Lambert Jacobsz.
Lambert Jacobsz ( Amsterdam, ± 1598 - Ljouwert, 27 juny 1636 ) wie in menniste dûmny en skilder. Hy is stoarn oan de pest.
Makke yn 1618 in keunstreis nei Itaalje. Sûnt ± 1620 oan 1636 ta tsjinne hy de tsjerklike gemeente fan Ljouwert. Yn 1631 waard him it preekjen ferbean troch de oerheid, omdat er sûnder tastimming fan de stêdsmagistraat in nije Fermanje bouwe litten hie.
Oant 1918 wied er as skilder eins ûnbekend. Yn 1936 wie der in eksposysje fan syn wurk yn Ljouwert en Amsterdam. Der binne sa'n 25 skilderijen (meast bibelske figueren) fan him bekend, de doopsgesinde gemeente fan Ljouwert hat trije wurken fan him. Lambert Jacobsz. hat twa kear troud west. Yn 1620 boaske hy mei Aeghtje Theunisdochter, har heit wie flaaksferkeaper en minniste dûmny yn Ljouwert. (Vondel skreaun in gedicht foar harren brulloft). Yn 1633 troude er mei Hillegont Velius út it Noard-Hollânske Hoarn.
Fan syn memmekant wie hy in pakesizzer fan de bekende menniste lieder Lubbert Gerritsz. de âldste út Amsterdam. Syn broer Anthony Jacobsz., mei as bynamme Roscius, wie dokter en menniste dûmny yn datselde Hoarn. De Hollânske skilder Abraham van den Tempel wie in soan fan Lambert Jacobsz. Wurk fan him hinget yn it Ryksmuseum fan Amsterdam en yn it Frysk Museum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|