1915
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1915 MCMXV |
Ab urbe condita | 2668 |
Armeenske kalinder | 1364 ԹՎ ՌՅԿԴ |
Etiopyske kalinder | 1907 – 1908 |
Hebriuwske kalinder | 5675 – 5676 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1970 – 1971 |
- Shaka Samvat | 1837 – 1838 |
- Kali Yuga | 5016 – 5017 |
Iraanske kalinder | 1293 – 1294 |
Islamityske kalinder | 1333 – 1333 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4611 – 4612 辛寅 – 壬卯 |
Oergongskalinder foar 1915: | |
1915 is in gewoan jier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 1915.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 3 jannewaris - Geart Aeilco Wumkes jout de earste preek yn it Frysk.
- 15 jannewaris - Japan leit Sina in pakket fan 21 easken foar, dy't yn 'e praktyk delkomme op 'e politike ûnderwerping fan Sina oan Japanske oerhearsking.
- 31 jannewaris - By Bolimov, yn Russysk-Poalen, wurdt foar it earst yn 'e Earste Wrâldoarloch gifgas ynset, troch de Dútsers tsjin 'e Russen.
- 1 febrewaris - William Fox stiftet yn 'e Feriene Steaten de Fox Film Corporation.
- 7-21 febrewaris - Yn 'e Twadde Slach by de Mazoeryske Marren bringe de Dútsers it Russyske leger in swiere nederlaach ta.
- 9 febrewaris - It Feriene Keninkryk slút it Suëzkanaal foar de skipfeart, ek fan neutrale lannen.
- 17 febrewaris - De Gallipoli-kampanje set útein as in Britsk marine-eskader besiket troch de Dardanellen op te stomen nei de Osmaanske haadstêd Konstantinopel.
- 19 febrewaris-18 maart - De Britske marine besiket om 'e nocht om 'e trochfeart troch de Dardanellen te forsearjen, in troch it Osmaanske Ryk behearske seestrjitte dy't mei de Bosporus tagong jout ta de Swarte See en dêrmei ta de Britske bûnsgenoat Ruslân.
- 22 febrewaris - Dútslân kundiget de ûnbeheinde dûkboatoarloch ôf. De ynternasjonale wetters om Grut-Brittanje hinne wurde ta oarlochsgebiet ferklearre.
- 26 febrewaris - Oan it Westfront, by Malancourt, sette de Dútsers foar it earst flammesmiters yn as oarlochswapen.
- 1 maart - It Feriene Keninkryk giet oer ta de blokkade fan 'e Dútske Noardsee-havens en slút It Kanaal foar de skipfeart.
- 6 april - Itaalje easket fan Eastenryk-Hongarije Súd-Tiroal, Istrje en Triëst op yn ruil foar neutraliteit yn 'e Earste Wrâldoarloch.
- 22 april - Begjin fan 'e Twadde Slach om Iper oan it Westfront.
- 24 april - Yn it Osmaanske Ryk begjint de Armeenske Genoside, wêrby't it Osmaanske leger him keart tsjin 'e etnysk Armeenske befolking. Der falle hûnderttûzenen deaden.
- 25 april - De Britske 29e Difyzje en it út Australyske en Nijseelânske soldaten besteande ANZAC geane oan lân op it Gallipoli-skiereilân by de Dardanellen. Se stjitte op ferheftige wjerstân fan Osmaanske troepen. Ynstee fan in flugge opmars nei Konstantinopel út te fieren, komme se fêst te sitten yn harren brêgehaden oan 'e kust. De Gallipoli-kampanje mûnet út yn in útsichtsleaze rinfuorgestriid.
- 26 april - Yn Londen wurdt in geheim ferdrach sletten tusken de Alliëarden en Itaalje oer territoriale kompinsaasje foar Itaalje as dat lân oan harren kant meidwaan soe oan 'e oarloch.
- 4 maaie - Itaalje seit de Triple Alliânsje, it bûnsgenoatskip mei Dútslân en Eastenryk-Hongarije, op.
- 7 maaie - De Sineeske presidint Yuan Shikai williget frijwol alle easken yn dêr't de Japanners op 15 jannewaris l.l. mei kommen binne. Sina wurdt dêrtroch frijwol in Japanske fazalsteat.
- 7 maaie - It Britske passazjiersskip de RMS Lusitania wurdt foar de kust fan Ierlân torpedearre troch in Dútske dûkboat en sinkt binnen 18 minuten. Dêrby komme 1.198 minsken om, wêrûnder 128 Amerikanen. Dat sil twa jier letter noch fan ynfloed wêze op it Amerikaanske beslút om mei te fjochtsjen tsjin 'e Dútsers.
- 14 maaie - By in steatsgreep yn Portegal wurdt premier Joaquim Pimenta de Castro ôfset.
