Handley Page Hastings
Appearance
Handley Page Hastings | |
---|---|
Rol | Troepe- en frachtfleanmasine |
Makker | Handley Page Aircraft Company |
Untwerper | |
Earste flecht | 7 maaie 1946 |
Yn tsjinst | Septimber 1948 |
Ut tsjinst | 1977 (RAF) |
Tal makke | 151 (1947 – 1952) |
Grutste brûkers | RAF, RNZAF |
Farianten | Handley Page Hermes |
De Handley Page H.P.67 Hastings wie in Britske troepe- en frachtfleanmasine, ornearre foar lange-ôfstânsflechten; ûntwurpen en boud troch Handley Page Aircraft Company foar de Royal Air Force. Doetiids it grutste transportfleantúch dat foar de RAF ûntwurpen waard. It tastel kaam yn it plak fan de Avro York.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- HP.67 Hastings
- Prototype, twa fan makke.
- HP.67 Hastings C1
- Produksjetastel mei fjouwer Bristol Hercules 101-motores, 94 boud, allegear letter omboud ta C1A en T5.
- HP. 67 Hastings C1A
- C1 omboud nei C2-standert
- HP.67 Hastings Met.1
- Waarferkenningsferzje foar Coastal Command, seis fan boud.
- HP.67 Hastings C2
- Ferbettere ferzje mei gruttere sturtfin leger oan de romp, gruttere branjekapasiteit en oandreaun mei Bristol Hercules 106-motoren, 43 boud en C1s waarden oanpast nei dizze standert as C1As.
- HP.95 Hastings C3
- Transportfleanmasine foar de RNZAF, lyk oan de C2, mar mei Bristol Hercules 737-motors, 4 fan boud.
- HP.94 Hastings C4
- VIP transportferzje foar fjouwer VIPs en personiel, fjouwer fan boud.
- HP.67 Hastings T5
- Acht C1s útrist foar RAF Bomber Command mei in radome om V bomberbemannings it Navigation Bombing System (NBS) te learen.
Feiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Daten | |
---|---|
Bemanning | 5–6 |
Passazjiers | 50 |
Lingte | 25,2 m |
Spanwiidte | 34,44 m |
Hichte | 6,9 m |
Fleugeloerflak | 130,8 m² |
Gewicht leech | 18.910 kg |
Maks. startgewicht | 34.010 kg |
Krúsfaasje | 468 km/o (op 4.600 m) |
Heechste faasje | 560 km/o op 22.000 m |
Klimfaasje | 5,2 m/s |
Tsjinstplafond | 8.140 m |
Fleanberik | 5.246 km |
Oandriuwing | 4 × Bristol Hercules Mk. 106 fan 1.700 hk it stik |
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- C. H. Barnes: Handley Page Aircraft Since 1907. Putnam & Company Ltd., Londen 1987.
- Donald C. Clayton: Handley Page. An Aircraft Album. Ian Allan Ltd., Shepperton 1969, ISBN 0-7110-0094-8.
- Paul Jackson: The Hastings. Last of a Transport Line. Yn: Air Enthusiast 40 septimber/desimber 1989, Tri-Service Press, Bromley, s. 1–7,47—52.
- Alan W. Hall: Handley Page Hastings. Warpaint Series no.62, Warpaint Books, Bletchley 2007.