Springe nei ynhâld

Dieuwke de Graaff-Nauta

Ut Wikipedy
Dieuwke de Graaff-Nauta
Steatssekretaris D.IJ.W. de Graaff-Nauta (1989)
Steatssekretaris D.IJ.W. de Graaff-Nauta (1989)
Algemien
Folsleine namme Dieuwke IJtje Willemke de Graaff-Nauta
Berne 22 maaie 1930
Berteplak Snits
Stoarn 10 juny 2008
Plak fan ferstjerren Snits
Partij CHU (oant 1980)
CDA (sûnt 1980)
Religy kristlik
Politike funksjes
1962-1986 Lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
1966-1978 Lid Gemeenteried fan Snits
1970-1978 Wethâlder yn Snits
1982-1986 Deputearre yn Fryslân
1986-1994 Steatssekretaris fan Ynlânske Saken
1994 Minister fan Ynlânske Saken

Dieuwke IJtje Willemke (Dieuwke) de Graaff-Nauta (Snits, 22 maaie 1930 - Snits, 10 juny 2008) wie in Nederlânsk politika fan Frysk komôf.

De Graaff-Nauta wie fan 14 july 1986 oant 27 maaie 1994 foar it CDA steatssekretaris fan Ynlânske Saken yn it kabinet Lubbers II en it kabinet Lubbers III. Dêrnei wie hja yn it kabinet Lubbers III foar koart, oant 22 augustus 1994, Minister fan Ynlânske Saken. It kabinet wie al demisjonêr, mar oant it nije kabinet foarme wie folge hja Ed van Thijn op.

Eardat hja troch de doetiidske formateur Lubbers nei Den Haach helle waard, wie hja fan 1962 ôf aktyf yn de provinsjale polityk in Fryslân as lid fan de Provinsjale Steaten en lid fan de Deputearre Steaten. Hja hat ek gemeenteriedslid en wethâlder yn Snits west.

Har foargonger as steatssekretaris fan Ynlânske Saken wie Marius van Amelsvoort (CDA) yn it earste kabinet Lubbers en hja waard yn l994 opfolge troch Tonny van de Vondervoort (PvdA) en Jacob Kohnstamm (D66) yn it kabinet Kok I. As minister fan Ynlânske Saken waard se destiids opfolge troch de VVD-er Hans Dijkstal (Kok I)

As steatssekretaris wie sy ferantwurdlik wie foar it feroarjen fan de Gemeentewet, Provinsjewet en Kieswet. Ek hat se in grut tal bestjoerlike weryndielings ta stân brocht. As politikus gou se earder as pragmatysk dan as bot ideologysk besiele.

Nei har tiid as minister wie hja foarsitter fan in kommisje dy't ûndersyk die nei finansjele affêres om ynsamlingsaksjes dêr't Tara Singh Varma by belutsen wie.

Dieuwke de Graaff-Nauta stoar yn de âldens fan 78 jier.

Dieuwke de Graaff-Nauta waard berne as dochter fan learaar Wiebe Nauta (1897-1964), letter foarsitter fan de Snitser Keamerkring foar de CHU, en dy syn twadde frou Pietje de Jong (1900-1937). Har broer Lolle Nauta wie filosoof en partij-ideolooch fan de PvdA.

Underskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Graaff-Nauta krige de folgjende ridderoarden: