Springe nei ynhâld

Ivoarsnaffelspjocht

Ut Wikipedy
ivoarsnaffelspjocht

Foto út 1935 fan Arthur A. Allen, ynkleure troch
Jerry A. Payne.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift spjochteftigen (Piciformes)
famylje spjochten (Picidae)
skaai ivoarsnaffelspjochten
   (Campephilus)
soarte
Campephilus principalis
Linnaeus, 1758
IUCN-status: krityk
mooglik al útstoarn
ferspriedingsgebiet
fersprieding yn 1860 (omline gebiet) en 1891 (arsearre gebiet)

De ivoarsnaffelspjocht (Campephilus principalis) is mei sa'n 46-51 sm de grutste spjocht fan Noard-Amearika. De International Union for Conservatation of Nature registrearret it foarkommen fan de fûgel as "krityk", [1] wylst de American Birding Assosiation de ivoarsnaffelspjocht as "mooglik of definityf útstoarn" klassifisearret.[2].

De fûgel hat swarte en wite fearre, in reade helm en in ivoarkleurige snaffel. De ivoarsnaffelspjocht wurdt tusken de 48 en 63 sintimeter grut en hat in spanwiidte fan likernôch 76 sintimeter. It gewicht fan de fûgel is ûngefear 450-570 gram. De fûgel wurdt tusken de 15 en 30 jier âld.

Ornitologyske tekenings fan 'e ivoarsnaffelspjocht. Dy mei de reade toef is it mantsje; it wyfke hat in swarte toef.
In opset eksimplaar yn it Hessisches Landesmuseum Darmstadt, te Darmstadt.

De kennis oer it gedrach en de ekology fan de fûgel is foar it measte basearre op de stúdzje fan James Tanner nei ferskillende fûgels yn in bosk oan de Tensas-rivier yn de jierren 1930.

De ivoarsnaffelspjocht is ien fan de grutste soarten fan de spjochteftigen dy't eartiids libbe yn de grutte sompige bosken oan de súdeastkust fan de Feriene Steaten. In algemien foarkommende soart hat de ivoarsnaffelspjocht nea west. De bosken dêr't de fûgel libbe waarden yn de rin fan de 19e iuw foar in grut part kapt en dêrmei ferdwûn it natuerlike habitat fan de ivoarsnaffelspjocht. Wat minder spile ek de jacht op en it sammeljen fan de fûgel in rol by de ôfname fan de soart. Al yn de jierren 1920 wie de fûgel in tige seldsume ferskining en yn dy tiid mienden ornitologen al dat er al útstoarn wie, mar der waard in pearke yn Florida ûntdutsen, dat troch samlers deasketten waard.[3]

De lêste waarnimmings fan de spjocht waarden dien yn de grutste doe noch besteande sompebosken fan Louisiana. Nei trije dagen sykjen fûn in ekspedysje fan de promovendus James Tanner mei in pear ornitologen dêr yn 1935 in populaasje en lei in pearke by harren nêst op film fêst. Eigner fan it gebiet wie de Singer Corporation en de National Audubon Society besocht de kaprjochten fan it gebiet oan te keapjen om sa it gebiet te behâlden, mar Singer Corporation wegere it oanbod. Tanner brocht de jierren 1937-1939 troch mei it bestudearjen fan de ivoarsnaffelspjocht yn it gebiet fan Singer Corporation en reizge fjierder troch it Suden om as ûnderdiel fan syn einskripsje te sykjen nei oare populaasjes. Op dat stuit rûzde er it tal fûgels fan de soarte op noch mar 22 oant 24 eksimplaren, wêrfan 6 oant 8 yn it gebiet fan Singer Corporation. In pear jier letter wiene de bosken dêr't Tanner de spjochten filme hie foar it measte kapt en oant april 1944 waard der noch in iensum wyfke waarnommen yn de buert fan in âlde beam. Dat wyfke hat de lêste, algemien akseptearre waarnimming fan de fûgel yn de Feriene Steaten west.[4]

