Gandzasar
Gandzasar Գանձասարի վանք | ||
Lokaasje | ||
lân | Azerbeidzjan | |
provinsje | Kalbajar (de jure) Martakert (de facto) | |
plak | Vank | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
patroanhillige | Jehannes de Doper | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 13e iuw | |
Webside | ||
Side fan it kleaster | ||
Kaart | ||
Gandzasar (Armeensk: Գանձասար, Azerbeidzjaansk: Gəncəsər) is in kleaster fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn 'e eardere Republyk Artsach (ek: Republyk Nagorno-Karabach), Azerbeidzjan. It stiet op in hichte súdwest fan it plak Vank, himelsbreed likernôch 30 kilometer noarwestlik fan 'e haadstêd Stepanakert.
Yn it kleaster wurde reliken bewarre, dy't taskreaun wurde oan Jehannes de Doper en syn heit Sacharías. It kleaster wie oant de Azerbeidzjaanske ynfaazje fan 2023 de sit fan 'e troch Edzjmiatsin beneamde aartsbiskop fan Artsach fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard yn 1216 stifte en betsjut yn it Armeensk de berch fan skatten. Foar de ferdigening fan it kleaster waard in hege muorre om it kompleks oanlein. Binnen de muorren fan it kleaster stiet de oan Jehannes de Doper wijde en tusken 1216 en 1238 boude tsjerke. De tsjerke waard fan reade dowestien boud, dy't yn 'e rin fan 'e tiid readbrún ferkleure.
De tamboer fan 'e koepel is dekorearre mei basreliëfs fan 'e krusiging fan Jezus, Adam en Eva en twa geastliken, dy't boppe harren holle in model fan 'e tsjerke festhâlde. De reliëfs wurde ferlikene mei dy fan 'e tsjerke fan Akdamar yn it hjoeddeiske Turkije. It kleaster wurdt ta de moaiste foarbylden fan Armeenske arsjitektuer rekkene.
De fal fan 'e Sovjet-Uny joech de gelegenheid oan it yn mearderheid troch Armeenjers bewenne Nagorno-Karabach om harren ôf te skieden fan it foar it meastepart islamityske Azerbeidzjan. By it konflikt, dat doe yn 1991 ûnstie, hie ek it kleaster slim te lijen en ien fan 'e gebouwen waard sels folslein ferneatige.
Azerbeidzjaanske offinsyf fan 2023
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Azerbeidzjaanske oanfal fan 19-20 septimber 2023 en de flecht fan 'e hiele Armeenske befolking yn it gebiet kaam it kleaster leech te stean. Yn oktober 2023 waard online in filmke publisearre dy't Azerbeidzjaanske plysje yn it kleaster sjen liet. Tagelyk ferklearre de Azerbeidzjaanske Nasjonale tsjinst foar Kultureel Erfgoed dat it kleaster ien fan 'e meast promininte monuminten fan 'e kristlike arsjitektuer fan Kaukasysk Albaanje is. Dêrby waarden de Armeenjers der fan beskuldige dat se it kleaster fernielden en yllegale restauraasje útfierd hiene. De Azerbeidzjaanske histoarikus Rizvan Hüseynov sei dat der ynskripsjes wiene ferfalske. De Armeenske archeolooch en histoarikus Hamlet Petrosjan en de organisaasje Monument Watch wjerleine dat. De Armeenske fertsjintwurdiger by UNESCO, Christian Ter-Stepanjan, beskuldige Azerbeidzjan derfan dat it de identiteit fan it kleaster, ien fan 'e meast ferneamde Armeenske kleasters, taëigent en ferdraait. Yn in artikel yn Time warskôge histoarikus Christina Maranci dat de Armeenske ynskripsjes, de krússtiennen en tombes ûnder Azerbeidzjaansk bestjoer bedrige wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|