Springe nei ynhâld

Halina Reijn

Ut Wikipedy
Halina Reijn
akteur
Halina Reijn op it Filmfestival fan Fenetië (2024)
Halina Reijn op it Filmfestival fan Fenetië (2024)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlanner
berne 10 novimber 1975
berteplak Amsterdam
jierren aktyf 1997 - no
prizen De Colombina as "Best Supporting Actress" foar Shopping and Fucking (1998)
Special Jury Prize foar De Prins en het meisje (2007) tegearre mei Fedja van Huêt
offisjele webside
Halina Reijn

Halina Reijn (Amsterdam, 10 novimber 1975) is in Nederlânsk aktrise, regisseur en skriuwster. Sy waard grut yn Wildervank en Grins en wennet yn Amsterdam. Se wûn de Theo d'Or, in Nederlânske toanielpriis. Op 28 jannewaris 2017 ûntfong se de Theo Mann-Bouwmeesterring. Reijn is de sânde persoan dy't de ring drage mei.

Halina Reijn krige har beropsoplieding oan de Teater Akademy yn Maastricht. Doe't hja noch studint wie waard sy frege om mei te dwaan by de Teaterkompanjy; dêr spile sy grutte rollen yn stikken sa as Hamlet (as Ophelia) en Shopping and Fucking (as Lulu), dêr't sy de prestiizjeuze teaterpriis, de Colombina foar krige yn 1998. Yn 2003 gie sy by Toanielgroep Amsterdam.

Yn it seizoen 2006/2007 spile sy yn leafst fjouwer stikken: The Taming of the Shrew, Hedda Gabler, Oresteia en Rouw siert Electra; hja krige der in Theo d’Or-nominaasje as “Beste Frouljus Aktrise” foar.

Halina wie ek de sjen yn de film Hotel Paraiso (fan Paula van der Oest, dy't in Oscarnominaasje krige), A Father’s Affair (fan Maarten Teurniet) en Grimm (fan Alex van Warmerdam).

Yn 2006 hie hja in grutte rol yn Ik omhels je met 1000 armen fan regisseur Willem van de Sande Bakhuijzen, Zwartboek ûnder rezjy fan Paul Verhoeven en Blind fan Tamar van den Dop.

Yn 2007 fertolke se de rol fan Mabel Wisse Smit yn de twadielige telefyzjesearje De Prins en het Meisje, dêr't se in Gouden Kalf foar bêste aktrise foar krige. Yn 2009 gie de Hollywoodfilm Valkyrie ûnder rezjy fan Bryan Singer yn premjêre, dêr't se in rol yn spile neist ûnder oare Tom Cruise en yn 2010 de troch Robert Jan Westdijk regissearre film De Eetclub, nei it boek fan Saskia van Noort.

Under regy fan Ben Sombogaart fertolke Reijn de titelrol yn de psychologyske skriller Isabelle, basearre op it boek fan Tessa de Loo. Isabelle gie septimber 2011 yn de Nederlânske bioskopen yn premjêre. Se moast foar dy rol bot ôffalle.

Fan maart 2013 ôf wie Reijn te sjen yn de titelrol yn de telefyzjesearje Charlie, in remake fan de searje Nurse Jackie. Yn de simmer fan 2013 die Reijn mei oan it tsiende seizoen fan Ranking the Stars.

Ein 2019 kundige Reijn oan om op te hâlden mei aktearjen.

Yn 2019 brocht se har debútfilm Instinct út mei Carice van Houten yn de haadrol. De film waard bekroand op it filmfestival fan Locarno en waard útkeazen as de Nederlânske ynstjoering foar de Oscars.

Yn 2020 waard Reijn beneamd ta lid fan de Akademy fan Keunsten.

Yn 2022 krige har film Bodies Bodies Bodies in goede ûntfangst yn Amearika. Har film Babygirl gie op 30 augustus 2024 yn premjêre op it Filmfestival fan Fenetië en krige dêr in minutenlange steande ovaasje.

Reijn spile mei Jeroen van Koningsbrugge yn de fideoklip My Demons fan ZEUS.

  • Yn de perioade 2005-2009 wie hja kollumniste foar it wykblêd Viva.
  • Yn 2007 wûn sy in Gouden Kalf foar De Prins en het Meisje (Spesjale Jury Priis).
  • Yn 2006 waard Reijn neamd foar in Gouden Kalf (Bêste Frouljus Byrol) foar Zwartboek.
  • Yn 2004 waard sy neamd foar in Theo d'Or foar har haadrol as Lavinia (Vinny) yn Rouw Siert Electra.
  • Yn 1998 wûn sy in Colombina foar har rol fan Lulu yn de foarstelling Shopping and Fucking.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: