Springe nei ynhâld

Patricia Locke

Ut Wikipedy
Patricia Locke
persoanlike bysûnderheden
echte namme Patricia A. McGillis Locke
Tawačin Wastewin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 jannewaris 1928
berteplak yn it Fort Hall Yndianereservaat
(Idaho)
stoarn 20 oktober 2001
stjerplak Phoenix (Arizona)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
Odjibwe (Ojibwe)
wurkpaad
berop/amt ûnderwiiskundige, heechlearaar
aktyf as aktiviste, religieus liedster
jierren aktyf 19512001
reden
  bekendheid
● wie adviseur oang. wetjouwing
   oer Yndiaanske saken
● sette har yn foar it behâld
   fan 'e Yndiaanske kultuer

Patricia Locke (folút: Patricia A. McGillis Locke, en ek wol bekend ûnder har Lakota-namme Tawačin Wastewin; yn it Fort Hall Yndianereservaat (Idaho), 21 jannewaris 1928Phoenix (Arizona), 20 oktober 2001) wie in Amerikaansk heechlearaar, ûnderwiiskundige, aktiviste en religieus liedster fan Yndiaansk etnysk komôf.

Jonkheid en priveelibben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Locke waard yn 1928 berne yn it Fort Hall Yndianereservaat yn it suden fan 'e steat Idaho, as de dochter fan John McGillis, in amtner yn 'e tsjinst fan it Buro fan Yndiaanske Saken, en dy syn frou Eva Flying Earth. Hja wie fan mingd Hûnkpapa-Lakota- en Odjibwe-komôf. Locke groeide fierhinne op yn Parker, yn 'e steat Arizona, yn it Amerikaanske Súdwesten. Se learde foar ûnderwiiskundige oan 'e Universiteit fan Kalifornje yn Los Angeles, dêr't se yn 1951 ôfstudearre. Fan 1952 oant 1975 wie se troud mei Charles E. Locke, mei wa't se in soan, de muzikant Kevin Locke, en in dochter, Winona Flying Earth, krige.

Locke wie ferskate jierren lang heechlearaar oan 'e Universiteit fan Kalifornje te Los Angeles, mar joech by har libben ek les yn hast alle dielen fan 'e Feriene Steaten, û.m. oan 'e Steatsuniversiteit fan San Fransisko, de Metodistyske Universiteit fan Alaska, de Universiteit fan Kolorado en de Universiteit fan Súdlik Maine. Yn 'e santiger jierren waard se troch it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken beneamd yn 'e Wurkgroep oangeande it Yndiaanske Underwiisbelied. Dêrnjonken droech Locke ek by oan 'e Godstsjinstfrijheidswet foar Amerikaanske Yndianen, fan 1978. Fierders holp se santjin federaal erkende stammen om eigen skoallen foar middelber en heger ûnderwiis op te setten.

Nei har pinsjonearring sette Locke har nei wenjen yn it Standing Rock Yndianereservaat, yn 'e Dakota's. Om 1990 hinne bekearde se har ta it bahaïsme, en neitiid waard se keazen yn 'e bahaïstyske Nasjonale Spirituële Assimblee fan 'e Feriene Steaten. Yn 1993 makke se diel út fan sawol de Yndiaanske as de bahaïstyske delegaasje nei it Parlemint fan Religyen. Tegearre mei Jacqueline Left Hand Bull besocht se dêr in resolúsje yn 'e slotferklearring te krijen dy't it lot fan 'e lânseigen folken fan 'e Amearika's yn omtinken naam en de oare dielnimmers oprôp om it behâld fan lânseigen godstsjinsten, kultueren en talen te ûnderstypjen. Hoewol't dy resolúsje frijwol unanym oannommen waard, waard er neitiid neatich ferklearre en oan kant skood troch de foarsitter fan Parlemint, fanwegen in foarmflater by de stimming en om't it Parlemint bedoeld wie as oerlisorgaan en net om aksje te ûndernimmen.

Patricia Locke kaam yn 2001 yn Phoenix te ferstjerren. De bânopnamen mei har mûnlinge oerlevering binne yn bewarring jûn by de Amerikaanske Library of Congress. Locke waard postúm opnommen yn 'e Amerikaanske National Women's Hall of Fame, yn Seneca Falls.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.