Springe nei ynhâld

Beieren

Ut Wikipedy
Freistaat Bayern
Flagge Wapen
Vlag van Beieren (geruite variant)(Details) Wapen van Beieren
Lokaasje yn Dútslân
Beieren
Basisgegevens
Lân Dútslân
Haadstêd München
Oerflakte 70.551,57 km²
Befolking 12.492.568 (31-03-2007)
Befolkingstichtens 177,07 inw./km²
Distrikten
Districten van Beieren
De Zugspitze.

Beieren, offisjeel de Frijsteat Beieren (Dútsk: Freistaat Bayern, Beiersk: Baian, Latyn: Bavaria), is ien fan de sechtsjin dielsteaten fan Dútslân (Bundesland), it leit yn it súdeasten fan it lân. Mei in oerflak fan 70.548 kante kilometer, trettsjin kear sa grut as de provinsje Fryslân, en in ynwennertal fan hast 12,5 miljoen minsken, is it de grutste dielsteat fan Dútslân, hast 20% fan it oerflak fan Dútslân leit yn de dielsteat Beieren. Haadstêd fan de dielsteat is München yn it Regierungsbezirk Opperbeieren.

As ien fan de âldste steaten fan Jeropa waard Beieren stifte as hartochdom healwei it earste milennium. Yn de 17e iuw waard de hartoch fan Beieren in keurfoarst fan it Hillige Roomske Ryk. It Keninkryk Beieren bestie fan 1806 oant 1918, sûnt dy tiid is Beieren in frijsteat (republyk). Nei de besetting fan Dútslân troch de Alliëarden (yn it gefal fan Beieren troch de Amerikanen) nei de Twadde Wrâldoarloch, waard Beieren yn 1949 in dielsteat fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân (West-Dútslân). It is de ienichste moderne steat fan Dútslân dy’t nea ta de Hânze heard hat. De befolking fan Beieren is foar it meastepart Katolyk mei in eigen kultuer. It hjoeddeiske Beieren bestiet ek út parten fan de histoaryske regio’s Franken en Swaben.

Beieren leit yn it súdeasten fan Dútslân, it grinzet oan de lannen Eastenryk, Tsjechje en Switserlân mei it Bodenmar en oan de Dútske dielsteaten Baden-Wuertemberch, Hessen, Saksen en Thüringen.

De twa grutste rivieren troch de dielsteat hinne binne de Donau en de Main. De Beierske Alpen grinzje oan Eastenryk en binne de heechste bergen fan Dútslân. De heechste berch fan de Beierske Alpen en fan Dútslân is de Zugspitze. Dizze berikte rikt oant de 2.962 meter.

De grutste stêden fan Beieren binne:

Beieren hat in matige, sêft klimaat. It klimaat giet fan it noardwesten nei it easten oer yn it lânklimaat. Grutte feroarings yn temperatuer binne seldsum. Op lykwols 100 dagen lizze de temperatueren ûnder de 0 °C, de wyn komt meastentiids fan it westen. Delslach falt yn alle jiertiden, der falt sa’n 70 sintimeter rein it jier, yn de Alpen kin dit oprinne oant 180 sintimeter it jier. De sinne skynt jierliks tusken de 1.600 en 1.900 oeren.

De simmer rint fan likernôch maaie oant oktober en hat oer it algemien goed waar. De trochsneed temperatuer leit dan tusken de 20 en 30 °C. Yn de wintermoannen komme der in soad wintersporters nei de Beierske Alpen, hjir kin fan desimber oant april wintersporte wurde. Yn de bergen leit de trochsneed temperatuer op -6 °C.

It earste stamhartochdom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beieren ûntstie doe’t in Germaanske stamme, de Bajuwaren, yn de 6e iuw nei Kristus it gebiet binnenfoel en der in hartochdom stifte ûnder de Agilolfingen. Yn namme binne de Beieren kristen, mar pas nei de komst fan de preesters út it Iersk-Gallyske westen ûntstie der in godstsjinstich libben. Bonifatius krige stipe fan hartoch Odilo (734-748) en reorganisearre of stifte de bisdommen Regensburg, Salzburg, Freising en Passau. Hartoch Tassilo III (748-788) makke him los fan it Frankyske Ryk en ûnderwurp de Slavyske stammen yn it Alpengebiet. Yn 788 waard Tassilo troch Karel de Grutte ôfsetten en it stamhartochdom ynlive by it Frankryske Ryk. By de splitsing fan it Frankyske Ryk yn 843 yn it Ferdrach fan Ferdun kaam Beieren by it East-Frankyske Ryk te hearren ûnder Loadewyk de Dútser. Binnen it East-Frankyske Ryk wie Beieren it kearnlân fan de keningen.

