Springe nei ynhâld

Delaware

Ut Wikipedy
Steat Delaware
State of Delaware
flagge wapen
Liberty and Independence
(Ingelsk, "Frijheid en Unôfhinklikheid")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting DE
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1787)
haadstêd Dover
grutste stêd Wilmington
offisjele taal gjint (de facto Ingelsk)
sifers
ynwennertal 936.000 (2014)
befolkingstichtens 179,0 / km²
oerflak 6.452 km² (21,5% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Diamond State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside delaware.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Delaware. Foar oare betsjuttings, sjoch: Delaware (betsjuttingsside).

Delaware (útspr.: ['dɛləwɛ:ɹ], likernôch "della-û-êr"), offisjeel de Steat Delaware (Ingelsk: State of Delaware), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Delaware, byneamd de Diamond State (of ek wol de First State), leit yn it easten fan it lân, op it Delmarva-skiereilân, dat útstekt yn 'e Atlantyske Oseaan. Formeel heart de steat ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Dover, mar de grutste stêd is Wilmington. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 936.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 45ste steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Delaware mei noch gjin 6.500 km² de op ien nei lytste steat.

De steat Delaware is ferneamd nei de rivier de Delaware, dy't syn namme ûntlient oan Thomas West, 3e baron De la Warr (1577-1618), dy't gûverneur wie fan 'e Ingelske koloanje Firginia doe't de rivier foar it earst troch Jeropeänen ferkend waard. Ek de Delawêr (Ingelsk: Delaware), in Yndiaansk folk dat yn 'e koloniale tiid de Delling fan de Delaware bewenne, is ferneamd nei de rivier (harren lânseigen namme is Lenni Lenapé). De famyljenamme 'De la Warr' komt út it Ingelske greefskip Susseks, en is fan Anglo-Normandysk komôf.

In greide op it plattelân fan Delaware.

Delaware heart ta de Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4). De steat hat in oerflak fan 6.452 km², wêrfan't 21,5% út wetter bestiet. Mei 5.060 km² lân is it op Rhode Island nei lytste steat fan 'e Feriene Steaten. Delaware mjit 154 km fan noard nei súd en tusken de 14 en de 56 km fan east nei west. Yn 'e mande mei de Eastlike Kust fan Marylân en twa countys fan Firginia leit Delaware op it Delmarva-skiereilân, dat nei it suden ta útstekt yn 'e Atlantyske Oseaan en oan 'e westkant troch de Chesapeakebaai fan it Amerikaanske fêstelân skaat wurdt. Delaware beslacht it noardeastlike fearn fan it skiereilân, en hat allinnich oan 'e eastkant in kustline.

De steat grinzget yn it uterste noarden oan Pennsylvania, wylst yn it uterste noardeasten de rivier de Delaware de grins mei Nij-Jersey foarmet. Yn it westen en suden wurdt Delaware beswette troch Marylân, yn it súdeasten troch de iepen Atlantyske Oseaan en yn it easten en noardeasten troch de Delawarebaai, dêr't de rivier de Delaware yn útmûnet. It lânskip fan Delaware is frij flak; it heechste punt yn 'e steat leit op 136,2 m boppe seenivo by de Ebright Azimuth, en it leechste punt is it strân oan 'e Atlantyske kust, dat op seenivo leit. Delaware omfiemet gjin federale Yndianereservaten.

De Blackbird Pond, in poel yn it Blackbird State Forest Meadows Tract.

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken waard Delaware bewenne troch twa Algonkwynske Yndiaanske folken: de Unamy-Delawêr (Unami Delaware) yn it noarden en by de kust lâns, en de Nantikook (Nanticoke) by de rivieren lâns dy't útmûnje yn 'e Chesapeakebaai, oan 'e oare kant fan it Delmarva-skiereilân. De Unamy-Delawêr wiene tige nau besibbe oan 'e Munsy-Delawêr (Munsee Delaware) yn 'e Delling fan 'e Hudson yn New York.

