Springe nei ynhâld

Golf fan Guinee

Ut Wikipedy
Golf fan Guinee
geografy
type wetter rânesee
lokaasje s. fan West-Afrika en
    w. fan Sintraal-Afrika
lân Benyn
Ekwatoriaal-Guinee
Gabon
Gana
Ivoarkust
Kameroen
Nigearia
Sao Tomee en Prinsipe
Togo
koördinaten 0°0′ N, 0°0′ E
ûnderdiel fan Atlantyske Oseaan
sifers
oerflak 2.350.000 km²
djiptegemiddelde 3.743 m
djipste punt 6.363 m
In satellytfoto fan de Golf fan Guinee.
In satellytfoto fan de Golf fan Guinee.

De Golf fan Guinee is in brede soarte fan ynholte fan de Atlantyske Oseaan oan de westkant fan het Afrikaanske kontinint.

De Baai fan Benyn yn it noardwesten fan de golf en de Golf fan Bonny yn it noardeasten binne part fan de Golf fan Guinee.

De golf hat in rige fan fulkanyske eilannen, dy't part binne fan in breksône, dêr't ek de yn Kameroen lizzende Kameroenberch en it Adamawaberchtme ta beheare. De eilannen binne fan noardwest nei súdeast; Bioko (2.017 km²), Prinsyp, Sao Tomee en Annobon (17 km²). Foar de kust fan Gabon en Ekwatoriaal-Guinee leit Corisco.

Under de protte rivieren dy't yn de golf mûnje, binne de Niger, Volta en de Sanaga.

Fral de Niger hat yn de rin fan miljoenen jierren in grutte massa organysk sediminten ôfset, dy't úeinlik laat hawwe ta de foarming fan in enoarm grutte poarsje rauwe oalje. De regio is bekend as ien fan de grutste en meast wichtige oaljewingebieten fan de wrâld.

De neikommende lannen grinzje oan of lizze yn de golf:

18e iuwske kaart fan de Golf fan Guinee

Der is striderij oer, mar guon tinke dat dizze kusten al om 470 f.Kr. ferkend binne troch de ekspedysje fan Punyske Foenysjer Hanno de Seefarder.

Fan de kust fan Boppe-Guinee waarden yn de koloanjale tiid fjouwer dielen ûnderskieden yn: Piperkust (no Libearia), Ivoarkust, Goudkust (Westafrika) (no Gana) en de Slavekust (no Togo, Benyn en westlik Nigeria). De nammen litte sjen hokker hannel op in stuit it foarneamste wie.

Tusken 1884 en 1919 grinzen de Dútske koloanjen fan West-Afrika oan de Golf fan Guinee. Oanswettende koloanjen wiene fan Frankryk, it Feriene Keninkryk, Portegal en Spanje. Earder hie ek Nederlân syn hannelsplakken, mei forten, oan de noardkust fan de Golf.