Arnold Heertje
Arnold Heertje (Breda, 19 febrewaris 1934 – Amsterdam, 4 april 2020) wie in Nederlânsk ekonoom, heechlearaar, publisist en kollumnist. Hy waard ûnder oaren bekend fan syn ferset tsjin de Betuweline (Betuwerûte).
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jeugd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heertje groeide foar it grytste part op yn Arnhim. Hy hat in Joadske eftergrûn, yn de Twadde Wrâldkriich dûkte de hiele húshâlding ûnder op 17 novimber 1942. De achtjierrige Arnold bedarre by grifformearde húshâldings yn de Haarlimmermar. Dêr rekke er ûnder de yndruk fan it leauwe en wie er yn 't earstoan fêst fan doel om predikant te wurden, mar hy moast fan syn âlden oant 18 jier wachtsje en dan earst kieze foar in tsjerke. Heertje en syn âlden oerlibben de oarloch troch it ûnderdûken. Yn de ûnderdûktiid kaam er ek yn oanrekking mei earmoede. Hy sei dêroer: "Ik was onder de indruk van het feit dat alle onderduikadressen uit gezinnen bestonden die buitengewoon arm waren. Toen kwam bij mij de vraag op waar die armoede eigenlijk vandaan kwam." In helppredikant miende dat ekonomy dêr de oarsaak fan wie. Doe wist Heertje dat er letter ekonomy studearje woe.[1]
Stúdzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1951 oant 1956 studearre Heertje ekonomy oan de Universiteit fan Amsterdam (UvA). Hy studearre cum laude ôf. Ek oan de UvA promovearre er yn 1960 op syn proefskrift oer de priisteory fan het oligopoly. Fan 1958 ôf joech er al les oan it Joadske Maimonides Lyseum; dêr soe er bliuwe oant 1968. Teffens joech er yn 1963 en 1964 les oan it Baarnsk Lyseum.
Learaar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1962 waard Heertje bekend troch syn boek De kern van de economie. Hûnderttûzenen binne derfan ferkocht en noch hieltyd ferskine er nije printingen fan.
Heertje wie fan 1964 oant 1999 heechlearaar steathúshâldkunde oan de juridyske fakulteit fan de Universiteit fan Amsterdam; fan 1997 oant 2006 wie er dêr ek bysûnder heechlearaar yn de skiednis fan de ekonomyske wittenskip. Op 3 maaie 2006 naam er ôfskied fan de UvA dêr't er doe sa'n 40 jier dosint west hie. Hy is noch altyd ferbûn oan it Vossius Gymnasium te Amsterdam. Heertje is lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW).
Arnold Heertje wie troud, hie trije soannen, Eric (1960), de kabaretier Raoul (1963) en Patrick (1965-1991), en trije bernsbern.
Maatskiplike belutsenens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heertje hat, útsein in koart útstapke nei DS'70 yn de jierren santich, altyd lid west fang de Partij fan de Arbeid (PvdA). Hy wie wol in kritysk lid. Hy sei ûngewosken wêr't it op stie at it om it partijbestjoer gie. Hy sei dêroer: "Het imago van ruziemaker is onderdeel van mijn biografie. Ik kom in opstand als ik mij onrechtvaardig bejegend voel." Neffens him wiene bestjoerders faak net berekkene op harren wurk, dy kwalifikaasje joech er ûnder oaren oan Tineke Netelenbos en Annemarie Jorritsma. Hy wie in ferklearre tsjinstanner fan de oanlis fan de Betuweline (Betuwerûte). Mei seis oare professers hie er noed oer de manipulitative oanpak fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat. Hja wiene net oertsjûge dat it ekonomysk wat opsmite soe en wiene fan betinken dat it allinne jild kostje soe.
Heertje wie ek tsjin de oanlis fan de Amsterdamske Noard/Súdline omdat er fûn dat de stêd te min ekspertize hie. Organisatoarysk, technysk en finansjeel foarseach er in debâkle. De publike sektor soe troch de private sektor by de noas naam wurde.[2]
In de jierren 1970 focht Heertje fergees foar it behâld fan it Amsterdams Volkstoneel, dêr't er bestjoersfoarsitter fan wie.
Healwei de jierren njoggentich rjochte er mei Jo van der Hal de Stichting Behoud Weesper Synagoge op dy't troch ynbring fan de donateurs, de sûnt 1942 net mear brûkte synagoge yn Weesp fan de gemeente keapje koe. Heertje bleau warber yn de Stichting Vrienden van de Weesper Synagoge dy't it gebou op 'e noed hat.
Doe't de feriening Beter Onderwijs Nederland oprjochte waard, gie Heertje by it Kommitee fan Oanbefelling. Doel fan de feriening is 'it sa goed at kin ta bloei komme litte fan de potinsjes fan learlingen en studinten troch in dreech fakynhâldlike en algemiene foarming.'.
Bibleteek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heertje hie in mânske wittenskiplike bibleteek fan sa'n tolvetûzen boeken; hy sammele ek antikwaryske boeken oer ekonomy, wilens hie er dêr sa'n trijetûzen fan dêr't ek de earste printinge fan Das Kapital fan Karl Marx en An Essay on the Principles of Population fan Thomas Malthus (1798) by binne.
Bibliografy (ûnfolslein)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Enkele aspecten van de prijsvorming van consumptiegoederen op monopolistische en oligopolistische markten (1960, proefskrift)
- De kern van de economie (earste printinge yn 1962, oerset yn it Ingelsk, Frânsk en Spaansk)
- Elementaire Economie – economie voor het H.A.V.O. (1966)
- Economie en technische ontwikkeling (1973, oerset yn 't Ingelsk, Frânsk en Spaansk)
- Echte economie, misverstanden over en misstanden in de economie (1977)
- Dat bonte economenvolk (1979, mei R. Kuip)
- De Nederlandse economen (1980, ISBN 90-6213-211-1)
- Bedrijfsstatistiek voor MBA (1994, mei P.A. van der Torre, ISBN 90-6155-537-X)
- Elementaire economie voor de basisvorming (2000, mei oaren, ISBN 90-7486-436-8)
- Marketing in een notendop (2001, Noatedopsearje, ISBN 90-4460-013-3)
- De vierkante waarheid, over politiek, geschiedenis, economie, fraude, onderwijs & zichzelf (2003, ISBN 90-3883-112-9)
- Economie in een notendop (2004, Noatedopsearje, ISBN 90-5333-941-8)
- Schumpeter on the Economics of Innovation and the Development of Capitalism (maart 2006, ISBN 184542445X)
- Echte economie, Een verhandeling over schaarste en welvaart en over het geloof in leermeesters en lernen (2006, Thijmessay, ISBN 90-5625-232-1)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 'Ze snappen er niks van', Miljeudefinsje, 1999
- Arnold Heertje, Tien Geboden, Trouw, 15 aug 2005
- ‘Ik ben blij dat ik geen dominee ben geworden' (mei fideo), Andersdenkenden, RKK (omrop), 26 aug 2007
- Profilen Elemintêre Ekonomy
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|