Nei de komst fan 'e earste Jeropeänen ûntjoegen de Unamy-Delawêr en Nantikook har al rillegau ta tuskenhannelers yn 'e pelshannel tusken de blanken en harren eigen tradisjonele fijannen, de Irokeeske Suskehannok, yn Firginia. Doe't dy lykwols yn 'e 1670-er jierren as politike macht ferdylge waarden troch de Irokeeske Konfederaasje, en de Yndianen yn Delaware almar mear lân kwytrekken oan kolonisten, ferlieten de Delawêr dy't oan har eigen etnyske identiteit fêsthâlde woene de krite en fêstigen har yn 'e Appalachen fan wat neitiid westlik Pennsylvania wurde soe. Dejingen dy't bleaune, waarden al of net ûnder twang ta it kristendom bekeard om dêrnei mei oarsoartige kleurlingen op ien bulte smiten te wurden.

De koloanje Nij-Sweden: in moeting tusken Sweedske kolonisten en de lânseigen befolking.

Fan 'e blanken wiene de Nederlanners de earsten dy't har yn it gebiet fan it hjoeddeistige Delaware nei wenjen setten. Yn 1631 fêstige nammentlik de Westyndyske Kompanjy fanút de koloanje Nij-Nederlân in hannelspost te Zwaanendael, deunby it tsjintwurdige Lewes. Binnen it jier waarden lykwols alle kolonisten dêr deade by in konflikt mei de lânseigen befolking. Neitiid waard de Sweedske koloanje Nij-Sweden fêstige mei de delsetting Fort Christina (no binnen de beboude kom fan Wilmington). Dy koloanje bestie santjin jier, oant er úteinlik yn 1655 troch de Westyndyske Kompanjy ferovere waard. It gebiet fan Delaware waard dêrnei anneksearre troch Nij-Nederlân.

Njoggen jier letter, yn 1664, waard Nij-Nederlân ferovere troch de Ingelsen, wêrnei't Delaware yn it besit kaam fan Jakobus Stuart, hartoch fan York (de lettere Ingelske kening Jakobus II). Dyselde ferpachte it gebiet yn 1682 oan William Penn, de stifter fan Pennsylvania, dy't de saneamde 'Nedergreefskippen' (Lower Counties) yn 't earstoan ta ûnderdiel fan syn koloanje makke. Tsjin 1704 wie Pennsylvania lykwols sa grut wurden, dat de koloniale assimblee fûn dat it gebiet wol sûnder de lestige Nedergreefskippen koe. Sadwaande ûntstiene der doe twa folksfertsjintwurdigings, hoewol't de erven Penn oant de Amerikaanske Revolúsje beide gebieten yn pacht holden en der altyd ien en deselde gûverneur foar beneamden.

Sinne-ûndergong yn Woodbrook.

Yn 'e iere jierren fan 'e koloanje wie Delaware ekonomysk ôfhinklik fan blanke kontraktarbeiders om 'e tabaksplantaazjes te bewurkjen. Neigeraden dat de libbensomstannichheden yn Ingelân better waarden en der sadwaande minder kontraktarbeiders te finen wiene, waarden slaven út Afrika wei op 'e plantaazjes tewurksteld. By it útbrekken fan 'e Amerikaanske Revolúsje, yn 1776, fielden de measte ynwenners fan Delaware der neat foar om mei Grut-Brittanje te brekken. Likegoed drukten de foarstanners fan ôfskieding, lykas Thomas McKean, John Dickinson en Caesar Rodney, har sin troch. Mei ien stim ferskil waard op 15 juny 1776 troch de koloniale assimblee fan Delaware de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring goedkard. Dêrmei waard Delaware ien fan 'e oarspronklike trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen.

