Ebele Talstra
Ebele Talstra | ||
politikus | ||
Ebele Talstra (1973) | ||
echte namme | Ebele Talstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 21 febrewaris 1920 | |
berteplak | Mearum | |
stjerdatum | 28 septimber 1987 | |
stjerplak | Grins | |
partij | ARP, CDA | |
boargemaster fan Dantumadiel | ||
amtsperioade | 1971-1983 | |
foargonger | Ruurd Faber | |
opfolger | Jaap Maris | |
wiernimmend boargemaster fan West-Dongeradiel | ||
amtsperioade | 1983-1984 | |
foargonger | Piet Visser |
Ebele Talstra (Mearum, 21 febrewaris 1920 – Grins, 28 septimber 1987) wie in Nederlânsk politikus fan de ARP en letter it CDA.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas syn heit Arnoldus Talsma begûn Ebele Talsma syn karriêre yn it ûnderwiis. Nei syn oplieding oan de Kristlike Kweekskoalle yn Dokkum stie er fan 1939 ôf oan legere skoallen yn Surhuzum en Gruttegast. Koart skoft dêrnei moast er yn militêre tsjinst en nei de kapitulaasje fan Nederlân yn 1940 kaam er yn tsjinst by de gemeenteplysje fan De Haach. Yn 1944 ried er mei in tal freonen yn in stellen Dútske legerwein nei it Noarden. Mei de Binnenlânske Striidkrêften makke er yn de omkriten fan Surhuzum de befrijding mei wêrnei't er earste luitenant waard by de 'intelligence' fan it Kanadeeske leger. Letter wie er tagefoege offisier by de Binnenlânske Feilichheidstsjinst.
Yn septimber 1947 gie er in skoftke werom nei de Haachske gemeenteplysje en nei't er ek wer ûnderwizer west hie waard er yn 1948 ynspekteur fan de befeiligingssektor foar de Europeeske rûtes fan de KLM. Om 1952 hinne gie er oan 't wurk as personielssjef by in werf en masinefabryk yn Haarlim. Letter waard er haad fan de sintrale ôfdieling personielssaken fan it ministearje fan Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik Wurk (CRM).
Yn juny 1971 waard Talstra beneamd ta boargemaster fan Dantumadiel. Nei twa amtsterminen fan elts seis jier seach er ôf fan in tredde termyn. Wol wie er noch hast trije moannen waarnimmend boargemaster fan Westdongeradiel oant dy gemeente yn jannewaris 1984 opgie yn de gemeente Dongeradiel. Dêrnei ferfolde er noch in stikmannich funksjes yn de sûnenssoarch.
Yn 1987 stoar Talstra yn de âldens fan 67 jier en waard beïerdige yn Mearum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|