Abuja
Appearance
Abuja | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nigearia | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.693.400 (2022) | |
Oerflak | 713 km² | |
Befolkingsticht. | 1.147,3/km² | |
Stêdekloft | 3.839.646 (2023) | |
Hichte | 490 m | |
Oar | ||
Stifting | 1976 | |
Tiidsône | West-Afrika Tiid (WAT) (UTC+1) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
(in) www.fct.gov.ng/fcta |
Abuja is de haadstêd fan Nigeria yn westlik Afrika sûnt 1991. Doe't yn 1976 besletten waard dat Lagos net langer nasjonale haadstêd wêze soe, waard in stêd keazen tichteby it sintrum fan it lân. De plande stêd kaam yn it sintrum fan it Federal Capital Territory, it federaal haadstêdlik territoarium.
De measte lannen brochten harren ambassades oer nei Abuja en hanthavenen har grutte eardere ambassades as konsulaten yn Lagos, it grutste plak en wichtichste ekonomyske sintrum fan it lân.
Under Nabuja leit it ynternasjonale fleanfjild Nnamdi Azikiwe International Airport.
Abuja leit op it plak dêr't de rivieren Bénoué en Niger by elkoar komme, yn in gebiet mei in myld savanneklimaat.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Nnamdi Elleh, Abuja : the single most ambitious urban design project of the 20th century, VDG, Weimar, 2001, 97 sdn. ISBN 978-3-89739-165-9
Berne yn Abuja
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- John Owoeri (1987), fuotballer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abuja fan Wikimedia Commons. |