Hoewol't Delaware ien fan 'e earste organisearre rezjiminten oan it Amerikaanske rebelleleger levere, waard der yn 'e koloanje sels ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch mar amper fochten. Yn augustus 1777 late generaal William Howe in Britsk leger dwers troch Delaware hinne, ûnderweis nei de Slach by Brandywine en de ferovering fan Philadelphia. De iennichste wiere fjildslach yn 'e koloanje wie de Slach by Cooch's Bridge, op 3 septimber 1777. Neitiid waard de havenstêd Wilmington troch de Britten beset en de steatspresidint John McKinley finzen nommen. De rest fan 'e oarloch bleau Delaware fierhinne yn Britske hannen. Nei ôfrin fan 'e oarloch wie Delaware op 7 desimber 1787 de earste Amerikaanske steat dy't de Amerikaanske Grûnwet ratifisearre, wêrmei't it ek de earste steat waard dy't lid waard fan 'e Amerikaanske Uny. Dêrfandinne de bynamme de First State.

In strjitbyld út Dover, de haadstêd fan Delaware.

Hoewol't Delaware oant 1865 formeel in slavehâldende steat bleau, en it krekt as de buorsteaten Marylân en Firginia besuden de saneamde Mason-Dixonline lei, hiene in protte slavehâlders har slaven fuort nei de oerwinning yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch al frijlitten. Tsjin 1860 hie de grutste slavehâlder fan Delaware mar sechstjin slaven yn besit. Der wiene neffens de folkstelling fan dat jier doe yn Delaware 19.829 frije swarten en 1.798 slaven. Likegoed waarden foar 1865 wetsfoarstellen om 'e slavernij ôf te skaffen yn it Steatskongres hieltyd mei in lyts ferskil fuortstimd.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) stimde Delaware op 3 jannewaris 1861 tsjin ôfskieding. Hoewol't de steat eins ta it Amerikaanske Suden hearde, focht Delaware yn 'e oarloch foar it Noarden. Guon lju út Delaware joegen har by rezjiminten út Marylân en Firginia dy't ûnderdiel útmakken fan it leger fan 'e Konfederaasje, mar Delaware is de iennichste slavesteat dy't gjin eigen rezjiminten oan dat leger bydroech. De steat befrijde syn slaven koart nei de ein fan 'e oarloch, mar wegere it Trettjinde Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet (de ôfskaffing fan 'e slavernij, fan boppen ôf oplein troch it federale regear) te ratifisearjen oant 12 febrewaris 1901.

De saneamde Wetjaande Hal, it steatskapitoal fan Delaware.

Delaware bestiet bestjoerlik út mar 3 countys, it leechste tal fan alle Amerikaanske steaten. It binne, fan noard nei súd: New Castle, Kent en Sussex, De steatshaadstêd, Dover, leit yn Kent County, yn 'e midden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Delaware bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan de Algemien Assimblee fan Delaware, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 21 leden en it Steatshûs fan Offurdigen mei 41 leden. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Delaware, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Delaware fanwegen syn lytse befolkingsgrutte mar 1 inkele sit.

It politike lânskip fan Delaware wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Foarhinne waard Delaware beskôge as swingsteat, dêr't noris Demokratysk en dan wer Republikeinsk stimd waard. Sûnt de 1990-er jierren stimt Delaware lykwols steech Demokratysk, wat fral feroarsake wurdt troch de grutte Demokratyske oanhing yn it ferstedske New Castle County (mei û.m. Wilmington), yn it uterste noarden fan 'e steat, dêr't no 55% fan 'e befolking wennet.

Rehoboth Beach yn 'e simmerfakânsje.

De yndustry is yn Delaware benammen konsintrearre yn it noardlike part fan 'e steat, yn 'e krite om Wilmington hinne. Dêrby giet it fral om gemyske, farmaseutyske en technologyske bedriuwen. De rest fan 'e steat is noch fierhinne in agrarysk gebiet, dêr't benammen aaien, slachthinnen, suvelprodukten, sojabeane en maïs produsearre wurde. Foar de wurkgelegenheid yn 'e steat is lykwols de tsjinstesektor it wichtichst. De grutste wurkjouwer is de oerheid, folge troch it ûnderwiis en it bankwêzen. Fuortby de steatshaadstêd Dover leit de Loftmachtbasis Dover, ien fan 'e grutste bases fan 'e Amerikaanske Loftmacht yn 'e Feriene Steaten. Sadwaande binne lokaal ek de Amerikaanske Striidkrêften in grutte wurkjouwer.