Frijsteat Beieren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn novimber 1918 waard de oant dan ta populêre kening Loadewyk III troch in folksopstân, de Beierske Revolúsje ûnder lieding fan de ûnôfhinklike sosjalist Kurt Eisner, ôfsetten en fuortjeit. Eisner rôp doe de Frijsteat Beieren út en waard minister-presidint fan de steat. Op 21 febrewaris 1919 waard Kurt Eisner troch de jonge greve Anton von Arco auf Valley deasketten. As wraak rôpen de ûnôfhinklike sosjalisten de Riedenrepublyk Beieren út. Letter waarden de ûnôfhinklike sosjalisten troch de kommunisten ôfsetten, dy’t de twadde Riedenrepublyk útrôpen. Op 1 maaie 1919 waard de Riedenrepublyk ta fal brocht troch ferskate frijkorpsen.

Nei it ‘reade eksperimint’ waard Beieren in bolwurk fan de ekstreem-rjochtse nasjonalisten en reaksjonêren. Yn de begjin fan de 20’er jierren waard Gustav Ritter von Kahr (1862-1934) rykskommissaris fan Beieren en besike de steat ôf te skieden fan Dútslân. Yn 1923 besike Adolf Hitler, mei stipe fan de nazi’s en generaal Erich Ludendorff, mei in steatsgreep (putsch) Von Kahr ôf te setten en fan Beieren in nazi-steat te meitsjen. Dizze steatsgreep mislearre.

Hjirnei waard it relatyf rêstich yn de steat, en Von Kahr moast nei ferrin fan tiid plak meitsje foar mear konstitúsjonelere minsken. Nettsjinsteande bleaun Beieren it heitelân fan de nazi’s en ek it wichtichste haadkertier fan de nasjonaal-sosjalisten wienen der fêstige. Nei de nasjonaal-sosjalistyske machtsoername yn 1933 waarden yn 1935 yn Neurenberg de antysemityske Neurenberger wetten ynsteld.

Yn 1945 waard Beieren troch de Amerikanen befrijd/besetten, en sy instalearren der in ynterimbestjoer, dat letter nei demokratyske ferkiezings ferfongen waard troch in Beiersk regear. Al op 28 septimber 1945 rjochte generaal Dwight Eisenhower by proklamaasje de Frijsteat Beieren yn syn hjoeddeistige foarm op. De Rynpalts bleaun skieden fan Beieren en waard in part fan de dielsteat Rynlân-Palts (Rheinland-Pfalz). Sûnt dy tiid waakse Beieren út ta de rykste dielsteat fan Dútslân. It wurdt hjoed de dei amperoan altiden regear troch de Kristlike-Sosjale Uny (Christlich-Soziale Union; CSU), de susterpartij fan de Kristen-Demokratyske Uny (CDU).

It Beierske Lândeigebou.

Beieren hat in mearpartijenstelsel wêr’t de grutste partijen de konservative Kristlike-Sosjale Uny, dy’t al sûnt 1957 alle ferkiezings wûn hawwe, en de Sosjaal Demokratyske Partij fan Dútslân (Sozialdemokratische Partei Deutschlands; SPD). De Dútske griene partij, Ferbûn ‘90/De Grienen (Bündnis 90/Die Grünen), wurde ek represintearre yn it parlemint. Sûnt 2008 wurde de Dútske liberale partij, de Frije Demokratyske Partij (Freie Demokratische Partei; FDP) en de Frije Stimmers (Freie Wähler) ek represintearre yn it Beierske parlemint. CSU en FDP kamen yn oktober 2008 in koalysje oerien, wylst de SPD, de Frije Stimmers en de Grienen de opposysje foarmje.

Beieren hat in ienkeamerige Lândei (Landtag), of parlemint, keazen mei algemien stimrjocht. Oant desimber 1999, wie der ek in Senaat, waans leden keazen waarden troch sosjale en ekonomyske groepen yn Beieren, mar nei in referindum yn 1998 waard dat ynstitút opheft. It haad fan de oerheid is de Minister-Presidint.

Yn 1995 waard yn Beieren de direkte demokrasy ynfierd op it lokale nivo. Dizze ûntwikkeling waard yn gong setten troch de organisaasje dy’t himsels Mehr Demokratie (Mear Demokrasy) neamd hie.

