Springe nei ynhâld

Jan Deodatus

Ut Wikipedy
Jan Deodatus
keunstner
Jan Deodatus yn syn atelier yn Hoarn
Jan Deodatus yn syn atelier yn Hoarn
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Arien Deodatus
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 juny 1914
berteplak Roan
stoarn 30 novimber 1986
stjerplak Hoarn
wurkpaad
wurksum as keunstskilder,
byldhouwer,
etser

Jan Deodatus (Roan, 17 juny 1914 - Hoarn, 30 novimber 1986) wie in Nederlânsk byldzjend keunstner.

Hy soe earst boer wurde, mar woe net. Krige syn oplieding oan de Akademy Minerva en it Ynstitút foar ambachtskeunst yn Amsterdam. Makke benammen tekeningen, akwarellen, lytsplastyk, bylden en skilderijen, wêrûnder stillibbens. Underwerpen wiene benammen portretten yn realistyske - en fisioenen yn surrealistyske trant. Dochs fielde er him alderearst grafikus. Hy wie lid fan ‘De Grafische’ en de Nederlânske seksje fan ‘Xylon’ en makke talleaze etsen, lito’s, gravueres en in soad gelegenheidsgrafyk.

Syn wurk hat ûnder mear te sjen west yn de Rykskolleksje en yn tentoanstellingen yn binnen- en bûtenlân.

  • J. Schwenke, 1954, 200 Nederlandse grafische kunstenaars, Wereldbibliotheek
  • A. van der Boom, 1950, Hedendaagse prentkunst in Nederland, Wereldbibliotheek
  • P.A. Scheen, 1969, Lexicon Nederlandse Beeldende Kunstenaars 1750-1950

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: