Springe nei ynhâld

Burlesque

Ut Wikipedy
In burlesque-ferzje fan Ben-Hur, út omtrint 1900.

In burlesque is in literêr, teätraal of muzikaal wurk dat bedoeld is om it publyk oan it laitsjen te bringen troch it karikaturisearjen fan serieuze wurken. It wurd komt fan it Italjaanske burlesco, dat weromgiet op burla, dat "grap" of "spot" betsjut. De burlesque oerlapet yn betsjutting mei de parody en de satire en ek mei it ekstravaganza fan it Fiktoriaanske Tiidrek.

Histoarysk binne der burlesques makke fan wurken fan Chaucer en Shakespeare en fan Aldgrykske en Romeinske trageedzjes. Foarbylden fan literêre burlesques binne The Rape of the Lock, fan Alexander Pope, en Hudibras, fan Samuel Butler. In foarbyld fan in muzikale burlesque is Burleske, fan Richard Strauss. Foarbylden fan teätrale burlesques binne Robert the Devil, fan W.S. Gilbert, en Ruy Blas and the Blasé Roué, fan A.C. Torr en Meyer Lutz.

In fêst ûnderdiel fan 'e Fiktoriaanske burlesque wie it fertoan fan kreaze froulju yn travestyrollen (dus ferklaaid as manlju). Dêrby droegen se dan hûdkleurige majo's om harren skonken sjen te litten, wat yn in tiid dat manlju al opwûn rekken fan in bleat ankel der mar kwealk mei troch koe. It waard troch in protte minsken dan ek as ûnfatsoenlik beskôge. De toanielstikken sels wiene lykwols frij nuet en der mar amper op ôf.

In letter gebrûk fan 'e term burlesque, benammen yn 'e Feriene Steaten, ferwiist nei in soarte fan fariëtee dat opfierd waard yn teäters en skouboargen. Dy Amerikaanske burlesque ûntstie út 'e Fiktoriaanske burlesque dy't koart nei 1840 foar it earst yn New York op 'e planken brocht waard. It waard fan 1868 ôf yn 'e Feriene Steaten popularisearre troch de British Blondes, in besykjend Britsk toanielselskip ûnder lieding fan Lydia Thompson. Neitiid begûnen New Yorkske burlesque-shows al rillegau eleminten oer te nimmen fan 'e yn dy tiid populêre minstreelshows.

De Amerikaanske burlesque bestie út fjouwer ûnderdielen: earst lieten en skeane komyske sketchen; folge troch muzikale nûmers en optredens fan manlike artysten lykas akrobaten, gûchelders en sjongers; dan koarsang en soms in burlesque yn 'e Ingelske styl mei as ûnderwerp fan bespotting de polityk of in toanielstik dat op dat stuit populêr wie; en as ôfsluting in optreden fan in froulike dûnseresse dy't in striptease opfierde of oars in wraksel- of bokswedstryd. De Amerikaanske foarm fan burlesque wie tige populêr fan likernôch 1875 oant 1920. De ynfiering fan 'e Drûchlizzing, yn 1919, wat betsjutte dat der gjin alkohol mear skonken wurde mocht, wie in slimme klap foar dizze foarm fan teäter. Letter lei yn New York boargemaster Fiorello H. La Guardia it near op 'e burlesque, sadat it dêr begjin 1940-er jierren effektyf ophold te bestean. Yn oare dielen fan 'e Feriene Steaten libbe it yn almar fierdere delgong fuort oant de iere 1970-er jierren. Sûnt de 1990-er jierren bestiet der nije belangstelling foar de Amerikaanske burlesque en is der wer in lytse oplibbing kommen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.