By de ferkiezings fan 2003 wûn it CSU mear as twa-tredde fan de sitten yn de Lândei, eat wat in oare partij noch nea berikt hat nei de oarloch yn de Dútske skiednis. Yn de ferkiezings fan 2008 ferlear de CSU harren absolute mearderheid foar it earst yn 46 jier tiid.[1]

Diplomatike bannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Partnerregion des Freistaates Bayern [2]
Shandong Folksrepublyk Sina 1987 flagge fan Sina
Wappen von Québec Québec Kanada 1989 flagge fan Kanada
Westkaap Súd-Afrika 1995 flagge fan Súd-Afrika
Gauteng Súd-Afrika 1995 flagge fan Súd-Afrika
Wappen von São Paulo São Paulo Brazylje 1997 flagge fan Brazylje
Wappen von Kalifornien Kalifornje Feriene Steaten 1998 flagge fan de Feriene Steaten
Guangdong Folksrepublyk Sina 2004 flagge fan Sina
Wappen von Karnataka Karnataka Yndia 2007 flagge fan Yndia

Beieren jild as in ekonomysk sterke en rike steat, de grutste fan Dútslân en as steat sels ien fan de grutste ekonomyen fan Jeropa. It bruto binnenlânsk produkt oersteech yn 2007 de 434 miljard euro. Dit makket Beieren op harren sels ien fan de grutste ekonomyen fan Jeropa en de 19e ekonomy fan de wrâld. Beieren hat him yn de lêste desenniums ûntwikkele fan in agrarysk nei in technologyske steat. Guon grutte bedriuwen hawwe harren haadkertier yn Beieren, bygelyks BMW, Siemens, Audi, Munich Re, Allianz, Infineon, MAN, Wacker Chemie, Puma AG en Adidas.

Flughafen München Franz Josef Strauß.

Beieren beskikt oer in goed ynfrastruktuer netwurk. Troch Beieren geane inkele fan Dútslâns wichtige autobahnen, de A3, A6, A7, A8, A9 binne inkele hjirfan. Yn in stjerfoarm fan München út geane wegen nei de oare grutte stêden fan de dielsteat. Oer de Beierske autowegen komt altyd in soad (Nederlânsk) ferkear del dat ûnderweis is nei harren fakânsjebestimmings yn de Alpen of yn de Súd-Jeropeeske lannen as Itaalje, Sloveenje en Kroaasje.

Ek hat Beieren in ticht netwurk fan spoarwegen, mei tal fan stasjons. It Münchener Hauptbahnhof is ien fan de grutste fan spoarweistasjons fan Dútslân en foarmt in wichtich knooppunt yn it ynternasjonale ferkear yn Jeropa. München en Nürnberg hawwe metrostelsels (de ferneamde U-bahnen) en S-bahnen, wat stiet foar Stadtschnellbahn, in foarm fan ferfier tusken de grutte stêden en harren foarstêden.

Yn fan Jeropa’s grutste ferkearsknooppunten is it fleanfjild fan München, Flughafen München Franz Josef Strauß. Ek Nürnberg en Memmingen hawwe ynternasjonale fleanfjilden. De measte binnenskipfeart giet oer de Donau, de Main en troch it Main-Donau-Kanaal, sa't de namme al seit, in kanaal tusken de Donau en de Main.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regierungsbezirke (regio's)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Frijsteat Beieren is opdield yn 7 administrative distrikten, de saneamde Regierungsbezirken.

Regierungs­bezirk Wapen Haadplak Ynwenners (2008) Oerflak (km²) Tal Landkreise Tal Kreisfrije stêden
Opperfranken (Oberfranken) Wapen fan Opperfranken Bayreuth 1.085.770 7.231 9 4
Middelfranken (Mittelfranken) Wapen fan Middelfranken Ansbach 1.714.453 7.245 7 5
Underfranken (Unterfranken) Wapen fan Underfranken Würzburg 1.331.500 8.531 9 3
Swaben (Schwaben Wapen fan Schwaben Augsburg 1.787.995 9.992 10 4
Opperpalts (Oberpfalz) Wapen fan Opperpalts Regensburg 1.085.216 9.691 7 3
Opperbeieren (Oberbayern) Wapen fan Opperbeieren München 4.320.934 17.530 20 3
Underbeieren (Niederbayern) Wapen fan Underbeieren Landshut 1.193.444 10.330 9 3
Beieren Wapen fan Beieren München 12.519.312 70.549 71 25

Dizze Regierungsbezirken binne wer opdield yn 71 Landkreise en 25 kreisfreie Städte.

