Springe nei ynhâld

Henoteïsme

Ut Wikipedy

Henoteïsme (fan it Grykske ἑνός θεοῦ, henos theou, "fan ien god") is in benammen teologysk brûkte term foar in religieuze praktyk dy't de midden hâldt tusken polyteïsme, it leauwen yn mear goaden, en monoteïsme, it leauwen yn ien God. Dêrby beskôget men alle goaden as ekwifalinte represintaasjes fan ien inkele God. Krekt as monolatry is henoteïsme in mingfoarm fan polyteïsme en monoteïsme. Monolatry is it leauwen yn it bestean fan ferskate goaden, wêrfan't mar ien god fereare wurdt. Henoteïsme akseptearret it bestean fan ferskillende goaden, mar sjocht dy as ôfspegelings fan ien wiere God. Yn dy sin stiet it henoteïsme tichter by it monoteïsme as by it polyteïsme. Oan 'e oare kant wurdt by monolatry mar ien god fereare, wylst it henoteïsme de ferearing fan ferskate goaden omfetsje kin. Wat dat oangiet stiet it dus wer tichter by it polyteïsme. In oare besibbe term is katenoteïsme, dat de ferearing fan ferskillende goaden efterinoar (ynstee fan tagelyk) omfettet.

De term 'henoteïsme' waard troch de Dútske filosoof Friedrich Schelling (1775-1854) betocht, en troch de Dútske taalkundige en argeolooch Friedrich Welcker (1784-1868) brûkt om primityf monoteïsme mank de âlde Griken mei oan te tsjutten. De Dútske taalkundige en oriïntalist Max Müller (1823-1900) joech de oantsjutting 'henoteïsme' mear bekendheid troch him te brûken yn syn publikaasjes oer de Yndyske religyen. Dêrby gie it benammen om it hindoeïsme, wêrfan't de hillige teksten ferskate goaden neame en loovje as gie it úteinlings om mar ien godlike essinsje. Müller joech de term 'henoteïsme' in sintraal plak yn syn krityk op it Westerske teologyske en religieuze útslutingstinken en de fermiende ynherinte superioriteit fan it Westerske monoteïsme yn ferhâlding ta oare religieuze opfettings.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.