- 24 maaie - Itaalje ynterveniëarret oan 'e kant fan 'e Alliëarden yn 'e Earste Wrâldoarloch en ferklearret Eastenryk-Hongarije de oarloch.
- 21 juny - De pro-Dútske Maritz-rebûlje fan 'e Afrikaners yn Súd-Afrika wurdt ûnderdrukt mei de arrestaasje fan generaal Christiaan de Wet yn 'e neite fan Bloemfontein.
- 22 juny - Dútske en Eastenryksk-Hongaarske troepen weroverje Lemberg op 'e Russen.
- 9 july - De lêste Dútske troepen yn Dútsk-Súdwest-Afrika jouwe har oer oan 'e Súdafrikaanske generaal Louis Botha.
- 28 july - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn Haïty: begjin fan 'e Amerikaanske besetting fan Haïty (dy't oant 1934 duorje sil).
- 5 augustus - Dútske troepen nimme Warsjau yn.
- 17 augustus - By de swiere Orkaan fan Galveston komme yn 'e Amerikaanske havenstêd Galveston (Teksas) 11 minsken om en wurdt foar $84,7 miljard oan skea oanrjochte (d.w.s. omrekkene yn jild fan 2016).
- 20 augustus - Itaalje ferklearret de oarloch oan it Osmaanske Ryk.
- 26 augustus - Dútske troepen feroverje de Russyske stêd Brest-Litovsk.
- 6 septimber - Tsaar Ferdinand I fan Bulgarije begjint geheime ûnderhannelings mei Dútslân en Eastenryk-Hongarije oer Bulgaarske dielname oan 'e Earste Wrâldoarloch.
- 29 septimber - Oan it Mesopotamyske Front feroverje Britske troepen de stêd Al-Kût op 'e Osmanen.
- 6 oktober - Dútske en Eastenryksk-Hongaarske troepen begjinne oan it Balkanfront in nij offinsyf tsjin it Keninkryk Servje.
- 9 oktober - De Servyske haadstêd Belgrado falt yn Dútske en Eastenryksk-Hongaarske hannen.
- 5 oktober - De Alliëarden ûnthjitte militêre stipe oan Servje en stjoere troepen nei de noardlike Grykske stêd Thessaloniki. Kening Konstantyn I fan Grikelân, in sweager fan keizer Willem II fan Dútslân, set dêrop de Grykske premier Eleftherios Venizelos ôf en steld in pro-Dútsk regear oan ûnder premier Sofokles Skouloudis. De Alliëarden negearje de protesten fan it nije Grykske regear en geane fierder mei it stjoeren fan troepen nei Thessaloniki.
- 12 oktober - Nettsjinsteande fûleindige ynternasjonale protesten wurdt yn Brussel de Britske ferpleechster Edith Cavell troch de Dútsers terjochtsteld foar help by de ûntsnapping fan lichtferwûne kriichsfinzen Belgyske en Britske militêren út Dútske kriichsfinzenskip.
- 14 oktober - Bulgarije ferklearret Servje de oarloch en falt it lân út it súdeasten wei binnen.
- 16 oktober - It Feriene Keninkryk en Frankryk ferklearje de oarloch oan Bulgarije.
- 19 oktober - Ruslân en Itaalje ferklearje de oarloch oan Bulgarije.
- 31 oktober - Oan it Balkanfront falt de Servyske stêd Kragujevac yn Dútske en Eastenryksk-Hongaarske hannen.
- 5 novimber - Oan it Balkanfront feroverje de Bulgaren de Servyske stêd Niš.
- mids novimber - Russyske troepen dogge in ynfal yn Perzje om foar te kommen dat dêr in pro- Dútsk regear oan 'e macht komt.
- 20 novimber - Yn Fryslân wurdt de Jongfryske Mienskip oprjochte.
- 23 novimber - Oan it Balkanfront tsjogge de restanten fan it Servyske leger, ynkl. kening Peter II, prins-regint Aleksander, sjef fan de Generale Stêf Radomir Putnik en it regear fan premier Nikola Pašić, de bergen yn op 'e grins fan Kosovo en Albaanje, yn in wanhopich besykjen om oan 'e opmars fan 'e Dútske, Eastenryksk-Hongaarske en Bulgaarske troepen te ûntkommen.
- 5 desimber - Oan it Balkanfront feroverje de Bulgaren de Servyske stêd Monastir.
- 5 desimber - Begjin fan it Belis fan Al-Kût, dêr't it Britske ekspedysjeleger yn Mesopotaamje him weromlutsen hat, troch de Osmanen.
- 10 desimber - De Alliëarden begjinne mei de evakuaasje fan harren troepen fan it skiereilân Gallipoli-skiereilân.
