammen fan de Yayoi ôfstamje stuitet op wjerstân. Moderne Japanners fine it net in fijn idee as blike soe dat harren kultuer ôfkomstich is út it bûtenlân, sels at dat mear as twatûzen jier lyn bard wêze soe.

De Ainû hawwe in folslein oare kultuer en in eigen taal; ek lichaamlik ferskille sy fan de Japanner troch in donkerdere hûdskleur, in groffere lichemsbou en in folle sterkere antlitbehiering dan de 'Japanse' Japanners en binne, of alteast wienen, dêrtroch makliker werkenber.

Hoewol't se formiel deselde rjochten hawwe as Japanners en ek yn Japan eltsenien foar de wet gelyk is, meitsje in protte Japanners dochs ûnderskied en binne de Ainû ieuwenlang diskriminearre. Houliken tusken Ainû en Japanners wiene taboe. In protte Ainû of Ainû fan mingd bloed binne sels troch harren âlden folslein ûnwittend litten oer de eigen komôf fanwege de diskriminaasje dy't soks mei gefolch hawwe soe as it bekend wie.

Keppeling om utens