Springe nei ynhâld

Opper-Michigan

Ut Wikipedy
In lânkaart fan Opper-Michigan (yn giel), mei Neder-Michigan yn oranje.

Opper-Michigan (Ingelsk: Upper Michigan), of it Opper-Michigan-skiereilân (Ingelsk: Upper Michigan Peninsula), is in grut skiereilân yn it gebiet fan 'e Grutte Marren, oan 'e Amerikaansk-Kanadeeske grins. It wurdt omjûn troch de Boppemar yn it noarden, de Hueronmar yn it easten en súdeasten, en de Michiganmar yn it suden, en grinzget yn it súdwesten oan 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. Mei Neder-Michigan, dat fierder nei it súdeasten ta ynklamme leit tusken de Michiganmar en de Hueronmar, foarmet Opper-Michigan de Amerikaanske steat Michigan. De beide dielen fan 'e steat steane yn kontakt troch de Mackinac Brêge oer de smelle Strjitte fan Mackinac, dy't de Hueronmar en de Michiganmar mei-inoar ferbynt.

De ûnoffisjele flagge fan Opper-Michigan.

Opper-Michigan beslacht 16.377 km², oftewol 29% fan it lânoerflak fan Michigan, mar hat mar 311.000 ynwenners (teljier 2010), wat delkomt op 3% fan 'e totale befolking fan 'e steat. It steatsbestjoer en frijwol alle steatsynstellings hawwe dan ek har sit yn Neder-Michigan. De Opper-Michiganen, dy't ek wol Yoopers neamd wurde (in ferbastering fan it foarheaksel Upper), besteane foar in grut part út 'e neikommelingen fan Frânsk-Kanadeeske, Finske, Sweedske, Kornyske en Italjaanske ymmigranten, dy't oanlutsen waarden troch it wurk yn 'e izer- en koperminen en de boskbou. It gebiet hat in sterke regionale identiteit, en der bestiet in beweging dy't al tsientallen jierren krewearret om it skiereilân fan 'e Neder-Michigan los te meitsjen sadat it in aparte Amerikaanske steat wurde kin.

De grutste stêden fan Opper-Michigan binne Marquette, dat de ûnoffisjele haadstêd fan it gebiet is, Sault Ste. Marie, Escanaba, Menominee, Houghton en Iron Mountain. Der lizze fyftjin ûnderskate countys yn Opper-Michigan:

It Lake of the Couds, yn westlik Opper-Michigan.

Keweenaw County omfiemet de uterste punt fan it nei it noarden ta, de Boppemar yn, útstykjende Keweenaw-skiereilân, mar ek it eilân Isle Royale, dat tichter by it Kanadeeske as it Amerikaanske fêstelân leit. De countys Gogebic, Ontonagon, Houghton, Keweenaw, Baraga en Marquette, dy't mei-inoar it noardwestlike diel fan Opper-Michigan foarmje, binne de iennichste countys yn 'e Feriene Steaten dêr't in relative mearderheid fan 'e befolking Finske foarâlden hat.

Yn Opper-Michigan lizze fierders seis ûnderskate Yndianereservaten:

reservaat stamme
it Bay Mills Yndianereservaat de Bay Mills Yndianemienskip fan de Sault Ste. Marie Troep fan Tsjippewa Yndianen
it Hannahville Yndianereservaat de Hannahville Yndianemienskip
it Lac Vieux Desert Yndianereservaat de Lac Vieux Desert Troep fan Tsjippewa Yndianen fan de Boppemar
it L'Anse Yndianereservaat de Keweenaw Bay Yndianemienskip fan de L'Anse en Ontonagon Troepen fan Tsjippewa Yndianen
it Ontonagon Yndianereservaat
it Sault Ste. Marie Yndianereservaat de Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan

It Opper-Michigan-skiereilân is in relatyf flak gebiet dat foar in grut diel oerdutsen is mei nullewâlden en dat trochkrúst wurdt troch rivieren en beken. It heechste punt fan Opper-Michigan is de Mount Arvon, mei in hichte fan 603 m. Tusken 1890 en 1920, doe't der rûnom minen wiene en it wurk (letterlik) foar it opskeppen lei, hie it gebiet syn "gouden iuw". Sûnt binne de measte minen lykwols útdien rekke. Tsjintwurdich draait de regionale ekonomy fierhinne op 'e boskbou en it toerisme. It lân is net botte gaadlik foar lânbou, fanwegen de lange en strange winters.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.