- 15 desimber - Nei in barre tocht troch de bergen berikke de restanten fan it Servyske leger de flakte fan noardlik Albaanje yn 'e neite fan 'e stêd Shkodër.
- 20 desimber - Yn 'e Gallipoli-kampanje wurdt de evakuaasje fan it Australysk-Nijseelânske ANZAC fan it Gallipoli-skiereilân foltôge.
- datum ûnbekend - Geolooch Alfred Wegener komt mei de teory fan Pangeä.
- datum ûnbekend - Eelke van der Meulen hellet as earste ûnderwizer de Fryske Akte.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 25 - Ewan MacColl, Ingelsk folksmuzikant, lietsjeskriuwer, akteur, en aktivist († 1989)
- 31 - Tine Leiker-Kooijmans, Nederlânsk skriuwster en oersetster († 2008)
- febrewaris
- 9 - Grietje Bijlsma, Fryske koartebaanrydster
- 12 - Lorne Greene, Kanadeeske akteur († 1987)
- 28 - Nina Baanders-Kessler, Frysk byldhouwster en medaljeur († 2002)
- maart
- 1 - Tetman de Vries, Frysk kabaretier en revuskriuwer († 1988)
- 1 - Jarich de Vries, Frysk kabaretier en revuskriuwer († 1965)
- 15 - D. Ivan Dykstra, Amerikaansk predikant, teolooch en filosoof († 1999)
- 18 - Harold Crowchild, Kanadeesk rodeocowboy en soldaat († 2013)
- 23 - Lodewijk Meeter, Frysk skûtsjeskipper († 2006)
- april
- 3 - Piet de Jong, premier fan Nederlân († 2016)
- 4 - Muddy Waters (McKinley Morganfield), Amerikaansk muzikant († 1983)
- 10 - Leo Vroman, Nederlânsk dichter en hematolooch († 2014)
- 11 - Ellen de Thouars, Nederlânsk aktrise († 1997)
- maaie
- 6 - Sjoerdtsje Faber, Frysk langeôfstânshurdrydster († 1998)
- 28 - Joseph Greenberg, Amerikaansk taalkundige († 2001)
- juny
- 10 - Saul Bellow, Amerikaansk skriuwer († 2005)
- 14 - Sjoerd Span, Frysk boer en sportbestjoerder († 2001)
- 25 - Riemkje Geveke, Frysk muzikant en muzykprodusint († 2006)
- july
- 30 - Pieter Vries, Frysk boargemaster († 1992)
- augustus
- 26 - Andrew Gronholdt, Amerikaansk boatebouwer en houtbewurker († 1998)
- 29 - Ingrid Bergman, Sweedsk aktrise († 1982)
- septimber
- 4 - Jacob Visser, Nederlânsk archeolooch en genealooch († 1995)
- 9 - Guus Oster, Nederlânsk akteur en produsint († 1984)
- 14 - Hotze Sytses Buwalda, Biltsk taalkundige († 1994)
- 22 - Arthur Lowe, Ingelsk akteur († 1982)
- oktober
- 4 - Koos Schuur, Nederlânsk dichter en skriuwer († 1995)
- 17 - Arthur Miller, Amerikaansk toanielskriuwer († 2005)
- 25 - Johan Jacob Spahr van der Hoek, Frysk sosjolooch, geakundige en publisist († 1996)
- 25 - Paul van Krevelen, Frysk politikus († 2005)
- 28 - Fie Werkman, Nederlânsk keunstner († 2002)
- novimber
- 10 - Marijcke Visser, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1999)
- 11 - Feite de Jager, Frysk keatser († 2007)
- 26 - Herbert Joeks, Nederlânsk akteur en sjonger († 1993)
- desimber
- 5 - Edzo Hendrik Waterbolk, Frysk skiedkundige († 2000)
- datum ûnbekend
- Pyt van der Zee, Frysk toanielregisseur en oersetter († 1998)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 19 jannewaris - Anna Leonowens, Ingelsk gûvernante en skriuwster (* 1831)
- 10 july - Hendrik Willem Mesdag, Nederlânsk keunstskilder (* 1831)
- 17 july - Edward Gustave Mathey, Frânsk-Amerikaansk militêr (* 1837)
- 9 septimber - Albert Spalding, Amerikaansk honkballer en ûndernimmer (* 1850)
- 14 novimber - Booker T. Washington, Amerikaansk aktivist en steatsman (* 1856)
- 19 desimber - Alois Alzheimer, Dútsk psychiater (* 1864)
- datum ûnbekend
- Slacht-Twa (Two Strike), opperhaad fan 'e Lakota (* 1831)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Joseph Conrad, Victory (oerset nei it Frysk as De Oewinning)
Jierren: | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|