Egadyske Eilannen
De Egadyske Eilannen (Italjaansk: Isole Egadi; Sisyljaansk: Ìsuli Ègadi, Latyn: Aegates Insulae; Gryksk: Aἰγάται Νῆσοι, betsjut. 'de eilannen fan de geiten') binne in nustje fan fiif bercheftige eilannen yn de Middellânske See oan de noardwestkust fan Sisylje by de stêden Trapani en Marsala, mei in totaal oerflak fan 37,45 km².
It eilân Favignana (Aegusa) is de grutste en leit 16 km besúdwesten Trapani. Levanzo (Phorbantia) leit 13 km en Marettimo (Hiero Nesos) leit 24 km bewesten Trapani. Der binne ek twa lytse eilannen, Formica en Maraone, dy't tusken Levanzo en de kust fan Sisylje lizze. De eilannen foarmje meiïnoar de gemeente Favignana yn de provinsje Trapani
De befolking yn 2017 wie 4.292. Winterfroast en delslach is leech. De wichtichste boarne fan ynkommen fan de befolking is it fiskjen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne rotstekeningen út it Neolitikum en Paleolitikum yn grotten op Levanzo en Favignana fûn.
De eilannen wiene bekend om de Slach by de Egadyske Eilannen yn 241 f.Kr., dêr't in Kartaachske float troch in Romeinske float ferslein waard. Dy slach wie de beslissende slach fan de Earste Punyske Oarloch dy't yn it foardiel fan de Romeinen útwurke. Nei de Romeinske tiid wiene de eilannen part fan de gebieten fan de Goaten, Fandalen en Sarasenen. De Noarmannen bouden in boarch op Favignana yn 1081.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Utsicht oer Favignana en Levanzo fan Erice ôf, mei op de foargrûn Trapani
-
It eilân Formica
-
It eilân Favignana
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Egadyske Eilannen fan Wikimedia Commons. |