Springe nei ynhâld

It Neifolgjen fan Kristus

Ut Wikipedy
It Neifolgjen fan Kristus
It manuskript fan De Imitatione Christi yn 'e Keninklike Bibleteek te Brussel.
It manuskript fan De Imitatione Christi yn 'e Keninklike Bibleteek te Brussel.
algemiene gegevens
oarspr. titel De Imitatione Christi
auteur Tomas fan Kempen
taal Latyn
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 1418-1427
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Neifolgjen fan Kristus
publikaasje 1929, Boalsert
útjouwer Utjouwerij A.J. Osinga
oersetter Adzer H. de Vries

It Neifolgjen fan Kristus, yn it oarspronklike Latyn: De Imitatione Christi, is in kristlik boek fan 'e hân fan 'e Nederlânske skriuwer, mystikus, kanunnik en preester Tomas fan Kempen1381-1471). It is suver skreaun as in spirituële hânlieding foar leden fan 'e Moderne Devoasje-beweging dêr't Tomas fan Kempen ta hearde, en wie nei de Bibel it meast lêzen godstsjinstige boek yn 'e Lette Midsiuwen. Fierders is De Imitatione Christi ien fan 'e meast fertaalde wurken út 'e skiednis. It wurdt karakterisearre troch de klam dy't deryn lein wurdt op in ynderlik libben en it jin weromlûken út 'e wrâld, wêrmei't it tsjin oare kristlike ideologyen yngiet, dy't krekt in aktive neibearing fan Jezus Kristus foarsteane troch jin midden yn 'e wrâld te pleatsen. De Imitatione Christi datearret nei alle gedachten út 'e perioade tusken 1418 en 1427. De Fryske oersetting fan Adzer H. de Vries ferskynde yn 1929.

De Imitatione Christi bestiet út fjouwer dielen of traktaten, wêrfan't it earste as titel hat: Nuttige winken foar it geastlik libben. Dêryn behannelet Tomas fan Kempen it jin weromlûken út it uterlike libben, ynsafier't jins plichten jin dat tasteane, en dêrfoar yn it plak it jin talizzen op in ynderlik libben troch alles dat idel en yllúzje is ôf te swarren. Men moat jin net fan dat rjochte paad ôf bringe litte troch de ferliedings en ôfliedings fan it deistich libben, mar leare om grutskens en leardens op te jaan en nederich te wêzen, nettsjinsteande wat teologen of oaren dêr ek fan tinke meie. Men moat leare om geduldich it tsjinsprekken en de minachting fan 'e wrâld te ferdragen sûnder derop yn te gean. Dêrby leit Tomas de klam op it belang fan allinnich-wêzen en stilte. Men moat meditearje oer de dea en libje as wie men in pylger en frjemdling op 'e ierde, mei't de ierde foarbygiet, mar it leauwe ivich is.

Yn it twadde diel, Opweitsingen foar in ynderlik libben, bordueret Tomas fierder op 'e tema's fan it earste diel. Hy jout ynstruksjes oangeande ynderlike frede, suverens fan it hert, in oprjocht gewisse, it bedimjen fan jins langstmen en winsken, it dwaan fan geduld en it ûnderwerpen fan jins wil oan God. Hy wol hawwe dat God dyjingen ferdigenje sil dy't in skjin gewisse hawwe, en dat wa't God helpt nimmen kweadwaan kin. Men moat it goede net oan jinsels taskriuwe, mar ynstee oan God, en men moat tankber wêze foar alles dat God jin jout. Hy beëiniget dit diel mei te sizzen dat as men jins krús willich draacht, it jin liede sil dêr't jin hinne wolle, mar dat as jin it mei tsjinnichheid drage, it in swierdere lêst wurde sil as dat men ferneare kin.

It trêde diel, De ynwindige treast, is it langste fan 'e fjouwer. It hat, oars as de earste beide dielen, de foarm fan in petear tusken Jezus Kristus en ien fan dy syn dissipels. Dêrby leart Jezus syn dissipel dat de rop fan it fleis gauris lûder is dy fan 'e spiritualiteit, mar dat de grutte kloften lju dy't nei dy rop harkje, op in dwaalspoar sitte. Men moat jin oerjaan oan 'e godlike wil en jinsels en jins eigen wil safolle mooglik fuortsiferje. Men hoecht net yn te sitten oer de takomst; want as men yn 'e grutste noed ferkeart, krekt dan is God jin it neist.

It fjirde diel, Godfruchtige opweitsing ta de hillich Kommuny, hat krektlyk de foarm fan in dialooch tusken Jezus en in dissipel. Tomas fan Kempen leit hjir Jezus de wurden yn 'e mûle dat troch de fiering fan it hillich jûnsmiel de krêft fan 'e minsklike siel fuortsterke wurdt. Wat gauwer oft men jin folslein oan God oerjout en net mear lykfolwat út eigen wil of geniet siket, wat gauwer oft men mei God feriene wêze en frede kenne sil.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Imitatione Christi waard yn 1929 ûnder de titel It Neifolgjen fen Christus yn it Frysk oerset troch Adzer H. de Vries. Dy 199 siden tellende fertaling waard útbrocht by Utjowerij A.J. Osinga te Boalsert, as nû. 17 yn 'e rige De Fryske Bibleteek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tomas fan Kempen, It Neifolgjen fen Christus (oers. Adzer H. de Vries), Boalsert, 1929 (Utjowerij A.J. Osinga), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.