Springe nei ynhâld

Foppe Fûns

Ut Wikipedy

It Foppe Fûns is in goed doel wêr’t âld SK It Hearrenfean-trener Foppe de Haan syn namme oan ferbûn hat. Hy stifte tegearre mei Kiwanis It Hearrenfean yn 2005 it goeie doel om in bydrage te leverjen oan de foarming fan in sportkarriêre foar jonge sporters.

De stifting hat as doel om finansjele middels te skeppen foar aktiviteiten fan bern dy’t help, bygelyks yn de foarm fan jild, nedich ha om te sporten. De aktiviteiten lizze benammen op it flak fan it stimulearjen fan de ûntwikkeling fan bern. Sa wurdt jild stutsen yn sportakkommodaasjes foar (handikapte) bern. Ek jonge sporters wêrfan de âlden net genôch finansjele earmslach ha wurde holpen troch it fûns.

Op it stuit hat it fûns in tal projekten rinnen en wurde inkele projekten fan oare goeie doelen finansjeel ûndersteund. Sa is der in sportfjildsje, mei de namme It Foppe Fjild, oanlein foar mishypte bern yn Beetstersweach. Fierders is der in projekt opset foar it helpen fan minsken yn in rôlstoel dy’t sporte wolle en wurdt in projekt mei de namme Maatsjes Socht ûndersteund.

It wurkgebiet fan it fûns leit benammen yn de provinsje Fryslân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]