Sûnt dy tiid is der tynge dien fan ferskate waarnimmings, mar jimmeroan koe gjin ûnwjerlisber bewiis levere wurde dat de fûgel noch bestiet. Bekend binne benammen de op 25 april 2004 fêstleine bylden yn it Cache River National Wildlife Refuge yn it eastlike diel fan Arkansas, in koarte en ûnskerpe film dy't bekend waard ûnder de namme Luneau fideo. De bylden soene in mantsje fan de ivoarsnaffelspjocht wjerjaan, dy't fan beam nei beam fleach. Yn 2005 makken ûndersikers yn in rapport bekend dat it om autentike bylden fan de ivoarsnaffelspjocht gyng.[5] Oare ûndersikers konkludearren nei ûndersyk yn 2006 lykwols dat de bylden in gewoane Noard-Amearikaanske helmspjocht sjen lieten.[6]

De organisaasje Nature Conservancy love yn 2008 $ 50.000 út foar dejinge dy't in libben eksimplaar fan de ivoarsnaffelspjocht fûn.

It gebiet yn Louisiana, dêr't Michael Collins yn de jierren 2004-2008 freskate kearen de ivoarsnaffelspjocht sjoen hawwe soe.
De kleurferskillen fan in mantsje en in wyfke.

De soarte libbet yn sompige bosken mei in bulte dea hout, dy't eartiids oant foar de Amerikaanske Boargeroarloch yn in grut diel fan it suden fan de Feriene Steaten stiene. Nei de boargerkriich ûntboske de houtyndustry miljoenen hektares yn it Suden, sadat der foar de ivoarsnaffelspjocht allinne lytsere, isolearre stikken habitat oerbleaune.

De ôfrûne jierren binne der maatregels nommen foar gebieten dêr't mooglik noch individuele eksimplaren libje. De maatregels fariearje fan herstel fan habitat oant de oankeap fan natoergebieten troch natoerorganisaasjes.

De soarte is te ferdielen yn twa ûndersoarten:

  • C. p. principalis: it súdeasten fan de Feriene Steaten.
  • C. p. bairdii: Kuba.[7]

De Kubaanske ûndersoarte libbe ek yn âlde bosken op it eilân en troch't oan it begjin fan de 20e iuw dêr de measte leafbosken al kapt wiene oerlibbe de fûgel allinne noch yn de bercheftige dinnebosken fan it noardeastlike diel fan it eilân. Sûnt 1987 is ek de Kubaanske ûndersoarte net meer sjoen.

Ivoarsnaffelspjochten ite larven fan krobben, sied, fruit en ynsekten. Mei harren grutte snaffel skile se de bast fan deade beammen ôf om ynsekten te sykjen. Om genôch iten te finen foar harrensels en de jongen hat in pearke in leefgebiet nedich fan likernôch 25 km². Dat is ek de reden dat de ivoarsnaffelspjocht nea in algemiene fûgel west hat. Se binne nei alle gedachten net territoariaal en der is nea fêststeld dat de spjocht syn leefgebiet tsjin oare soartgenoaten beskermet.

Ivoarsnaffelspjochten foarmje nei alle gedachten pearkes foar it libben en ek nei't se jongen hân ha bliuwe se tegearre. It nêst wurdt op in hichte fan 5 oant 21 meter makke yn it deade hout fan beammen en de 3-5 wite aaien wurde neffens in rûzing fan James Tanner yn likernôch 20 dagen útbret. De jonge fûgels yn it rûchwei 50 sintimeter djippe nêst fleane nei sân oant acht wiken út en wurde dêrnei noch in pear moanne fuorre. Yn 'e hjerst of oan it begjin fan de winter moatte de jongen harren sels sjen te rêden. De nesten wurde ien kear brûkt en de oare kear sil de ivoarsnaffelspjocht net fier fan it âlde nêst in nij plak sykje foar in nêst.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: