Billboard Hot 100
De Billboard Hot 100 (útspr.: ['bɪlboəɹd hɔt wɑn'hʌndɹəd], likernôch: "bil-board hot ûan-han-drud") is de wichtichste Amerikaanske hitlist foar singles fan popmuzyk. De list wurdt sûnt 1958 ienris yn 'e wike publisearre troch it tydskrift Billboard. Hy wurdt gearstald op basis fan ferkeapsifers (fysyk en digitaal), airplay (hoe faak oft in nûmer op 'e radio draaid wurdt), en hoe faak oft it yn 'e Feriene Steaten online streamd wurdt.
De perioade op basis wêrfan't de Billboard Hot 100 gearstald wurdt, rûn oarspronklik fan moandei oant en mei snein doe't it bedriuw Nielsen yn 1991 úteinsette mei it byhâlden fan 'e ferkeapsifers, mar yn july 2015 waard dy perioade feroare yn freed oant en mei tongersdei. Deselde perioade foar it fêstlizzen fan data jildt ek foar online streaming media. Hoefolle útstjoertiid oft op 'e radio oan in beskaat nûmer bestege wurdt ('airplay'), wurdt byholden yn in syklus dy't fan moandei oant en mei snein rint (foarhinne woansdei oant en mei tiisdei). Billboard stalt eltse tiisdei in nije Hot 100-hitlist gear en makket dy deselde deis noch iepenbier.
De earste nûmer 1-hit fan 'e Billboard Hot 100 wie Poor Little Fool, fan Ricky Nelson, op 4 augustus 1958. Oant en mei de wike dy't einige op 2 maaie 2020 hie de hitlist 1.098 ferskillende nûmer 1-hits hân.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |