Springe nei ynhâld

Bernard Hinault

Ut Wikipedy
Bernard Hinault
sporter
Bernard Hinault (2005)
Bernard Hinault (2005)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bernard Hinault
bynamme Le Blaireau
nasjonaliteit Frânsk
bertedatum 14 novimber 1954
berteplak Yffiniac
lingte 174 sm
gewicht 62 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1971
karriêre-ein 1986
wichtige prestaasjes
Omgong fan Frankryk (1978-1979, 1981-1982, 1985),
Omgong fan Spanje (1978, 1983),
Omgong fan Itaalje (1980, 1982, 1985)

Bernard Hinault (Yffiniac, 14 novimber 1954) in eardere Frânsk hurdfytser.

Hinault wie sûnder mis ien fan de sterkste en mearsidichste hurdfytsers út de skiednis. Hy wie de bêste tiidrider fan syn generaasje en koe ek berchop en ek yn de sprint de spesjalisten ferslaan.

Syn alsidichheid docht bliken út it grutte tal omgongen en fytsklassikers dy't er wûn. Hinault wie nei Jacques Anquetil en Eddy Merckx de tredde hurdfytser dy't de Omgong fan Frankryk fiif kear wûn. Dy prestaasje waard letter allinnich helle troch Miguel Induráin. Dêrneist wûn er trijeris de Omgong fan Itaalje en twaris de Omgong fan Spanje. Hinault is boppedat ien fan de pear hurdfytsers dy't de Omgongen fan Itaalje en Frankryk yn ien seizoen wûn. Hy die dat twa kear, yn 1982 en yn 1985.

Allyksa stiet syn namme mear as ien kear op de earelist fan de Waalse Pylkl, Luik-Bastenaken-Luik en de Omloop fan Lombardije. Hinault hie it mier oan de kasseien fan Parys-Roubaix, mar it tekenet syn eargefoel dat hy it dêr krekt allike lang besocht oant er dy presizjeuze priis yn 1981 wûn.

Hinault kaam op foar in rjchtfeardige behanneling fan de fytsers en lei by konflikten mei grut gesach de koers stil. Dan kamen de mannen rinnend oer de finish of se gienen letter op hielendal net fan start. Hy waard dêrtroch troch syn maten respektearre, bewûndere en freze.

Op 14 novimber 1986 einige Hinault syn sportive wurkpaad. Hinault is sûnt jierren part fan it organisaasjekommitee fan de Omgong fan Frankryk.

Hinault syn bynamme wie Le Blaireau, dat troch Nederlânske (mar ek oare net-Frânsktalige) sportkommentators steefêst oersetten waard mei De Das. Dy oersetting wie net sa gek betocht: dassen binne fretsekken en Hinault wie dat - yn de tradysje fan Eddy Merckx - ek. Mar de Frânsen bedoelden mei Le Blaireau lykwols dat er in grânzerich man wie en dat wie noch tichter by de wierheid, want dassen grânzgje. In alternative útlis is dat Blaireau skearkwaste betsjut, om'tt Bernard Hinault yn it begjin fan syn karriêre faak in switbân om syn holle hie sadat syn hier der as in skearkwaste boppe-út stuts. Dat is ea troch in Nederlânske sjoernalist ferkeard oersetten as 'de das'. Dat misferstân is begryplik omdat blaireau beide betsjuttings hawwe kin; skearkwasten waarden makke fan dassehier.

Ploegen dêr't Hinault foar riden hat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Gitane (1974)
  • Gitane-Campagnolo (1975–1977)
  • Renault-Gitane (1978-1980)
  • Renault-Elf-Gitane (1981-1983)
  • La Vie Claire (1984–1986)

Dielname oan grutte omgongen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1978 - 1ste; winner 8ste, 15e en de 20ste etappe
  • 1979 - 1ste; winner 2e, 3e, 11e, 15e, 21ste, 23ste en de 24ste etappe.
  • 1980 - net finisht; winner 1ste, 4e en de 5e etappe.
  • 1981 - 1e; winner 1ste, 6e, 14e, 18e en de 20ste etappe.
  • 1982 - 1e; winner prolooch, 14e, 19e en de 21ste etappe.
  • 1984 - 2e; winner 1ste etappe.
  • 1985 - 1ste; winner prolooch en de 8ste etappe.
  • 1986 - 2e; winner 9e, 18e en de 20ste etappe.

Dielname oan de Omgong fan Spanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1978 - 1ste; winner prolooch, 11e, 12e, 14e en de 18e etappe.
  • 1983 - 1ste; winner prolooch, 15e en de 17e etappe.

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1980 - 1e; winner 14e etappe
  • 1982 - 1e; winner 3e, 12e, 18e en de 22ste etappe
  • 1985 - 1e; winner 12e etappe