Ann Radcliffe
Ann Radcliffe (Holborn, Londen, 9 july 1764 – dêre, 7 febrewaris 1823) wie in Ingelsk romanskriuwster fan meast romantyske spannende boeken dy't ta it sjênre fan de goatyske roman rekkene wurde.
Radcliffe waard berne as Ann Ward, in dochter fan in Londenske middenstanner. Hja waard grutbrocht yn in fermidden dêr't keunst en kultuer wurdearre waarden. Yn 1787 boaske hja mei 22 jier, yn Bath, oan de sjoernalist William Radcliffe, eigner en redakteur fan it tydskrift The English Chronicle. It houlik bleau sûnder bern en Ann begûn te skriuwen om wat om hannen te hawwen, dêrta oantrune troch har man.
Har earste roman, The Castles of Athlin and Dunbayne: a Highland Story, ferskynde yn 1789 en waard in jier letter folge troch A Sicilian Romance. Dizze boeken joegen de toan oan fan har neifolgjend wurk: de haadpersoan wie meast in ûnskuldige, krigele frou dy't yn heimsinnige kastielen bedarre, mei allike mysterieuze kastielhearen. Dizze ferhalen wienen yn har tiid tige populêr by de upper class en de middenstân, ek foaral ûnder jonge froulju.
Yn 1791 ferskynde The Romance of the Forest en yn 1794 folge it boek wêrtroch't hja bekend bleaun is en dat ta de klassikers fan de Ingelske literatuer heart: The Mysteries of Udolpho. Ta har oare wurk hearre A Journey through Holland and the Western Frontier of Germany, in reisferhaal (1795) en de romans The Italian (1797) en Gaston de Blondeville, dat yn 1825 postúm publisearre waard. Yn 1834 ferskynde noch in samling gedichten dy't earder yn har romans opnaam west hienen.
Ann Radcliffes wurk hat ynfloed hân op in protte Ingelsktalige skriuwers, sawol yn as bûten it sjenre fan de goatyske roman, lykas Sir Walter Scott, Charles Dickens, Lord Byron, William Wordsworth en Edgar Allan Poe. De roman Northanger Abbey fan Jane Austen wie in effektive parody op The Mysteries of Udolpho en it sjênre yn it algemien.
Radcliffe rûn derút mei libbene beskriuwings fan eksoatyske sinistere lokaasjes dêr't hja lykwols sels noait west hie, of komselden.
Ann Radcliffe wie skruten, tige op harsels en kaam hast net yn de iepenbierens; ambiearre ek gjin (literêre) ferneamdens. Hja stoar yn 1823 oan de gefolgen fan in longûntstekking en waard begroeven yn Saint George's, Hanover Square yn Londen.
Wichtich wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Castles of Athlin and Dunbayne (1 diel), 1789, goatyske roman. ISBN 0-19-282357-4
- A Sicilian Romance (2 dln.) 1790, goatyske. ISBN 0-19-283666-8
- The Romance of the Forest (3 dln.) 1791, goatyske roman. ISBN 0-19-283713-3
- The Mysteries of Udolpho (4 dln.) 1794. ISBN 0-19-282523-2
- The Italian (3 dln.) 1797, roman. ISBN 0-14-043754-1
- Gaston de Blondeville (4 dln.) 1826, werprinte yn 2006 troch Valancourt Books ISBN 0-9777841-0-X