Springe nei ynhâld

Beringlânbrêge

Ut Wikipedy
Beringlânbrêge ûnder ûntgletsjeringstiidrek

De Beringlânbrêge, ek bekend as Beringje, wie in lânbrêge dy't ûnder de iistiden it tsjintwurdige Alaska en eastlik Sibearje mei inoar ferbûn. De lânbrêge is ferneamd nei Deenske ûntdekkingsreizger Vitus Bering, dy't yn tsjinst fan de Russyske tsaar begjin 19e iuw de kuststripen fan de Noardlike Grutte Oseaan yn kaart brocht.

De Beringstrjitte ferbynt de Tsjûktsjensee yn it noarden en de Beringsee yn it suden, beide ûndjipe wetters. Yn globale tiidrekken mei grutte kâldens, lykas de meast resinte iistiden, falt in protte wetter yn de foarm fan snie of iis op de iiskappen fan de Noard- en Súdpoal, dêr't it seenivo troch omleech giet en de seeboaiem bleat komt te lizzen.

De Beringlânbrêge hat om ferskate redenen fan betsjutting west, dêr't net it minst wichtige fan wie de minsklike migraasje oer de Beringlânbrêge fan Aazje út nei it kontinint Amearika om-ende-by 12.000 jier lyn. Ek bisten koenen troch de lânbrêge migrearje.

Troch it omheech en omleech gean fan it seenivo oer de hiele wrâld is de lânbrêge op ferskate tiden yn it Pleistoseen bleatlein. Der wurdt tocht dat de Beringlânbrêge bestien hat yn sawol de iisstiid fan 35.000 f.Kr. as de mear risintere iistiid fan 22.000-7000 jier tebek.