Op it mêd fan it toerisme hat Delaware as attraksjes it First State Nasjonaal Histoarysk Park en ferskate museä, wyldreservaten, parken en histoaryske gebouwen en fjoertuorren te bieden. De strannen oan 'e Atlantyske kust fan Delaware (benammen it baaiplak Rehoboth Beach) binne ek tige yn trek by toeristen, en wurde wol "de Simmerhaadstêd fan 'e Feriene Steaten" neamd, om't sa'n protte ynwenners fan 'e federale haadstêd Washington, D.C. dêr har simmerfakânsje trochbringe.

De befolkingstichtens fan Delaware.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Delaware yn 2014 936.000 ynwenners, wat in groei fan 4,2% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 179,0 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Wilmington, mei 72.000 ynwenners yn 2013. De steatshaadstêd Dover hie datselde jiers in befolking fan 37.000 minsken.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Delaware doe sa: 65,3% blanken; 21,4% swarten; 8,2% Latino's; 3,2% Aziaten; 0,5% Yndianen; <0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De blanke ynwenners fan 'e steat binne fierhinne fan Noardwest- en Middenjeropeeske orizjine, mei (neffens gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo út 2012) as grutste oarsprongsgroepen Ieren (18,1% fan 'e totale befolking fan Delaware), Dútsers (15,6%), Ingelsen (11,7%), Italjanen (10,0%), Poalen (4,8%), Angelsaksyske Amerikanen (4,5%), Frânsen (2,5%) en Skotten (1,8%).

De steat Delaware omfiemet gjin federaal erkende Yndianestammen. Wol binne der yn 2 stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Dat binne:

Delaware hat gjin inkele taal by wet fêstlein as de offisjele taal fan 'e steat. Lykwols funksjonearret it Ingelsk yn 'e praktyk as de offisjele taal. Wetsfoarstellen yn sawol it Steatshûs fan Offurdigen (2006) as de Steatssenaat (2007) om it Ingelsk formeel ta de offisjele taal fan 'e steat te meitsjen, binne fuortstimd. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wie it Ingelsk doe foar 91% fan 'e befolking fan Delaware de memmetaal. De op ien nei grutste taal fan 'e steat wie it Spaansk (5%), folge troch it Frânsk (0,7%), it Sineesk (0,5%) en it Dútsk (0,5%).

De skyline fan Wilmington.

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2015 (op basis fan in enkête dêr't 9% fan 'e befolking oan wegere mei te dwaan) 66% fan 'e befolking fan Delaware út kristenen, wêrûnder 57% protestanten en 9% roomsen. De grutste protestantske substreamings wiene it metodisme (20%) en it baptisme (19%). Ateïsten en agnosten foarmen 17% fan 'e befolking. Fan 'e net-kristlike godstsjinsten wiene de islaam (2%) en it joadendom (1%) it grutst. Alle oare religyen mei-inoar besloegen 5% fan 'e steatsbefolking.

Delaware hat troch de ynfloed fan 'e Atlantyske Oseaan in myld seeklimaat, wêrmei't it de midden hâldt tusken it wredere lânklimaat fierder nei it noarden en it subtropysk klimaat fierder súdlik. Hoewol't de steat mar frij lyts is, besteane der oansjenlike ferskillen oangeande trochsneed temperatuer en de hoemmanichte sniefal tusken it noarden en it suden. It súdlike diel fan Delaware hat it hiele jier troch myldere temperatueren, wylst yn it noarden by 't winter folle mear snie delkomt. Rekôrtemperatueren wiene 43 °C, op 21 july 1930 yn Millsboro, en –27 °C op 17 jannewaris 1893, frjemd genôch ek yn Millsboro.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje