Karel I Loadewyk fan de Palts
Karel I Loadewyk fan de Palts (Heidelberg, 22 desimber 1617 – Edingen-Neckarhausen, 28 augustus 1680) wie fan 1648 oant syn dea karfoarst fan it Paltsgreefskip oan de Ryn. Hy hearde ta it laach Hûs Palts-Simmern.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel I Loadewyk wie de twadde soan fan karfoarst Freark V fan de Palts en syn frou Elizabeth Stuart, dochter fan kening Jabik I fan Ingelân. Neidat it lân fan syn heit yn 1620 konfiskearre waard troch keizer Ferdinand II, gie hy mei syn famylje yn ballingskip nei de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Syn âldere broer Hindrik Freark stoar yn 1629 yn de Nederlannen. Sa waard Karel Loadewyk dat jier de erfopfolger fan syn heit. Nei it ferstjerren fan syn heit yn 1632 waarden Karel I Loadewyk en syn bruorren en susters ûnder de fâdij pleatst fan syn omke Loadewyk Filips fan Palts-Simmern.
Tegearre mei syn broer Ruprecht fan de Palts (1619-1682) brocht hy in soad tiid troch oan it hof fan kening Karel I fan Ingelân, syn omke fan memmekant. Karel Loadewyk hope sa stipe te krijen foar it werom feroverjen fan de Palts. Hy waard lykwols troch syn omke wantroud, omdat dy bang wie dat Karel Loadewyk de opposysjekrêften stypje soe. Dat wie net ûnterjochte, want yn de krisis dy 't ta de Ingelske Boargeroarloch late soe hie hy wol wat sympaty foar de parlemintêre opposysjelieders. Karel Loadewyk hy boppedat it gefoel dat it parlemint geunstiger foar him oer stie yn syn besykjen de Palts werom te krijen. Yn it begjin fan de Ingelske Boargeroarloch stried Karel Loadewyk wol oan de kant fan syn omke, mar om syn parlemintêre ideeën waard hy wantroud. Hy gie dêrom werom nei syn syn mem yn De Haach en naam ôfstân fan de keninklike partij. Yn 1644 gie hy op útnoeging fan it parlemint werom nei Londen. Hy residearre yn it Paleis fan Whitehall en steunde it akkoard dat de parlemintêre lieders sluten hiene mei de Skotske Covenanters. Fermoede waard dat Karel Loadewyk it parlemint steunde om sels op de Ingelske troan te kommen. Uteinlijk waard de Ingelske Boargeroarloch troch it parlemint wûn en waard syn omke Karel yn jannewaris 1649 eksekutearre. Dat wie nei 't sein waard in grutte skok foar Karel Loadewyk.
Yn 1648 krige hy troch de Frede fan Westfalen opnij de Palts yn besit. Hy moast lykwols tsjin syn sin akseptearje dat de Opper-Palts yn hannen fan karfoarst Maksimiliaan I fan Beieren bleau. Yn de hjerst fan 1649 wie hy werom yn de Palts, dat yn de Tritichjierrige Oarloch in slim te lijen hân hie. Hy wie drok mei de weropbou fan syn foarstendom en fierde in absolutistyske machtspolityk. Omdat de befolking fan de Palts troch de Tritichjierrige Oarloch bot werom rûn wie, besocht hy ymmigranten oan te lûken mei belestingfrijheden en preemjes en lokke hy religieuze minderheden troch in strange tolerânsjepolityk te fieren. Troch effisjint te bestjoeren wist hy de oerheidsútjeften sa leech mooglik te hâlden om sa de hege skulden te sanearjen. Boppedat fierde hy in absolutistyske machtspolityk.
Syn bûtenlânske polityk wie rjochte op goede bannen mei Frankryk. Doe't Karel Loadwyk lykwols wegere om in bûnsgenoatskip oan te gean yn de Hollânske Oarloch tsjin de Repyblyk fan de Sân Feriene Nederlannen, waard de Palts yn july 1674 troch in Frânsk leger ferwoaste. Nei de Frede fan Nimwegen waard Karel Loadwyk yn 1678 twongen om 150.000 gûne oarlochsbelesting te beteljen oan Frankryk en liet de Frânske kening Loadewyk XIV fan Frankryk de gebieten fan de Palts oan de westkant fan de Ryn besette.
Yn augustus 1680 stoar Karel Loadewyk op 62-jierrige leeftyd. Hy waard bysetten yn de Hillige Geasttsjerke fan Heidelberg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side of in eardere ferzje is (foar in part) oersetten fan de Nederlânske Wikipedia, dy't ûnder lisinsje Creative Commons Nammefermelding/Lyk diele falt. Sjoch de bewurkingsskiednis dêre. |
- Karfoarst fan de Palts
- Dútske adel
- Hûs Palts-Simmern
- Persoan yn de Tritichjierrige Oarloch
- Persoan yn de Ingelske Boargeroarloch
- Dútsk persoan fan Deensk komôf
- Dútsk persoan fan Frânsk komôf
- Dútsk persoan fan Hugenoatsk komôf
- Dútsk persoan fan Ingelsk komôf
- Dútsk persoan fan Nederlânsk komôf
- Dútsk persoan fan Skotsk komôf
- Persoan berne yn 1617
- Persoan stoarn yn 1680