Springe nei ynhâld

Krusifiks

Ut Wikipedy
Krusifiks

In krusifiks is in latynsk krús mei it byld fan it lichem (corpus) fan 'e krusige Kristus.

Krusifiksen wurde yn alle maten, foarmen en soarten en fan alle tinkbere materialen makke. Se kinne hiel ienfâldich wêze, mar binne somtiden ek fersierd mei dekoratyf fykwurk en/of symboalen fan it lijen fan Kristus. Yn 'e regel draacht de corpus in muldoek en rêste de fuotten op in sokkel, alhoewol't dêr gjin Bibelske oanwizings fan binne. Ek binne der krusifiksen mei tafoege bylden fan Marije en Jehannes. Boppe de corpus is oan it krús altiten in skyld of buordsje oanbrocht mei de letters INRI, de ôfkoarting fan 'e Latynske wurden Jezus fan Nazareth, kening fan 'e joaden. De letters ferwize nei de tekst dy't Pilatus neffens Jehannes 19:19-22 boppe it krús hingje liet. It wurd is ôflaat fan it Latynske cruci fix, dat "oan in krús fêstmakke" bestjut.

In krús as byld bestie flak nei Jezus' tiid net. De âldst bekende krusifiks sit op de houten doar fan 'e Santa Sabina yn Rome en datearret fan 430 nei Kristus.

Krusifiksen binne te finen yn roomske tsjerken, mar ek yn lutherske en anglikaanske tsjerken. Dêrnjonken binne krusifiksen wenst yn roomske fermiddens, dêr't se fakentiden boppe doarren hingje of earne oars steane. Mei Palmpeaske wurde der yn tsjerken saneamde palmktûkjes wijd, yn 'e werklikheid buksustûkjes, dy't parochianen thús oan 'e krusifiks befêstigje. De tûkjes wurde oan it begjin fan 'e fêsteltiid wer ferwidere en yn 'e tsjerke mei Jiskewoansdei ferbaarnd.

Yn gebieten mei tradisjoneel grutte roomske mearderheden wurde ek wol grutte krusifiksen oan 'e dyk sjoen. Sokke krusen wurde wei- of fjildkrusen neamd. Yn Nederlân komme weikrusen allinne yn Limburch, Noard-Brabân, de Achterhoek en Twinte foar.

Yn protestantske tsjerken en fermiddens hinget faak in krús sûnder corpus. It lege krús fan 'e protestanten ferwiist nei de opstanning fan Kristus, wylst it roomske krús mei de corpus ferwiist nei Jezus' marlersdea foar de sûnden fan 'e minsken.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Krusifiksen fan Wikimedia Commons.