Landkreise (Landkreisen)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lânkreisen en Stêdfrije kreisen.
Beafearttsjerke fan Wies
Landkreis Bamberg
  1. Aichach-Friedberg
  2. Altötting
  3. Amberg-Sulzbach
  4. Ansbach
  5. Aschaffenburg
  6. Augsburg
  7. Bad Kissingen
  8. Bad Tölz-Wolfratshausen
  9. Bamberg
  10. Bayreuth
  11. Berchtesgadener Land
  12. Cham
  13. Coburg
  14. Dachau
  15. Deggendorf
  16. Dillingen an der Donau
  17. Dingolfing-Landau
  18. Donau-Ries
  19. Ebersberg
  20. Eichstätt
  21. Erding
  22. Erlangen-Höchstadt
  23. Forchheim
  24. Freising
  1. Freyung-Grafenau
  2. Fürstenfeldbruck
  3. Fürth
  4. Garmisch-Partenkirchen
  5. Günzburg
  6. Haßberge
  7. Hof
  8. Kelheim
  9. Kitzingen
  10. Kronach
  11. Kulmbach
  12. Landsberg am Lech
  13. Landshut
  14. Lichtenfels
  15. Lindau
  16. Main-Spessart
  17. Miesbach
  18. Miltenberch
  19. Mühldorf am Inn
  20. München
  21. Neuburg-Schrobenhausen
  22. Neumarkt in der Oberpfalz
  23. Neustadt an der Aisch-Bad Windsheim
  24. Neustadt an der Waldnaab
  1. Neu-Ulm
  2. Nürnberger Land
  3. Oberallgäu
  4. Ostallgäu
  5. Passau
  6. Pfaffenhofen an der Ilm
  7. Regen
  8. Regensburg
  9. Rhön-Grabfeld
  10. Rosenheim
  11. Roth
  12. Rottal-Inn
  13. Schwandorf
  14. Schweinfurt
  15. Starnberg
  16. Straubing-Bogen
  17. Tirschenreuth
  18. Traunstein
  19. Unterallgäu
  20. Weilheim-Schongau
  21. Weißenburg-Gunzenhausen
  22. Wunsiedel im Fichtelgebirge
  23. Würzburg

Kreisfreie Städte (stêdsdistrikten)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Amberg
  2. Ansbach
  3. Aschaffenburch
  4. Augsburch
  5. Bamberch
  6. Bayreuth
  7. Coburg
  8. Erlangen
  9. Freising
  10. Fürth
  1. Hof
  2. Ingolstadt
  3. Kaufbeuren
  4. Kempten
  5. Landshut
  6. Memmingen
  7. München
  8. Neurenberch (Nürnberg)
  9. Passau
  10. Regensburch
  1. Rosenheim
  2. Schwabach
  3. Schweinfurt
  4. Straubing
  5. Weiden
  6. Würzburch

De 71 Landkreisen binne wer opdield yn 2.031 ferskate gemeenten (Gemeinde, meartal Gemeinden),, tegearre mei de 25 Kreisefreie stadte binne der 2.056 gemeenten yn Beieren.

Yn 44 fan de 71 Landkreisen, binne der 215 gemeentefrije gebieten (sûnt 1 jannewaris 2005 gemeindfreie gebiete neamd), dy’t net ta in gemeente behearre. Al dizze gebieten binne ûnbewenne, se besteane foar it meastepart út bosk, mar ek út marren.

De kultuer fan Beieren ferskilt op guon manearen dan dy fan oare parten fan Dútslân. Benammen op it plattelân fan de dielsteat komme noch Beierske kultuerele utings foar.

56,4% fan de ynwenners hingje it leauwe fan de Katolike Tsjerke oan, 21% sitte by de Evangelyske Tsjerke yn Dútslân (Evangelische Kirche in Deutschland).

It meastepart fan Beieren is Roomsk Katolyk, mar de Evangelyske Luterske Tsjerke yn Beieren (Evangelisch-Lutherische Kirche in Bayern) hat in grutte oanwêzigens yn Franken. Allinne de dielsteat Saarlân hat in heger persintaazje Katoliken dan Beieren.

De hjoeddeiske paus, Benedictus XVI (Joseph Alois Ratzinger), waard berne yn Marktl am Inn, yn Opperbeieren en wie Kardinaal-Ierdsbiskop fan München en Freising.

