Jonas Lie
Jonas Lauritz Idemil Lie (Modum, 6 novimber 1833 - Stavern, 5 july 1908) wie in Noarsk skriuwer, dy't hearde ta de Grutte Fjouwer fan de Noarske literatuer.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lie waard berne yn it suden fan Noarwegen, mar brocht in grut part fan syn jeugd troch yn Tromsø, dêr't syn heit haadynspekteur fan de plysje wurden wie. Hy gie nei de seefeartskoalle yn Fredriksværn, mar moast fanwege syn minne eagen in karriêre op see opjaan. Hy gie doe nei de Latynske skoalle yn Bergen en dêrnei gong er nei de Universiteit fan Kristiania yn 1851, dêr't er yn de kunde rekke mei Henrik Ibsen en Bjørnson. Yn 1857 wie er klear my de stúdzje Rjocht.
Hy begûn mei in abbekatepraktyk yn Kongsvinger. De praktyk wie net drok, dat Lie hie it oan tiid en publisearre yn ferskate Noarske blêden. Yn 1866 ferskynde syn earste dichtbondel, Digte, dêr'er net folle súkses mei hie. Yn de neifolgjende jierren kaam er troch de tiid as sjoernalist. Hy fûn net in soad wurdearring foar syn wurk en fertsjinne min. Dan yn 1870 folge syn proazadebút mei Dem Frensynte in samling ferhalen oer de see en it byleauwe, dy't harren ôfspylje in Noard-Noarwegen. Fan 1870 oant 1893 reizge er - mei help fan in reisbeurs - troch Europa. Hy sette earst ôf nei Rome. Hy wenne in skoft yn Noard-Dútslân en brocht de winter faak troch yn Parys. Yn 1882 wie er efkes werom yn Noarwegen, mar al rillegau begûn it reizgjen nei Europa wer. Syn frijwillige ferballing kaam ta in ein yn de maitiid fan 1893, doe't er him deljoech yn Holskogen, by Kristiansund.
Yn dy tiid publisearre er tal fan boeken. De famyljekronyk Familien paa Gilje út 1883 is syn bekendste boek. It is in sterk portret fan in offisiershúshâlding en it bytsje mooglikheden foar de dochters út sokke famyljes om harren maatskiplik te ûntjaan. Guon beskôgje it as it Noarske ekwifalint fan wurk fan Britske skriuwers as Jane Austen en de susters Brontë. Lie skreau ek in stikmannich mearkes. Thomas Mann hie Lie's wurk heech.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Digte 1866
- Den Fremsynte 1870
- Tremasteren Fremtiden 1872
- Fortællinger og Skildringer 1872
- Lodsen og hans Hustru 1874
- Faustina Strozzi 1875
- Thomas Ross 1878
- Adam Schrader 1879
- Rutland 1880
- Grabows Kat 1880
- Gaa paa! 1882
- Livsslaven 1883
- Familjen paa Gilje 1883
- En Malstrøm 1884
- Otte Fortællinger 1885
- Kommandørens Døtre 1886
- Et Samliv 1887
- Maisa Jons 1888
- Digte 1889
- Onde Magter 1890
- Trold I-II 1891-92
- Niobe 1893
- Lystige Koner 1894
- Naar Sol gaar ned 1895
- Dyre Rein 1896
- Lindelin 1897
- Wulffie & Co 1897
- Faste Forland 1899
- Naar Jerntæppet falder 1901
- Ulfvungerne 1903
- Østenfor Sol, vestenfor Maane og bagom Babylons Taarn! 1905
- Eventyr 1908
- Jonas Lie og hans samtidige 1915