It leauwe bliuwt in wichtige rol spyljen foar in soad minsken yn de regio, wat werom komt yn it typyske groetsjen yn Beieren, Eastenryk en Schwaben: Grüß Gott (Groet God!, oarspronklik fan “es Grüße dich Gott” - “God groetet jo”)

It Oktoberfest yn 2007.
Dialektenkaart fan Súd-Dútslân.

De Beierske befolking is grutsk op harren tradysjes. Tradisjonele kostúms, bekend as Tracht, wurde droegen op guon gelegenheden, wêrûnder de ferneamde Lederhosen foar manlju en de Dirndl foar froulju. Iuwenâlde folksmuzyk wurdt opfierd by de lokale feesten. De Maibaum, de maaiebeam, giet werom op âlde gewoanten fan Keltyske en Germaanske stammen.

Ek de Beierske befolking om utens hâlde harren tradysjes oerein. Se hâlde festivals om harren tradisjonele libben yn stân te hâlde. Yn New York City is der in organisaasje dy’t him dwaande hâldt mei de Steuben Parade elts jier. It ferneamde Oktoberfest yn München, wrâlds grutste bierfeest, wurde ek op grutte skaal troch de Dútske befolking yn Kanada, de Feriene Steaten, Brazylje, Argentynje en Sily hâlden.

Iten en drinken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de folksfestivals wurdt der altyd in soad bier dronken, bekend binne de grutte pullen bier fan it Oktoberfest. Ferneamd fiedsel út Beieren is de Weisswurst (lokaal Weißwuascht). Ut de regio Franken komme in soad kwaliteitswinen, dy’t hjir al mear as tûzen jier produsearre wurde. In soad plakken hawwe harren eigen wynfestivals.

Taal en dialekt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trije Dútske dialekten wurde sprutsen yn Beieren: it Beiersk, Swabysk en Eastopperfrankysk. Ynwenners fan Beieren binne tige grutsk op harren dialekt, en de measte minsken sprekke dan ek ien fan de trije dialekten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fiasko für die CSU, N-tv, 28 septimber 2008 (sjoen op 17 desimber 2009)
  2. Beziehungen Bayerns zu außereuropäischen Staaten und Regionen
Beieren Flagge fan Beieren
Regierungsbezirke

Middelfranken - NederbeierenNederfrankenOpperbeieren - Opperfranken - Opperpalts - Swaben

Landkreise

Aichach-Friedberg - Altötting - Amberg-Sulzbach - Ansbach - Aschaffenburg - Augsburg - Bad Kissingen - Bad Tölz-Wolfratshausen - Bamberg - Bayreuth - Berchtesgadener Land - Cham - Coburg - Dachau - Deggendorf - Dillingen an der Donau - Dingolfing-Landau - Donau-Ries - Ebersberg - Eichstätt - Erding - Erlangen-Höchstadt - Forchheim - Freising - Freyung-Grafenau - Fürstenfeldbruck - Fürth - Garmisch-Partenkirchen - Günzburg - Haßberge - Hof - Kelheim - Kitzingen - Kronach - Kulmbach - Landsberg am Lech - Landshut - Lichtenfels - Lindau - Main-Spessart - Miesbach - Miltenberch - Mühldorf am Inn - München - Neuburg-Schrobenhausen - Neumarkt in der Oberpfalz - Neustadt an der Aisch-Bad Windsheim - Neustadt an der Waldnaab - Neu-Ulm - Nürnberger Land - Oberallgäu - Ostallgäu - Passau - Pfaffenhofen an der Ilm - Regen - Regensburg - Rhön-Grabfeld - Rosenheim - Roth - Rottal-Inn - Schwandorf - Schweinfurt - Starnberg - Straubing-Bogen - Tirschenreuth - Traunstein - Unterallgäu - Weilheim-Schongau - Weißenburg-Gunzenhausen - Wunsiedel im Fichtelgebirge - Würzburg

Kreisfreie Städte

Amberg - Ansbach - Aschaffenburch - Augsburg - Bamberch - Bayreuth - Coburg - Erlangen - Freising - Fürth - Hof - Ingolstadt - Kaufbeuren - Kempten - Landshut - Memmingen - München - Neurenberch - Passau - Regensburg - Rosenheim - Schwabach - Schweinfurt - Straubing - Weiden - Würzburg

· · Berjocht bewurkje
Dútslân Flagge fan Dútslân
Baden-Wuertemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlân-Palts - Saarlân - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Tueringen
· · Berjocht bewurkje